Is it Stedsk ‘fleis noch fisk’? Nee, it is in swan!

REITZE JONKMAN – 

Yn de earste Moanne fan dit jier (en op it webstek) hat Wim Aalbers (û.o. fan de Taalgids foar ut Franekers) in dúdlike reaksje Stadsfrys as dialekt tussen Frys en Nederlâns/Stadsfries, een ‘Mearke’ of actuele werkelijkheid? jûn op de taalhistoaryske analyze fan it Stedsk yn Fryslân fan Arjen Versloot en my Der wie ris in mearke en dat hiet fan Stedfrysk yn de lêste Moanne fan 2018. Aalbers erkent dat út in taalhistoarysk perspektyf wei it Hollânsk komôf dúdlik wêze mei, mar hy fynt dat it eigentlike plak fan hjoed-de-dei dêrmei net dúdlik útkomt. Hy wol dat ta stân bringe troch it ‘Franekers’, ‘Leewarders’ en sa unyk te meitsjen troch it taalkundich as in mingfoarm tusken it hjoeddeiske Nederlânsk en Frysk ynnimme te litten. Dat is fansels in mooglikheid, dy’t oars ek troch in soad Friezen én Stedskpraters foar kar nommen wurdt. Ik (û.o. fan It Leewarders. In taalsosjologysk ûndersyk nei it Stedsk yn ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk, Ljouwert 1993) sil lykwols besykje op in taalsosjologyske wize út te lizzen dat – ek as de taalskiednis wol meinommen wurdt – der sprake is fan in unyk plak yn de Fryske taalmienskip. Om it ferhaal safolle mooglik los te meitsjen fan de hjoeddeiske werklikheid, haw ik it (wer) getten yn de foarm fan in mearke; yn fûgelflecht om samar te sizzen en boppe de taalpartijen. It is de histoaryske ûntjouwing fan in ûnsjoch taaltsje nei in karakteristike kontaktfariëteit dy’t net ûnderdocht foar it Frysk!

 

Hiel, hiel lang lyn wie der in lân hjir net hiel fier wei. It wie it lân fan de Alve Stêden en mar ien plattelân.

 

It ûnsjogge taaltsje
Hiel, hiel lang lyn wie der in lân hjir net hiel fier wei. It wie it lân fan de Alve Stêden en mar ien plattelân. Der wie in rju learde man yn de stêd fan it Noarden, dy ûnderskate yn de taal twa soarten: de ‘Stadtaal’ en de ‘Landtaal’. Omdat dat lân ek wol ‘Fryslân’ hiet, neamde er de stedtaal ek wol ‘Stadfries’, mar dêrmei bedoelde er de taal dy’t ek praat waard yn alle oare lege lannen, “per totum Belgium” yn de akademyske taal fan dy tiid. Dat er dat mei ‘Fries’ betitele, wie oars alhiel net sa raar, want yn dy dagen neamden de minsken de Leechlânske Taal yn Fryslân ek wol koartwei ‘Vries’. De oare lege lannen neamden har eigen soarte Leechlânsk ek neffens har eigen lân. In ienheidstaal bestie noch net.

Under de boaze kening út it Suden wie al folle earder yn de Alve Stêden de Lântaal ferfongen troch de Leechlânske talen fan it Suden en it Westen. Yn de iuwen nei dy kening waard de Stedtaal mei wurden út it Westen – lykas ‘meiske’, ‘speule’, ‘butter’, ‘kees’, ‘twie’, ‘dèr’, ‘nij’, ‘ik hè dat deen’, ‘jou binne’ en ‘du/dou bist’ eigen foar de minsken fan de measte fan de Alve Stêden; se neamden datsoarte Leechlânsk harren “moederlijcke tale”. In rju learde man út it Westen hie it Leechlânsk yn harren stêden ferlike mei dy yn syn eigen stêden en it ferskil wie “nihil” mei syn eigen Westerske taal, dat fansels ek gjin ienheidstaal wie.

Nei de Grutte Iuw kamen de lege lannen ûnder de tsjoen fan it lân fan de Sinnekening en syn taal. Dy taal fûnen de minsken in deftige taal en doe tochten de minsken dat de eigen taal eins net sa deftich wie. Gâns minsken fan de hegerein gongen oer op dy taal of mjuksen in soad fan dy wurden troch har eigen taal hinne om deftich te klinken. Sy tochten dêrmei ek de boargers fan de middenlaach by har wei te hâlden, want dyen woenen hieltyd mear te sizzen hawwe.

In oare ûnderskieding dy’t de learde fan de stêd út it Noarden makke, wie bínnen de ‘Stadtaal’: in hegere en in gewoane styl en, wat leechlizzend, in “strjittetaal”. De hegerein bedoelde dêr op it foarste plak net allinnich mei dat dêr platte wurden lykas ‘speule’ en sa yn sieten, mar benammen dat dêr gjin namfallen yn foarkamen; de legerein sei gewoan ‘fan een groate frouw’ en net ‘eener grooten vrouwe’, mar benammen dat dy fierder wat sloarderich prate mei ‘komme’ yn plak fan ‘komen’, ‘oek/’ok’ foar ‘ook’ en ‘mar’ dêr’t ‘maar’ de beskaafde útspraak wie. Boppedat waarden troch minsken fan ‘het gemeen’, sa’t de legerein omskreaun waard, in soad Frânske wurden ferbastere, bygelyks ‘avesere’ foar ‘avancer’. Dy styl –  ûnderdiel fan de Stadtaal – lei op in ferkearde namme. In ferhevene learde fan it Westen skreau dat “de bewoordingen van die platte Spreek- en Straet-tael gangbaer zijn voor ’t onkundigste gemeen”.

Yn de twadde helte fan dy revolusjonêre iuw waard de maatskiplike opgong fan de boargerstân ferbûn mei it beskaavjen fan de algemiene sprektaal fan it faderlân: it Mienlânsk. It wie healwiis dat der net in fatsoenlike ienheidstaal wie en in soad minsken der mar wat hinne praten. Noch hieltyd wienen der minsken dy’t ‘speule’, ‘dou’ en sa yn de mûle namen. Dat wie ek noch sa yn in brieveroman út it Westen doe’t in boargerjuffer ien útmakke foar “dou lompen kaerel”. Yn de Alve Stêden wie dat net oars. “Als dou niet met de hannen durfste, dan met het mes”, stie yn in rjochtbankferslach yn ien fan dy stêden út dy tiid. De ûntjouwingen yn de ienwurding fan de taal rûnen lykop yn alle lege lannen. Rûnom wie yn alle stêden in taal fan de hegerein, in taal fan de boargerij mei noch gâns wurden fan de gewoane stedske omgongstaal en in “straattaal” fan de legerein mei dêryn de stedske foarmen dy’t konsekwint brûkt waarden; it ûnsjogge taaltsje.

De beweging foar it Kreaze Mienlânsk sette yn dy revolúsjonêre tiid fûl útein en fitere de skoalmasters oan; der kaam sa stadichoan in idee fan in beskaafde sprutsen ienheidstaal. Mei dy ûntjouwing waard der tagelyk in eigen namme jûn oan it ûnsjogge taalgebrûk dat net by it Mienlânsk hearde. In folksdichter betocht de namme “‘Leeuwarder taal’, hen alleen eigen” mei wurden “die men niet zuiver kan spellen, zodanig als ze door het gemeene volk deezer Stad worden uitgesproken”. Hy fertelde der ek fuortdaliks by dat de hegerein én de boargers, dêr’t de dichter sels ien fan wie, wól beskaafd Mienlânsk praten.

Yn de iuw nei de ienwurding fan de lege lannen kaam it Mienlânsk troch it Mienlanlike ûnderwiis hieltyd sterker te stean, mar der kaam tagelyk yn dy tiid ek belangstelling foar it eigen ferline en it ûnsjogge taaltsje. De stedsargivaris fan de haadstêd seach de oerienkomsten mei de Stedtaal fan de achttjinde iuw. Oaren hienen dêr gjin weet mear fan en ferbûnen de nije stedtaal yn harren waarnimming mei eleminten dy’t op dy fan de Lântaal liken: it seach derút as in einfûgel (wurden), it hearde as in einfûgel (útspraak) en it rûn as in einfûgel (tiidwurdfolchoarder), dochs wie der earder ek in oare, in gruttere fleanfûgel dy’t dat die. Troch in selslearde taalkundige, in dokter út de haadstêd, krige de geografyske betsjutting dy’t ‘Stad-Friesch’ earder hie, in taalkundige ynfolling, want it wie in Mienlânsk dialekt “dat met etlijke Friesche woorden, zinwendingen, enz. is vermengd. “Fleis noch fisk” soe in prefester dy’t op it ûnsjogge taaltsje doktorearre wie, letter skriuwe.

Der wienen lykwols Hellegasten en Hofnarren dy’t dwers troch dy nije klean fan it Stedsk hinne seagen en de gek hienen mei dy ‘optochte tradysje’. Sy hienen in skel lûd. It ûnsjogge taaltsje krige sadwaande yn de nijste tiid syn suverheid en syn eigen plak; wòl yn kontakt mei de Lântaal en it Mienlânsk, mar nèt (mear) ûnderdiel fan ien fan beiden. De eardere ‘stadtaal’ krige eigennammen fan de Alve Stêden. It foarname taalynstitút fan de Lântaal joech letter in oarkonde mei in Akademysk stimpel: omdat dy Stedske soarten histoarysk nau besibbe wienen oan de taal fan it Westen “duiden we hen niet als mengtalen”. It wie gjin ûnsjoch mingtaaltsje mear fan trochinoar mjukse talen sûnder in eigen aard, mar in offisjele ‘Kontakttaal’, in taal dy’t yn ferbining stien hie mei de Lântaal en dêr wolris wat fan oernommen hie. Dêrmei kaam it op deselde hichte as de Lântaal, dy’t yn ferbining stien hie mei de Stedtaal en dêr ek wolris wat fan oernommen hie. Mar gelokkich; beide talen besteane echt, hjir en no, it is gjin mearke út it ferline!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.