In healjier Frysk studearje

GERBRICH DE JONG –  

De iene studint brûkt it Frysk alle dagen, foar de oare is it in taal foar yn it wykein. Mar foar elke Frysktalige komt der in momint dat er him realisearret dat er eins mar in bytsje wit fan syn eigen taal. In tanimmende groep studinten yn it heger ûnderwiis kiest derfoar om him yn de eigen taal te ferdjipjen. Alle jierren lûkt de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden, de iennige oplieding Frysk op hbû-nivo yn Nederlân, in klasse fol nije studinten.  De measten binne minorstudinten, dy’t in healjier Frysk studearje yn it ramt fan in oare oplieding. Wat driuwt dy studinten en om watfoar studinten giet it?

 

“It Frysk skriuwen gong my altyd wat minder ôf, omdat ik dat net safolle die. Ik wist dat ik dat wol dwaan moatte soe as ik yn Fryslân wurkje woe as sjoernalist.”

 

De belangstelling foar de minor Frysk komt út it hiele lân. Yn fiif jier tiid ha 51 studinten har wei nei de minor Frysk fûn en dêrfan kamen tsien fan in hegeskoalle bûten Fryslân. De oaren studearren al yn Ljouwert, oan NHL of Stenden (no fusearre ta NHL Stenden).

De thúsopliedingen fan de studinten fariearje. Studinten binne bygelyks yn oplieding ta podoterapeut, maatskiplik wurker, makelder, sjoernalist, ict’er, bestjoerskundige of kreatyf terapeut. Fierwei de measte studinten (fjouwer fan de fiif) wurde lykwols oplaat ta dosint yn it primêr of fuortset ûnderwiis. Fan dy lêste groep wurde de measten dosint Nederlânsk of Ingelsk, mar der binne ek studinten by fan de learare-oplieding Dútsk, Frânsk, skiednis, biology en libbensbeskôging.

Foar guon studinten hat de minor Frysk in dúdlike relaasje mei it takomstich wurkfjild. Dat jildt bygelyks foar Nynke Brouwer (pabû) en Nynke Bruinsma (sjoernalistyk). Nynke Brouwer: “Ik koe út allegearre ferskillende minoaren kieze, sels al hienen se neat mei de oplieding te meitsjen. Ik fûn dat frjemd, want wêrom soe ik eat kieze dêr’t ik letter yn myn takomstich berop neat mei dwaan soe? De minor Frysk spruts my fuort oan. It Frysk hat myn persoanlike ynteresse en ik kin der yn myn berop as learkrêft wis wat mei.” Foar Nynke Bruinsma, ôfstudearre yn de sjoernalistyk, hie de minor ek in dúdlik nut. “It Frysk skriuwen gong my altyd wat minder ôf, omdat ik dat net safolle die. Ik wist dat ik dat wol dwaan moatte soe as ik yn Fryslân wurkje woe as sjoernalist.”

Der binne lykwols ek opliedingen dy’t net in dúdlike relaasje mei it Frysk ha. Foar Dana Genee, studint makelderij, lei de motivaasje foar de minor op it persoanlik mêd: “It like my tige ynteressant om mear te witten oer myn roots en myn Fryske taal mear te ûntwikkeljen. Ik tink dat wat ik leard ha fral foar mysels wearde hat. It is lykwols moai dat ik no de echte Fryske taal kin en dy ek trochjaan kin oan oare generaasjes.”

Lykas sein folgje de measte minorstudinten in learare-oplieding ta twaddegraads dosint yn in skoalfak. De belangstelling ûnder dy doelgroep is goed te ferklearjen. De measten studearje in taal. Ien dy’t ynteresse hat yn talen, tinkt ek nei oer syn eigen. Boppedat fine in soad Fryske studinten it nuver om har jierrenlang ta te lizzen op in frjemde taal, sûnder de eigen taal goed te kennen.

Foar in inkeling is de Fryske taal nét de eigen taal. Hoewol’t it ûnderwiisoanbod fan de learare-oplieding Frysk ynstutsen is op memmetaalsprekkers, is der in inkelde kear ien dy’t it oandoart om as net-Frysktalige de minor Frysk te folgjen. In foarbyld fan sa’n studint is Simone van der Hoek (studint Nederlânsk). Sy seit oer har motivaasje: “Ik haw altyd in leafde hân foar frjemde of oare talen en dialekten. Mar der binne mear redenen om Frysk te learen. Myn hiele skoanfamylje is Frysk en dan is it wol noflik om ek in wurdsje mei prate te kinnen. Dêrneist liket it my moai om, ast dosint of sels mentor bist, yn de memmetaal fan dyn learlingen of studinten prate te kinnen.”

Krekt as Simone sykje studinten yn de minor nei de ferbining tusken it Frysk en har takomstich berop. Carine van der Woude en Kristine de Vries, dy’t beide kreative terapy studearren, kamen yn it ramt fan de minor ta in Frysktalich beropsprodukt, bedoeld om âlderen mei-elkoar prate te litten oer har jonge jierren. Bettina Weidenaar, dy’t pabû die, skreau yn it ramt fan de minor in Frysk printeboek, dat se no oan har learlingen foarlêst.

Foar de iene studint leit it mear foar de hân om nei it ôfstudearjen noch wat mei it Frysk te dwaan as foar de oare. Bettina: “De Fryske taal brûk ik noch alle dagen. Ik app en mail meastentiids yn it Frysk. Dêrtroch ûnderhâld ik myn Frysk wol moai. En wa wit meitsje ik oer in pear jier de learare-oplieding Frysk ôf.” Bettina soe ien fan de fjouwer studinten wêze foar wa’t de minor Frysk in opstapke is nei in folsleine bachelor Frysk en dus in foech om Frysk te jaan yn de ûnderbou fan hafû of twû of it (t)mbû.

De belangstelling foar de minor Frysk lit sjen dat der yn it hiele lân Frysktalige studinten omrinne mei ynteresse yn harren taal. Net alle studinten ha lykwols de frijheid om foar de minor Frysk te kiezen. Foar sokke studinten is in byfak in opsje. Studinten fan NHL Stenden en de Ryksuniversiteit Grins kinne it Fryske skriuwfeardichheidsûnderwiis digitaal folgje en as se wolle hjoed noch begjinne. Leare op ôfstân: dat komt moai út yn dizze tiid.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.