Iconen en de gewone mens

Deistige tafrielen en saken lykas minsken op stasjons en yn winkels, of foarwerpen ut kuol- en keukenkast; fragminten út de ûnophâldlike ynformaasjestream yn de foarm fan film, ynternetmagazines en reklame; hippe minsken, hippe klean, moderne ynterieurs, neonljocht, logo’s, merken, stilen, kleuren. Koartsein: It moderne libben mei syn zapkultuer sa’t dat yn feart en faasje oan ús foarby giet, en wat wy al sa gewoan fine. Dat is it tema fan de trije keunstners dy’t harren wurk dizze maitiid eksposearje yn de Roos fan Tudor. Dy keunstners, Gabrielle Kroese, Eline Jansen en Gerard Boersma, sette de flugge film fan it deistige libben mei al syn figuranten en rekwisiten stil en zoome yn. Losweakke út harren kontekst en fongen op doek, binne de bylden pas goed te observearjen. Dan is der tiid en romte om de ferwûndering in kâns te jaan.

De fjirde keunstner dy’t har oandiel leveret oan de eksposysje is José Witteveen. Sy toant yn de Roos fan Tudor etsen op grut formaat. Har ûnderwerp: hjoeddeistige ikoanen. Staasjeportretten fan figueren dy’t bewûndere wurde om wa’t se binne. Om wat se kinne. Boechbylden, popidoalen, foarbylden. Sa, yn kombinaasje mei it wurk fan de oare keunstners, lykje it krekt minsken. En dat is miskien de krêft fan dy eksposysje: it gewoane wurdt bysûnder en it bysûndere gewoan.

‘Iconen en de gewone mens’ is oant en mei 5 juny te sjen yn Galery De Roos van Tudor, Eewal 47– 49, Ljouwert. www.roosvantudor.nl

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.