Identiteit

JAAP KROL – 

De redaksje fan de Moanne kaam gear en gear en smiet der doe noch mar in fergadering tsjinoan. It gie oer hippe mar yntusken ek al hast klisjeemjittige tema’s as hoe no fierder mei al dy sosjale media lykas Twitter en Facebook. Jild, dêr gie it fansels ek oer. Om’t jild en sosjale media tiid en tiid opslokten, kamen wy mar net ta de ynhâld – mar wol op it wurd ‘identiteit’. O nee, tocht ik, krije wy dat wer. Dat gerop en geraas oer wat minsken tinke te wêzen, dêr leauwe ik en myn BSN net yn.

Dochs is elts nûmer in bewiis fan sokssawat as in ‘identiteit’. It giet net  sasear om wat dat is, mar om wat der nedich is om der ien te hawwen. Wy binne dan ek wiis mei de yntegrale tekst fan de Fedde Schurerlêzing dy’t Marcel Möring op 17 novimber útspruts. De titel wie “De Rânestêd en de provinsje”.

Möring skriuwt oer ‘in besef fan eigenheid’ – dat is moai sein. It jout oan dat in identiteit mar dreech te omskriuwen is. Frjemden binne minsken dy’t troch oaren sa besjoen wurde, neffens de Drintsk-Joadske Rotterdammer mei Twintske roots.

Yn dit earste nûmer fan 2013 ien en al frjemdheid dat dochs in besef fan eigenheid opropt. Moaie brieven fan Jan Mankes bygelyks, ferneamd skilder út Drinte. Mar seis jier wenne er yn Fryslân. Of in nijsgjirrich petear mei Claudia Jongstra. De keninginne fan it filt komt út Limboarch, mar wennet yn Spannum. Wy hoopje dit jier hiel faak nûmers te meitsjen wêryn’t de identiteit as sammelbegryp presintearre wurdt. In bytsje los, in bytsje fêst, in bytsje tuskenyn.

Je kinne identiteit ek hiel rigoereus bepale. Yn Oldenseal lizze om de Sint Plechelmusbasilyk skeletten fan minsken dy’t dêr tusken 800 en 1900 begroeven binne. Fan in lytse 130 echte Tukkers wurdt no fêststeld oft se miskien al mear as tûzen jier yn Twinte wenne hawwe. In prachtferhaal fansels. Wa is der no net grutsk op sokke fiere roots? Yn dit ferbân moat ik jo wat meidiele, want ik moast lêsten ek in DNA-test ûndergean. Ut dat ûndersyk die bliken dat ik in oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oer-, oerpakesizzer bin fan Richard III.  Hurray! Tiisdei 30 april sjogge jo my dan ek sitten yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam.

De redaksje winsket jo in soad lêswille ta.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.