Ek herhaal jou

ELSKE SCHOTANUS – 

Under de reek fan It Hearrenfean, yn it Terbantster tsjerkje – eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken – waard 24 juny de ôftraap jûn foar de eksposysje ‘Ek herhaal jou’, alle wykeinen oant en mei 14 septimber te sjen. Tolve keunstners ha har ynspirearje litten troch de poëzy fan de Súd-Afrikaanske dichteresse Ingrid Jonker, ‘Ingrid Jonker verbeel’ en op de middei fan de iepening wie der in konsert.

Foarich jier fungearre de tsjerke as ien fan de satelytlokaasjes foar de fotomanifestaasje Noorderlicht. Om’t it om in monumint giet mei der net spikere en boarre wurde, dat mei lymtangen waarden houten stellaazjes befestige oan tsjerkebanken en radiatoaren. De stellaazjes bleaunen en doe’t de pleatslike kommisje in konsert plende fan de Súd-Afrikaanske singer-songwriter Chris Chameleon, wie it idee om in eksposysje op priemmen te setten mei Súd-Afrika as tema. ‘Wat moeten mijn Nederlandse, Friese kunstenaars daar nu mee?’ wie yn earste ynstânsje Gea Broers (Artemisia in Kunstzaken) har reaksje, mar doe’t sy ûntduts dat Chameleon teksten fan Ingrid Jonker song, wie it idee foar it tema fan de útstalling berne.

Al seit it neat oer de kwaliteit fan de bydragen, de kar foar in tema makket net by definysje in moaie eksposysje. Neist de keapsjoggens fan de ôfsûnderlike wurken, mei prizen fariearjend 400 en 5400 euro, soe in útstalling ek in ‘gehiel’ foarmje meie. Fergelykje dizze útstalling ris mei dy dy’t op it stuit yn it Belvédère Museum rint. Dêr hinget Willem van Althuis mei sawol syn figurative wurk as de skilderijen dy’t inkeld yn elkoar ferrinnende kleuren blau binne en dêrmei foarmet dy útstalling in ienheid. De makke fan in groepstentoanstelling sa’t dy yn Terbant te sjen is, is dat it, nettsjinsteande de wurken dy’t boppe de tsjerkebanken hingje allegear itselde formaat ha, wat willekeurichs hat. It bygelyks kleurich figurative ‘By die goodwood-tentoonstelling’ fan Klaas W. Buning yn ien romte mei, bygelyks de teare blauwite doeken fan Meint van der Velde, dat past net.

In oare kear yn it tsjerkje it wurk fan ien keunstner? Want dat it in sfearfolle lokaasje is foar kulturele aktiviteiten, dêr is gjin mis op.

Meint van der Velde, fertsjintwurdige mei ‘die son sal ons bedek’ en ‘herfsoggen’ koe de fersen net doe’t er it fersyk krige om mei te dwaan. Hy túgde de bondel oan en mei de poëzy, dy’t him fanút syn aard wei rekke, yn gedachten sette er oan it wurk. De biografy fan Ingrid Jonker, dochter fan Abraham Jonker, as politikus foar de Nasionale Party meiferantwurdlik foar de pasjeswetten, woe Van der Velde him op dat momint net yn ferdjipje, al kaam dat letter al.

It wurk is autonoom en wa’t de skilderijen sjocht, sil, sûnder de titel te witten, sûnder it ferhaal derachter te kenen, net daliks oan de fersen tinke. Hoe beladen dy ek binne, it wurk, sa naam de keunstner him foar, moast ‘luchtich’ bliuwe.

Chris Chameleon, dy’t earder de frontman fan in punkband wie, kaam, doe’t syn band yn 2004 opheft waard, yn oanrekking mei de gedichten fan Ingrid Jonker en wie dêr sa fan ûnder de yndruk dat er dy toansette en op CD útbrocht. ‘Sy het die Afrikaans vir my ontsluit, ek voel my nou tuis in my eie taal.’ Mei de gitaar, steande op de enoarme en rynsk mei wapens en ingelen en vanitassymboalyk fersierde santjinde ieuwske sark fan de grytman fan Aengwirden, fertelde er by de skilderijen oer syn relaasje mei it dichtwurk en keas er dêr in passend fers by. Dy kar hoegde net te striken mei it byldzjende wurk. Sa wie it by Meint van der Velde ‘Ik zie er een pad in’, mar it wie net ‘Hersoggen’ dat er brocht …

Yn hoefier at der in ferbân is tusken de poëzy en de útstalling is sawiesa de fraach. In skilderij, fan Buning, mei dan wol ‘Puberteit’ hite – Die kind in my het stil gesterf / verwaarloos, blind en onbederf (…) – in neaken famke sec hat mei de trystens yn it gedicht net folle te krijen. En it gefoel fan ferlittenens dat yn ‘By die Goodwood-tentoonstelling’ sit – (…) waarom hul daagliks, vrij nog, gaan / en nie my stom kreet kan verstaan (…) – is net werom te finen yn de ferbylding dy’t útrûn is op in fleurich plaatsje by in praatsje.

Oars as in tal oare eksposanten joech Sonja Bergerjon dy’t in searje lytsere wurken ynbrocht, in fiiflûk, dy gjin titel. Ingrid Jonker har poëzy koe sy al, mar sa’t sy fertelt noait de ferfilming fan in boek sjen te wollen en tidens it konsert no en dan de hannen foar de earen hold om mar net te hearren hokker gedicht Chris Chameleon brocht, sa woe en koe sy de relaasje tusken it fiiflûk en it fers ‘Ek herhaal jou’ net ek nochris eksplisyt meitsje troch de plattens fan in titel. Toch binne it eleminten út dat gedicht – minsken, krusen, in hân – dy’t yn har wurken ‘werhelle’ wurde en hoewol dy, op ien nei, licht fan kleur binne, bringe de fiif de poëzy tichterby as bygelyks de romantyske foto op doek fan de filmstjerachtige beauty dy’t Ingrid Jonker ék wie.

 

Ek herhaal jou

Ek herhaal jou

sonder begin of einde

herhaal ek jou liggaam

Die dag het ’n smal skadu

en die nag geel kruise

die landskap is sonder aansien

en die mense ’n ry kerse

terwyl ek jou herhaal

met my borste

wat die holtes van jou hand namaak

 

Ien gedicht, it gedicht dat Nelson Mandela yn ’94 by de iepening fan it earste demokratysk keazen parlemint foardroech en dat it lytse oeuvre fan de dichteres dy’t, noch mar krekt 31, yn ‘65 de see ynrûn rûnom yn de wrâld bekend makke, weage gjinien fan de keunstners him oan. Dat is ‘Dy kind wat doodgeskiet is deur soldate by Nyanga’. Chris Chameleon dy’t mei syn in berik fan fjouwer oktaven, tusken krachtich manlik en ingelachtich froulik – ‘in mijn vorige leven was ik popzangeres’ – en syn kabaretteske humor de iepeningsmiddei ta in bysûnder barren makke, ferwurde it sa: ‘Ik heb het nooit kunnen toonzetten … het is heilige grond …’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.