Parkeargaraazje
KAREN BIES –
As jo ris ûnbehindere seks ha wolle yn in kelder, gean dan nei de nije parkeargaraazje Riedhúsplein yn Drachten. Dêr hat men alle romte en rêst dy’t men mar nedich hat, want it is dêr leech en fredich. It iennichste spannende wat dêr gebeurt is dat der alle oeren in klant fan Albert Heijn mei in karke by de roltreppen delkomt. Of dat de parkearwacht ûnferwachts út syn hokje stapt, om bygelyks wat fertochts op ien fan syn kamerabylden te kontrolearjen. Mar de man is yn de ôfrûne twa moanne dat de garaazje no iepen is al fiif kilo groeid, sa’n bytsje komt er yn beweging.
Ik kin hast net kieze hokker parkearplak ik nimme sil, as der safolle fakken leech binne. Earst ryd ik yn it wylde wei dwersoer de glêde flier en wite strepen en pylken, haw ik keuzestress fan de lúkse fan hûnderten mooglikheden. Troch dy romte om my hinne haw ik muoite om my goed te oriïntearjen – sil ik rige B yn, of dochs trochride nei C, sil ik njonken de peal parkeare, nee wêrom soe ik dat risiko nimme, nei foaren, nee rjochts, nee dochs mar links – en om myn autootsje kreas yn in fak del te setten. Mar troch even twa kear piipjend foar- en achterút te stjoeren kom ik úteinlik ridlik binnen de lyntsjes te stean. Nei dizze ûnhandige meneuvels sjoch ik om my hinne, mar gelokkich, der is yn de fierste fierte gjin minsk. Fierderop yn myn rychje stean twa auto’s stiif njonken elkoar. Sa bernich, mei al dy romte. Krekt twa froulju dy’t yn it kafee altyd tegearre nei de WC moatte.
Mei de roltrep nei boppen om op it nije Riedhúsplein de parkeargaraazje út te stappen. Ik doch de jas ticht. It is kâld en keal. Twa beammen op in leech terras. In grientewinkel dêr’t giele meloenen lizze te bibberjen op de stoepe. Grutte reklameposters fan de Mediamarkt dy’t iepen wol op keapsnein; dan kenne se Drachten noch net. Ik rin in siichgat troch om by de winkels en it kariljon te kommen. Dêr’t grutte masines djipper en djipper grave, sykjend nei in histoarysk sintrum. Wat wol ik graach dat it moai en gesellich wurdt yn Drachten, dêr haw ik echt wol in pear euro parkearjild foar oer. Dy waarmte fyn ik no allinnich yn de Hema, dêr’t elkenien ôfpraat tusken 9 en 10, by it moarnsbrochje foar in euro. En miskien aanst yn de garaazje, as de parkearwachter en ik mekoar yn it foarbygean talaitsje.
Moai ferhaaltsje Karen. Unbehindere seks yn kombinaasje mei seks. Tsja.