Ids Willemsma
MARITA DE JONG – (foto: Linus Harms) Ids Willemsma (1949) wennet en wurket yn Easterwierrum. De keunstner sit bûten foar syn grutte loads oan de Doarpsstrjitte. Syn twa hûnen, Aaltsje en Lokke, komme my temjitte. Hy lit my fuortendaliks it Fryske jacht sjen dat er hielendal renovearre hat. En de tomate- en koerzjetteplantsjes, dy’t straks […]
Lânboumuseum Earnewâld; Abe Gerlsma, Keunstner/útfiner
Thús haw ik in boek dat hjit ‘Hoe word ik gelukkig’, skreaun troch de ferneamde berneboekeskriuwer Guus Kuijer. Wat moatst dwaan om gelokkich te wurden? Loslitte, ûntspanne, dysels wêze, sizze in soad terapeuten. Nee, seit Kuijer, dy earne yn fêstbite, dy ynspanne, en net allinnich mar dyn eigen keale skriele sels wêze, mar dysels ferrykje […]
It dûnsjende observearjen fan Dinie Boogaart
JOSSE DE HAAN – It is krekt oft se wat fan jin ôfskrabet – mei elke streek fan it pinsiel – en dat stikje fan my op it doek set. Streepke nei streepke, blokje nei blokje, kleurke nei kleurke, it yninoar past en oerelkoar hinne skoot. Soms trochinoar mingt oant de krekte ljochtynfal de kleur […]
It aai as it byld en teken fan de ûnútspreklike tiid
EELTSJE HETTINGA – As der ien ding is dat net yn it tinken fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot (57) past, dan is dat it sizzen: in aai is in aai is in aai. Yn syn assemblaazjes, romtlike konstruksjes, opboud út alderhande soarten fan leechsûge aaien – fan hinne- en kwartelaaien oant en mei […]
Tienduizend keer geluk
In soad Sineesk porslein is dekorearre mei gelokssymboalen. Under de titel ‘Tienduizend keer geluk’ eksposearret Museum Princessehof yn Ljouwert gelok en foarspoed op Sineesk diggelguod. De Sineeske tinkwize is ryk oan tekens dy’t gelok bringe, lykas kraanfûgels en Yin- en Yang-tekens. Der besteane symboalen foar algemiene winsken, mar ek foar rykdom, in lang libben, in […]
Johan Haanstra
Dizze skilderijen binne makke troch Johan Haanstra (1914 – 1994). It binne ympresjes fan Fryske lânskippen. Binne dy saneamde Fryske hege loften der ek? Snúf marris, fernimst it? Wy steane net mei beide fuotten op ’e grûn, wy sweevje der heech boppe. Haanstra skildere de wrydske Fryske loften net, mar hy skildere ympresjes fan Fryslân […]
Rinsema-jier yn Drachten
Begjin 20e ieu wiene de bruorren Thijs en Evert Rinsema oan it wurk yn harren skuonmakkerij yn Drachten, mar harren gedachten dwaalden regelmjittich ôf nei oare saken as skuon: yn harren hollen groeiden bylden en gedichten! De beide Drachtsters wiene yn kontakt kaam mei Theo van Doesburg en ûnder ynfloed fan dy man – oprjochter […]
Verstilde beelden
Under de titel ‘Verstilde beelden’ eksposearret galery Terbeek wurk fan Heleen Vriesendorp en Jozephine Wortelboer. By in duo-eksposysje is it in keunst om twa stilen te finen dy’t goed by inoar passe. By ‘Verstilde beelden’ is dat it gefal. De brûnzen fûgels fan Wortelboer soene sa opfleane kinne om te ferdwinen yn de wiidse lânskippen […]
Euf Lindeboom: schilderijen en mobiele beelden
Euf Lindeboom: schilderijen, grafiek en mobiele beelden, solo expositie van 5 februari t/m 13 maart 2011 Opening op zondag 6 februari 16.00 uur door Saskia Bak, algemeen directeur Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof te Leeuwarden. Architectuur is het onderwerp in vele werken van Euf Lindeboom. Ze maakt schilderijen van huizen, boerderijen, schuren en strandhuisjes. Meestal […]