fotografy: Ad van Denderen

It Fries Museum in lêsmuseum?

GERBEN DE VRIES –

De lêste kear dat ik nei it Fries Museum gie, wie ik in jier as tolve, trettjin. Der is my fan dat tripke nei Ljouwert net safolle bybleaun, útsein it Swurd fan Grutte Pier. Hy hjitte oars doe noch Greate Pier. Ik bin nea wer yn it gebou oan de Twabaksmerk west. Wêrom eins net? In goede fraach. Yn alle gefallen wit ik noch goed dat yn de tiid dat ik skiednis yn Grins studearre, der gjin inkelde stúdzjegenoat wie dy’t wolris nei it Fries Museum, it Groninger Museum of it Drents Museum gie. Miskien hiene wy it idee dat wa’t der ienris west hie, der net opnij nei ta hoechde. Ik herinnerje my ek dat dizze musea doe in grut imagoprobleem hiene.

De  provinsjehaadstêden hawwe no alle trije in nij museum krigen. Dy yn Ljouwert waard op 13 septimber l.l. iepene troch keninginne Maxima. It wie foar my in goede reden om werris nei Ljouwert ôf te reizgjen. Alle kommoasje der om hinne wie net wichtich mear, it gong der no om wat der feitlik te sjen wie. It gebou fan arsjitekt Hubert-Jan Henket is teminsten grut genôch om in soad objekten en ynstallaasjes út te stallen.

Dochs foel de earste kennismakking net ta. Dat lei him benammen oan it idee achter de tentoanstelling ‘Ferhaal fan Fryslân’ op de foarste ferdjipping. De betinkers fan dizze opstelling lykje net goed it ferskil te witten tusken skiednis as in yntellektueel discours en in museum as in fisueel teater foar objekten en ynstallaasjes. Wat wy no sjogge is in soartemint Fryslân mei hûndert Januskoppen. De objekten steane, lizze of hingje hiel ticht by mekoar, as yn in rariteitekabinet of de winkel fan Malle Pietje. Der stiet gjin tekst en útlis by. Ynstee dêrfan steane der nûmers by, dy’t ferwize nei teksten yn it Ferhaleboek. Ferhaal fan Fryslân dat de besiker rieplachtsje kin.

Yn dit ferhaleboek stiet sa ûngefear yn it koart de Fryske kanon, dat it is wol dúdlik wêr’t direktrise Saskia Bak har ynspiraasje opdien hat. It probleem is lykwols dat wy op dizze wize de hiele tiid sieten te lêzen yn it nije Fries Museum. Neam my âldmoadrich of nayf, mar ik haw dochs noch altiten it idee dat je yn it foarste plak nei in museum geane om wat te sjen. No kin de tûke lêzer fan dit ferhaal dêr tsjin yn bringe dat wy de dingen ek gewoan besjen koene, sûnder byskrifteboek. Dat is wier, mar dan komme der hieltyd fragen op. Wat sjoch ik hjir krekt, wa hat dat skilderij makke, út hokker perioade komt it? Boppedat stiet der fierstentefolle byinoar wat hielendal gjin relaasje mei elkoar hat. Op dy wize ûntstiet der hielendal gjin ferhalebondel of ‘kaleidoskoop’, sa’t de makkers dat graach hawwe woene, mar in rige losse foarwerpen sûnder reade tried. Needgjalpen hast.

Keningen en Vikingen, ierdewurk en tsiis, Romeinen en Drinten, kleasters en terpen, kij en stêden, boeren en skatgravers, Grutte Pier en Saskia van Uylenburgh, keatsers en reedriders. In losse greep, mar der wurdt net besocht mei al dizze ferskate objekten in rinnend ferhaal te fertellen. Ek de fiif tema’s dy’t as paraplutermen oer de hast hûndert objekten hingje, liede de besiker net nei in gearhingjend ferhaal oer Fryslân en/of de Friezen. Miskien hat der in hiele grutte kommisje dwaande west, dy’t der by eintsjebeslút mar foar keas om alle oandroegen ferhalen te selektearjen?

Dêrnei hawwe wy de rest fan it museum besjoen. De oare útstallingen bewize dat it museum wier wol fernijende museale dingen (De Dijken, Oud Geld) of moaie persoanlike ferhalen (Friese Topstukken, Fries Verzetsmuseum) sjen litte kin, dy’t wól goed wurkje. Benammen dizze dielen binne ek nijsgjirrich foar net-Friezen, dat is mei it ‘Ferhaal fan Fryslân’ folle minder it gefal. Dat ropt fansels daalk de fraach op wat it nije museum no eins wêze moat en foar wa’t it bedoeld is. Aldheidskeamer of kultuerpaleis? It is no noch in bytsje in mjuks fan beide, sûnder dat it museum echt kiest. Foar Friezen en, at it min waar is, foar toeristen?

Op de tredde ferdjipping seach ik op de keunstôfdieling wat der neffens my miste by it ‘Ferhaal fan Fryslân’: it lânskip! Dat is yn al syn ferskaat allesbepalend, krekt foar in provinsje as Fryslân. De lytse doarpen en stêden en de romte dêrtusken, de see en it sân, de greiden en de marren. Dat is de basis, de ûnderbou fan elke queeste nei it eigene. Dan is ek te merken dat de eilannen en de Stellingwerven der wat bekaaid útkomme. De keunstôfdieling lit ek sjen dat it Fries Museum op dit mêd de slach mei Museum Belvédère oan gean moat, as konkurrinten, kollega’s of kon-kollega’s.

Op de tredde ferdjipping betocht ik ynienen dat ik op de earste it Swurd fan Grutte Pier mist hie. Ik koe my net yntinke dat dy no al yn brûklien yn in oar museum stie. Werom op de earste ferdjipping wie it yndied even sykjen, mei help fan it Ferhaleboek! It swurd hinget wat achterôf, as heart it der eins hielendal net by. Dat is tekenjend: de objekten yn dizze seal ferdwine achter mekoar, wurde hast ûnsichtber. De minsken fan it Fries Museum wolle it hiele ferhaal fertelle, mei alle details, sydsprongen en bysinnen. Dat is tefolle fan it goede. Ik wol yn it Fries Museum moaie dingen sjen. De skiednis fan Fryslân kin ik thús wol neilêze yn, bygelyks, Geschiedenis van Friesland 1750-1995, Frieslands verleden: de Friezen en hun geschiedenis in vijftig verhalen of De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters. Of by need yn it Ferhaleboek fansels.

 

Comments
Ien reaksje oan “It Fries Museum in lêsmuseum?”
  1. Bouke Slofstra schreef:

    Witsingen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.