Ivgi en Greben bringe dûnskultuer nei Fryslân

Publisearre op 28 september 2021

HENK TE BIESEBEEK –

Ljouwert wurdt binnen fjouwer jier in ynternasjonaal sintrum foar de moderne dûns. Net allinnich út eigen lân, mar út de hiele wrâld sil men nei de Fryske haadstêd komme om hjir de nijste produksjes te sjen fan dûnsteater. Dy garânsje jouwe de koreografen Uri Ivgi en Johan Greben mei oertsjûging. Foar 1,2 miljoen euro Frysk subsydzjejild. Dat dan wol wer. ‘Wij zijn hier niet gekomen voor het geld. Wij komen juist iets brengen waarmee we de Friese cultuur willen verrijken’, seit Greben sêft mar resolút. ‘Leeuwarden krijgt in De Blokhuispoort een danscentrum van hoog niveau, dat Fryslân niet alleen internationaal op de kaart zal zetten, maar ook een bron kan zijn voor nieuw Fries danstalent.’

As dûnsnomaden reizigen Ivgi en Greben as koreografenpear mei dyselde namme, achttjin jier lang oer de wrâld. Mei grutte suksessen yn Ruslân, Korea, Polen, Sweden, Spanje en wit wêr. Om yn 2020 dan úteinlik har thúsbasis te fêstigjen yn Fryslân mei in eigen selskip en in eigen studio. Harren ideaal om hjir in dûnskultuer fan heech nivo te ûntwikkeljen, waard entosjast omearme troch de adfyskommisje Podiumkeunst fan de provinsje Fryslân. Beide manlju krije dêrfoar alle jierren 300.000 euro ta har beskikking oant en mei 2024. Dêrfoar wurdt op dit stuit ûnder oaren in eigen dûnsteater realisearre yn De Blokhuspoarte yn Ljouwert. Yn de âld-basketballseal foar de finzenen eartiids. Mei in sweefjende flier. In pittige ynfestearing. De koreografen sille dan ek op syk moatte nei mear jildsjitters as de provinsje allinnich om har ideaal wier te meitsjen.

Ein septimber moat dan de earste foarstelling yn première gean. Acht dûnsers stean al klear yn de kûlissen. Utselekteard nei in audysje wêrfoar har 500 kandidaten oanmeld hiene. Ut de hiele wrâld wei. Mar troch Corona bleaune allinnich de dûnsers út Europa oer. Ûnder wa ien talint út Fryslân, Manon Adrianow út Snits. De ploech is kompleet. ‘A dream really comes true’, seit Uri Igvi. ‘Wow, it’s so good to be here.’

Foar Uri Igvi (55) , berne yn Israël, is alles yn de Fryske haadstêd ien grut nij avontoer. Johan Greben (56) kin de stêd better. Hy is nammentlik berne yn Ljouwert. Dêr leit faaks ek syn driuwfar om krekt hjir in sintrum foar moderne dûns op te setten. As jonkje hat hy it sûnder dwaan moatten. ‘Ik wilde als jongetje van zeven alleen maar dansen. Dan deed ik een soort capeje om en fladderde de hele dag door het huis. Ik wilde danser worden, maar er was niets of niemand die mij daarin kon begeleiden.’ Tessa Wijdeveld koe dat úteinlik wol. De balletdosinte rûn foarop mei in eigen dûnsstudio yn Ljouwert. Sy herkende daliks it talint fan Johan. ‘Tessa heeft mij gekneed en op mijn 17e in haar auto persoonlijk naar Amsterdam gereden om auditie te kunnen doen bij twee dansacademies. Voor het geval de één …. Ik werd op beide toegelaten.’ It begjin fan in moaie karrière, Earst as dûnser by ûnder oaren it Nationaal Ballet. Letter as koreograaf waard hy frege troch kollega Uri Igvi foar in produksje fan Carmen yn Hongarije. De gearwurking befoel sa goed dat ek prifee it duo as keppel fierder woe. In takomst yn Fryslân laket harren oan. De minsken lykje aardiger en relaxter as yn Amsterdam.

Thúskomst

Dochs krige it duo yn Ljouwert by oankomst net bepaald in waarm wolkom. En dat wylst har foarstelling We are yn trouble spesjaal makke foar LF2018 sa entûsjast troch it Fryske publyk ûntfongen wie. ‘Die voorstelling over vluchtelingenproblematiek, werd na de landelijke première yn de Leeuwarder Harmonie heel goed ontvangen’, seit Johan. ‘Het publiek was geraakt en ging na afloop spontaan met ons in gesprek. Wilde meer van en over ons weten. En vooral meer van ons zien. Dat voelde inderdaad een beetje als thuiskomen. Voor mij paste dat perfect bij de gedachte van Culturele Hoofdstad, dat mensen uit Friesland die na een carrière elders, weer terugkomen en iets terug kunnen geven. Voor ons de trigger om definitief naar Leeuwarden te willen.’

Dy hertlike ûntfangst doe krige in oare kant doe’t bekend waard dat Igvi en Greben 1,2 miljoen fan de provinsje krigen om har ideeën te realisearjen. Wylst oare selskippen en ynstansansje, dy’t oant no ta ek rekkenje koene op provinsjale subsydzje, plotsklaps ynleverje moasten. Of hielendal neat mear krigen. Dat sette kwea bloed. ‘Die reactie heeft ons wel verbaasd. Plotseling waren we ‘die twee uit 020’, die naar Friesland waren gekomen om geld te bietsen. Buitenstaanders dus. Terwijl wij juist zijn gekomen om onderdeel te worden van de Friese cultuur.’ ‘We just need some time to land here and to build’, follet Uri oan. ‘That will be complicated enough, cause we’re not that young anymore.’ Hy seit it mei in knipeach en sjocht mei fertedering nei syn partner. Hast tweintich jier binne de manlju no in pear. Libje mei-elkoar, wurkje mei-elkoar. Dei en nacht. Twa sielen, ien gedachte. Holle en liif. Uri is dan it lichem: spontaan en eksplosyf. Johan is mear de ratio. De organisator en tinker, dy’t earst de linen fan de foarstelling útsette wol, om dy letter yn te kleurjen. En ja, fansels ha se wolris spul tegearre. Mar minder as eartiids. ‘Uri reageert vanuit zijn emotie. En kan dan met heel impulsieve acties komen. Vroeger zou ik daarover direct iets gezegd hebben. Nu laat ik het gebeuren. Met vaak hele mooie resultaten!’ Uri herkent de wurden fan syn partner. ‘Johan needs to control me’, seit er mei in glimk.

Eigenwiis en koppich

En dan wurdt it dreech. De fraach of de manlju ek in positive en negative eigenskip fan mekoar neame kinne, hiene se net ferwachte. Uri falt stil. Syn swijen duorret Johan justjes te lang. ‘Is it really so hard to say something positive about me?’ Mar dan ynienen is Uri derút. Johan is eigenwiis. ‘Sorry? He asked you foar a good thing first.’ Mar Uri mient it ek posityf. Sa leit hy út. Want krekt troch dy eigenskip fan Johan fart harren skip de júste koers. En hiel wichtich, Johan wit deryn oaren op dy reis mei te nimmen. Te stimulearjen. En foar dy minsken is hy  tige nuodlik. ‘In that movement you do care about people. Then you have the power to put all your heart in it.’

Johan hat minder tiid nedich foar syn antwurd. Ek Uri blinkt neffens him út yn koppigens. En ja, ek dat is posityf bedoeld. ‘Uri doet zijn werk vol overgave en passie. Maar houdt zijn gedachten dan teveel in zijn eigen hoofd. Dan vergeet hij dat ik naast hem sta. Het is juist belangrijk dat je in een samenwerking, zoals wij die hebben, je ideeën weet te delen. Anders kom je nergens.’

Dat makket nijsgjirrich nei har earste foarstelling, dy’t 25 septimber yn première sil. Dat wurdt, oars as earder oankundige, net de foarstelling Wasted Skin. In foarstelling oer persoanlik kontakt en kommunikaasje. ‘Via social media krijgen we snel en gemakkelijk contact met elkaar. Maar niet in real life. En de gevolgen van zo’n oppervlakkig digitaal leven is door Corona expliciet duidelijk geworden. Mensen hebben behoefte aan echt contact. Elkaar weer even kunnen vasthouden.’

Dy foarstelling is no opskood nei healwei jannewaris. De earste produksje dy’t no yn septimber yn première sil, is  benammen bedoeld om yn de kunde te kommen mei it Fryske publyk. ‘We willen het publiek laten zien hoe een programma zich ontwikkelt. Hoe je door middel van workshops duidelijk kunt maken wat je met je lijf allemaal kunt doen. ‘How you can say something without words. To show hapiness, to show sadness. That’s the real magic of dance!’

Eigen publyk

De iepeningsfoarstelling moat benammen sjoen wurde as in yntroduksje en in presintaasje  fan it selskip. Wêrby alle dûnsers har eigen talinten op de dûnsflier sjen litte. De dûnsers komme ommers út allegear ferskillende lannen, mei elk har eigen kultuer. ‘Normaliter zoeken we in onze voorstelling de confrontatie met de toeschouwer. We willen de mensen raken. Deze keer is het programma toegankelijker. Door te laten zien wie we zijn en wat we doen hopen we een entree bij het publiek te krijgen. Aan ons te binden. Dat hebben we overigens ook als opdracht van de provincie meegekregen: het kweken van een eigen publiek. Door het wortelen van de danscultuur in de Friese gemeenschap.’

Dêrom ek dat de beide koreografen de gearwurking sykje mei de al besteande dûnsopliedings yn Fryslân. Workshops jaan wolle om de Fryske talinten in setsje yn de goeie rjochting te jaan. Fryske talinten op de mooglikheden wize om de top te berikken. Se wolle dêrfoar graach har eigen ûnderfining en professy diele mei jonge minsken. In eigen oplieding om Fryske talinten klear te stomen foar it echte fak sit der lykwols net yn. ‘Nee absoluut niet’, sizze beiden sawat tagelyk. ‘Wij willen ons puur richten op het professionele niveau. Dat wordt ook van ons verwacht. Wat dat betreft hebben we een naam hoog te houden.’ En dat betsjut tagelyk dat Fryske talinten nei har oplieding der net op hoege te rekkenjen dat se no wol daliks yn eigen provinsje oan de bak kinne. ‘Nee joh, die jonge dansers zullen eerst meer ervaring bij andere professionele gezelschappen moeten opdoen. Het liefst in het buitenland. Bij ons is alleen plaats voor de allerbesten. Manon Adrianow uit Sneek is dat gelukt. Zij heeft na haar opleiding door de nodige ervaring het niveau bereikt waarnaar wij streven. Aan ons de taak om dat niveau  te waarborgen.’

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels