Keunst yn ’e iepenbiere romte

Publisearre op 10 september 2013

ANNE FEDDEMA – 

Ha, no’t ‘WY’ mei syn allen Kulturele Haadstêd fan Europa binne, kin alles fansels. Ljouwert , Fryslân… de wrâld… GRUT! net lyts…mar wát graach der trochhinne… kuierjend of op ‘e fyts! Tja, de dichter yn my moatte jimme mar tinke. Fan’t simmer is der in moai, kreas foarmjûn boekje (BW&H ûntwerpers) ferskynd, in útjefte fan’e Gemeente Ljouwert en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

In boekje oer ‘Byldzjende keunst yn ‘e iepenbiere romte ‘, sa as dat och sa moai formulearre is, men bedoelt hjir oer it generaal keunst mei, dy’t jo as gewoan minske, yn it deistich libben op ferskate, sa no en dan ûnferwachte plakken tsjinkomme kinne, sawol yn ‘e iepen loft as yn (gauris) oerheidsgebouwen. KEUNST! Samar fergees, foar it folk… foar ús… de Mienskip! Dat is geweldich! Of planút ferskriklik. De minsken hâlde derfan, se begripe of wurdearje it of se soenen it leafst de sloophammer of swierdere middels ynsette wolle om soks sa gau as mooglik út dy ‘iepenbiere romte’ fuort te krijen.

By it boekje (teksten Rienk Terpstra en Gert Elzinga, ûnder redaksje fan dizze beide mannen en Lisa van Hijum, Geart de Vries en Klaas Zandberg) sitte fjouwer routekaarten, dêrfan binne trije kaarten (B, C en D) bedoeld as fytskaarten, de gearstallers geane der foar it gemak mar fanút dat jo allinne mar kuierje yn ‘e binnenstêd, mar as je tiid hawwe en niget oan it kuierjen, kinne je fansels alles berinne. It measte fan de keunst yn en om Ljouwert haw ik yn ‘e rin fan’e jierren wolris sjoen, mar net alles. Guon keunstwurken fan ‘e lêste jierren bygelyks net of net goed genôch. Wat dat oanbelanget is dit boekje in oanwinst.

Route A omfiemet bylden en monuminten binnenstêd, grins Prinsetún. Route B, Ljouwert West en Noard, grins: Spoardyk Ljouwert – Harns en Dokkumer Ie. Route C, Ljouwert East en Kninehokbuorren, grins: Spoardyk Ljouwert – Grins en de Grinzerstrjitwei. Route D, Ljouwert Súd en de doarpen Goutum en Himpens-Tearns, grins: Spoardyk Ljouwert – Grins en Ljouwert – Hearrenfean.

It is in útjefte dêr’t je prima mei út ‘e fuotten of tsjillen kinne, mar ik moat der dochs krityk op leverje. Sa fyn ik dat de gearstallers (ek al is dêr in apart boekje foar) de poëzijstien-route eefkes opnimme moatten hienen, dat is dochs ek keunst yn de iepenbiere romte no? It wie neffens my net in soad wurk west. Mar tige slim fyn ik it dat it ymposante monumint foar militêren dy’t sneuvele binne by de ‘politionele acties’ yn Yndonesië, yn it Rengerspark, net neamd wurdt yn it boekje (wol de slachtoffers fallen yn ‘e Jappekampen). It is ek net te finen op de kaart, wylst it amper fiif meter fan de twa bylden ‘Us hounen ‘ (nr. 19 kaart B leit)… Wêrom trouwens dy âlde stavering? Op ien fan ‘e bylden sels stiet gewoan hûnen… Jo freegje josels ôf oft men as redaksje sels wol eefkes troch de ‘iepenbiere romte’ beweechd hat. Is dit polityk kleure? Ik soe it net witte, it is in enoarme flater yn elts gefal.

En dan is der fansels (kin it boekje neat oan dwaan, gemeente wol) de kwestje fan it ûnderhâld, in soad bylden sjogge der net út, net skjinmakke of wat dan ek, respekt foar iepenbiere keunst is net allinne by guon minsken mar ek by oerheden sa no en dan fier fuort. Mar om foar it earst yn ‘e kunde te kommen mei keunst yn en om Ljouwert kin it (ik sis it nochris: kreaze) boekje wol in nijsgjirrige boarne wêze… Ik soe sizze: der op út… te foet of op ‘e fyts… Dat is net sa’n keunst hear.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels