It bist dat as de minske wurde woe

LOLKJE BOUMA –  Bobo de aap oersjocht fan út syn beam de minskewrâld. Hy fynt minsken mar nuveraardich, mar hy is ek o sa nijsgjirrich. Want hoe soe it wêze om by de minsken te hearren? Op in dei sjocht er ûnder him in pearke frijen yn’e fiver. Bobo pakt syn kâns en lûkt gau […]

Kursus kreatyf skriuwen op Skylge

SITO WIJNGAARDEN –  Kommend wykein fan freedtejûn 5 juny oant sneintemidje 7 juny organisearret de Folkshegeskoalle Skylge in kursus kreatyf skriuwen op it eilân. In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan. Foar elts dy’t ferhalen of gedichten skriuwe wol en al skriuwt. De begeleiding wurdt jûn troch Jelma Knol en Piter Boersma. Yndividuele […]

Fallend ljocht: oer ôfbrek en ferlies

HENK VAN DER VEER –  Ofrûne simmer is de mânske bondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam ferskynd by de Friese Pers Boekerij. It is Dam syn fjirtjinde poëzybondel. Henk van der Veer hie nei it ferskinen fan de bondel in digitaal ynterview mei de dichter. In fraachpetear fia de mail hie de foarkar fan Dam. […]

It giet om ’e djipte

MEINDERT REITSMA –  Ljouwens, de stêd dêr’t De krêftproef  fan Piter Boersma (1947) him ôfspilet, is in nuveraardich plakje. Minsken dy’t in skoft troch de loft fleane? Immen efter it behang plakt? De ynwenners fan Ljouwens sjogge der net raar fan op. Boersma skriuwt de lêste tweintich jier oan in opfallend konsistint oeuvre, yn it […]

… oant se har geast meijoech …

ELSKE SCHOTANUS –  Oer nije boekútjeften is, seker yn de Fryske sitewaasje, meastentiids mear te sizzen as allinne ‘wêr giet it oer’ en ‘is it al as net goed?’ Kinst it bygelyks oer de boekepriis ha: €18,50 foar goed 200 siden is eh… djoer… Of kinst it oer (literêre) prizen ha: yn it gefal fan […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.