Falske idylle

Publisearre op 18 augustus 2014

Achte hear Hiemstra,

Wylst de skûtsjes in machtige slach oer stjoerboard makken, de keatsers alles oan de hang hienen en de ljeppers in geweldige útsprong sjen lieten, draaide de wrâld aldergelokst gewoan troch. Mei bommen, raketten, kalshnikovs, terreur, synisme en sadisme.

En lies ik it yndrukwekkendste boek sûnt lang. ‘Terugkeer Ongewenst’ van Charles Lewinsky. Basearre op it wiere libben fan de Joadsk-Dútske akteur en filmregisseur Kurt Gerron, dy’t yn 1944 fan syn kampbaas yn Theresienstadt de opdracht krige om in dokumentêrefilm te meitsjen. Om sjen te litten hoe goed it libben wie yn dizze stêd, dy’t de führer sels oan de Joaden skonken hie. Gerron koe net wegerje en slagge der wrampels yn om in film te meitsjen dy’t fan it grouwelkamp in idylle makket. Koart nei de opnames waarden fierhinne alle akteurs en figuranten troch de nazi’s fergasse. De regisseur ynbegrepen.

Jim meitsje jim sterk foar ús kultuer en taal, duorsumens, ûnderwiis en leefberens, sjoch ik. Poe hee. Mar wat hat in Bond-film dêrmei te krijen?

Ik siet mei it boek op ‘e skurte, harke nei Simmer yn Fryslân, wreed ûnderbrutsen troch de nijsberjochten út de wrâld, en focht tsjin de ferliking dy’t ik net meitsje mei. Eltse oerienkomst mei de Twadde Wrâldoarloch is ommers far beyond, mar ik kaam net los fan it byld fan in Frysk simmergetto yn de wrâld fan terreur, synisme en sadisme.

En ik tocht oan jo.

Mei dat belachlike film-idee fan jim. Ik hie noch eefkes hope dat it in domme losse flodder wie, in publisitêre flauwichheid yn de kategorie ‘le plus grand concombre’. Net op reagearje, deaswije. Mar doe seach ik op jim eigen website hoe grutsk as jim op dit plan binne, dus jim lykje it sels serieus te nimmen. Dan moatte wy der ek mar lyksa op reagearje.

James Bond yn Fryslân. Sadat de hiele wrâld sjen kin hoe’t it bêste lân fan d’ierde derhinne leit. Hoe’t ús provinsje ôfkadere wurdt mei in pols, in ûnderste tonne en in kwealine. Griene greiden, ljippen en ljurken, swartbûnt fee, klompen en houtsjes. Want 007’s fernimstigens komt ommers it bêste ta syn rjocht yn in dekôr fan ûnskuld en naïviteit.

En dêr soenen we miljoenen foar útlûke moatte, om dy falske idylle oan de wrâld te ferkeapjen. No is it flau om fuort te seuren oer jild, en allike flau om te ferwizen nei de gouden marketingbergen dy’t ús by de tv-searje Moordvrouw tasein waarden. Mar wat smyt it ferkeapjen fan sa’n mearke no krekt op, as it neat mei de realiteit te meitsjen hat? Dan wurdt in yllúsje ferkocht om in ûnbekende klant in hoartsje te gerieven. Lânskipsprostitúsje.

Ik sneup eefkes fierder op jim website. Jim meitsje jim sterk foar ús kultuer en taal, duorsumens, ûnderwiis en leefberens, sjoch ik. Poe hee. Mar wat hat in Bond-film dêrmei te krijen? Soargje leaver dat wittenskippers en kreativelingen duorsum yn beweging bliuwe kinne, sadat dy kultuer him ûntwikkelje kin. Sadat we net stykjen bliuwe yn dy folkloristyske sompe, mar écht wat te bieden hawwe oan de wrâld. Nije kennis, nije ferhalen, nije ideeën, nij teater, nije films, nije muzyk. Der gebeurt fan alles op dat mêd yn ús provinsje, de driuw om te ûntwikkeljen is grut, en dêr in goed klimaat foar skeppe is foar in politike party folle wichtiger en duorsumer as wat publisitêre huorkerij. Liket my.

Ik neam ris wat. Nije wike ferskynt der wer in nij Frysk boek op de merk. Fan in skriuwer dy’t aktyf op syk is nei nije paden om boeken oan de man te bringen, fia de stifting Tsjil. Dy’t op syn weblog ek siket om it ferbân tusken idylle en realiteit, en dy’t syn nijste boek yn elts gefal in titel jout dy’t ferwiist nei the real thang: ‘Bedoarne Hannel’.

Oft it sa yndrukwekkend wurdt as Lewinsky en sa spektakulêr as Bond, wit ik net – it boek moat ommers noch útkomme. Mar it boeit my op foarhân yn elts gefal al hûndert kear mear as dy falske ydille fan jim.

 

Bart Kingma

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]