Fuort klear 1913 – 2013

Publisearre op 29 augustus 2013

WILLEM WINTERS – 

Hûnderd jier tebek waard de keunstwrâld op ’e kop set troch in Frânske keunstner dy’t net langer ‘foar it each’ skilderje woe. Yn de skilderkeunst wiene al te lang en tefolle moaie plaatsjes makke om it each te plezierjen. Dat wie it revolúsjonêre idee fan Marcel Duchamp. Hy wie de (út)finer fan de ready made. Hy pakte it keukenkrukje, boarde dêr in gat yn en sette der in fytsfoarfoarke mei tsjil yn. Dat wie grutte keunst, it wie oant dy tiid al nuodlik in definysje fan keunst te jaan, no nei it krukje/fytswiel smoarde elk besykjen yn letterbrij.

Dat waard noch slimmer doe’t er yn 1917 foar in útstalling in sinjearde pisbak ynlevere. Dy waard troch de autoriteiten nei bûten smiten. En wat hast nea sein wurdt as it oer de pisbak giet – ‘fontein’, neamde Duchamp it ding – is dat er it idee wierskynlik oanlevere krige troch in freondinne, de Barones Elisa von Freytag – Loringhoven. Siet der oan Duchamp net folle frouljusfleis, de Baronesse sleepte eltse keardel yn har bêd wylst se oerdeis yn de strjitten fan New York ‘performde’, ekstravagant klaaid yn tomatepuree-blikjes. (Irene Gammel skreau in skitterende biografy oer de Barones.)

Nei dizze en oare strapatsen, wie de wrâld fan ‘e keunst foargoed yn ûnstjoer. Wat der noch oer wie fan it âlde tinken, waard troch dada de kop yn slein. Dada kaam ta in ein yn 1923 nei’t Kurt Schwitters yn Dr888 blafte as in hûn en it alfabet fan achteren nei foaren op sei. Dada dea? Ja, mar de geast libbet noch, byglyks yn guon skilders en dichters hjir yn Fryslân dy’t sûnder dada nea ta harren absurdistyske, dwerse, sljochtweihinne, ensafh, ensafh, keunstwurken kaam wiene.

Der soe in provinsjale priis beskikber steld wurde moatte: in Brabantia keukenkrukje mei dêrop in wiel fan in elektrofyts foar de keunstner dy’t – op hokker mêd dan ek – bysûndere dadaistyske-prestaasjes levere hat.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels