Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris –by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke- ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, […]

Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema winne FeRstival

HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de […]

Dát moatte wy mei it Frysk yn 2020

WIM DE BOER –  Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, […]

Twatalich ûnderwiis ûndersykje is belangryk

TSJOMME DIJKSTRA – Op de Ryksuniversiteit yn Grins docht taalwittenskipper Kees de Bot mei kollega’s ûndersyk nei meartalich ûnderwiis. De Bot sjocht benammen nei it Ingelsk as twadde taal yn it fuortset ûnderwiis. Dúdlik is wol dat de útkomsten fan syn ûndersyk net sûnder mear jilde foar it Frysk as twadde ûnderwiistaal. Elke situaasje is […]

Frysk bliuwt hjoed mar ris yn de kast

PIER BERGSMA – Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen. Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch […]

Multilingualism is hot, why?

Meartalichheid is feitliks gjin keunst oan. Jo krije it mei en profitearje derfan. Dat hat net altyd sa west. Feitliks fiere talen altyd oarloch mei inoar, foaral as de iene dominearjen giet en de oare sichtber en hearber terrein ferliest. Krekt dan komme minsken – idealisten, perverselingen – yn aksje. En wittenskippers fansels. Wat hâldt […]

De stúdzje Frysk, in jier letter

NIENKE JET DE VRIES – Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk […]

Fiif fragen oer Mercator

COR VAN DER MEER – Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn […]

Wêrom moatte der toetsen komme foar it Frysk?

REITZE J. JONKMAN – Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit? Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, […]

Trije talen op ‘e pabo

 HENK WOLF – Op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor hingje de muorren fan de lokalen fol mei papierkes dêr’t wurden op steane. ‘Der is dêr wier gjin rút of muorre dêr’t neat op hinget’, seit Ewoud van der Weide. ‘Alles wurdt by alle tema’s ek wer fernijd. Wy fregen ús wol ôf […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.