It lêste reiske nei Fryslân

JAN FOLKERTS – 

Yn de maaitiid fan 1956 wiene ús heit en mem op fakânsje yn Fryslân. Sjoen de foto’s yn it famylje-album sil it in reis troch it hiele noarden west hawwe, tegearre yn de swarte Opel Kapitein dy’t ús heit doedestiids hie. In reis dy’t yn alle gefallen it Poptaslot yn Marsum en Ljouwert oandien hat, Delfsyl, de Drintske hunebêden en Hotel Frederiksoord by Diever: ‘onze laatste aanlegplaats’ hat ús mem der op de printbriefkaart byskreaun. Myn suske en ik wiene achterbleaun yn Elburg. It wie grif de lêste kear dat ús heit yn Fryslân wie. In jier letter waard er slim siik, en kaam der fan in fakânsje neat mear terjochte.

De fraach wêrom’t de reis nei ’t noarden gie is net mear te beäntwurdzjen, mar miskien wol te rieden. Yn Snits en Ljouwert hie ús heit in part fan syn bernejierren trochbrocht en yn Drinte en Grinslân wenne in protte famylje. Achterôf besjoen wie it syn ôfskie.

In fleurige noat yn itselde foto-album is de folder fan de VVV Ljouwert, mei in kleurige akwarel fan Cor Reisma op de foarside. De folgjende siden litte foto’s sjen fan it Oranjepoortje, tagong ta it ‘mausoleum der Friese stadhouders’, en it portret fan Saskia van Uylenburg yn it Fries Museum, de Aldehou yn it jûnsljocht en – ta myn ferrassing – de Bûterhoeke. It is net mear nei te gean wat ús heit en mem fan dat alles sjoen hawwe. Hawar, sa’n album is in moai oantinken. It is in spegel om werom te sjen yn de tiid. De spegel is lykwols wat beslein rekke, en yn myn tinzen ferfoarmet it byld dan ek noch.

Wat bleaun is, is in foarm fan Ljouwerter city marketing, ek al neamde men dat yn de fyftiger jierren net sa. En dy city marketing ferskilde blykber net al te bot fan dy fan hjoed-de-dei. Dochs sille we Heechterp-Schieringen net gau yn it moderne toeristyske foldermateriaal weromfine.

Wat dat oanbelanget binne we miskien wol werom yn de tiid fan de Ljouwerter stedsargivaris Wopke Eekhoff út de njoggentjinde ieu, dy’t de Fryske haadstêd ek graach seach as in romrofte stêd mei grutske boargers, skoandere leanen, parken, singels en gebouwen. Mar ús heit seach altyd fierder as de moaie bûtenkant en hie ek in grutte belangstelling foar dejingen dy’t it minder hienen.

Dy hâlding hie er net fan frjemd, mar fan syn heit. Pake wie in selsstannich kleanmakker, mar bedarre nei syn trouwen yn 1910 in skoft as kûpeur yn de tekstylyndustry. En alhoewol’t hy net ta de leechstbetelle arbeiders hearde, stie er altyd wol oan harren kant as der staakt waard. Dat wie fan dy gefolgen dat hy yn ferskate plakken dien krige, en fan de iene stêd nei de oare ferhuze. Sa kaam it húshâlden earst yn Snits en letter in skoft yn Ljouwert telâne. Yn Ljouwert siet it pake en beppe net mei: yn it beruchte grypjier 1918 rekke earst de iene, en doe de oare yn it sikehûs; de trije bern waarden by de famylje yn Drinte ûnderbrocht.

Nei Ljouwert klaude de famylje wer by de wâl op: pake krige fêst wurk as kleanmakkersbaas by in jeugdynstelling tusken Apeldoorn en Arnhem, en foar ús heit sil Fryslân net mear west hawwe as wat dizige oantinkens út de bernejierren.

Yn alle gefallen wie er werom yn Fryslân yn jannewaris 1939. Doe hat er in pear wiken yn opdracht fan de Heidemij ‘de cultuurtoestand opgenomen van een polder tussen het Tjeukemeer en de Zuiderzee’, sa as er nei hûs skreau, út Scherpenzeel wei. ‘De mensen hier zijn echte Friezen, waar je soms niets van verstaat, maar erg vriendelijk’, heakke er noch ta.

Mar wiene se yn 1956 no op de Bûterhoeke of net? Op dy fraach krij ik gjin antwurd mear.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.