fotografy: Robea Kleisma

Hokker taalfoarskriften binne sa stadichoan achterhelle?

HENK WOLF –  

Gearfetting
Ik haw in lyts ûndersykje útfierd nei de akseptaasje fan beskate taalfoarskriften en taalfoarmen. Dat is útfierd ûnder 55 minsken dy’t mear as gemiddeld betûft binne yn it brûken fan it Frysk. Op basis fan har oardiel haw ik de regels en taalfoarmen ûnderbrocht yn trije kategoryen: echte flaters, ûniensichheid en achterhelle regels.

 

Achtergrûn
Wa’t yn de jierren fyftich op skoalle sitten hat, hat mooglik noch leard dat ‘omkleden’ en ‘benutten’ gjin goed Nederlânsk wie. Ik ha sels yn de jierren tachtich op skoalle leard dat ‘middels’ en ‘bekritiseren’ ferkeard Nederlânsk wienen en dat ‘een aantal mensen’ allinnich mar iental wêze mocht. Hjoed de dei binne dy flaters fan doe gjin flaters mear. Net allinne de taal dy’t de minsken prate en skriuwe is feroare, mar de regels foar goed en ferkeard ek. Ynfloedrike taaladviseurs lykas Onze Taal en de Taalunie rekkenje it boppesteande Nederlânsk goed.

It Frysk dat de minsken prate en skriuwe is sûnt de jierren fyftich ek feroare. Dat is net sa’n wûnder, in taal dy’t in heale ieu itselde bliuwt, bestiet net. De regels foar goed en ferkeard binne lykwols net sa hurd meiferoare. Wa’t in learboek Frysk fan in pear desennia âld út de biblioteek hellet, sjocht dat dat wol oars stavere is, dat de opmaak oars is, dat der oare lettertypen populêr wienen, mar dat de regels foar goed en ferkeard Frysk amper feroare binne. Dat is in ûnnatuerlike situaasje, dy’t makket dat in grut part fan ‘e befolking de eigen memmetaal ‘ferkeard’ brûkt, alteast neffens de makkers fan de learboeken.

Wat is eins de konsekwinsje as minsken har net hâlde oan regels dy’t foar it Nederlânsk dúdlik noch wol jildich binne? As bygelyks ien ‘hij is sterker als zijn broer’ skriuwt of ‘hun doen ook mee’? Dan giet dat op kosten fan har posysje yn ‘e maatskippij. Wa’t opfallend faak ‘foute’ sinnen makket, wurdt as dom, ynkompetint of ûnbeskaafd besjoen en neffens dy opfetting behannele. It oanlearen fan jildende regels jout minsken dan ek ekstra kânsen mei. Dy ekstra kânsen neamt de ferneamde sosjolooch Pierre Bourdieu ’talich kapitaal’. It oanlearen dat bern ‘omkleden’ net brûke meie, is sinleas, want dat draacht net by oan it talich kapitaal fan minsken. It oanlearen dat bern ‘sterker als’ net brûker meie, is wol sinfol, want dêrmei fergrutsje se har talich kapitaal.

Mei it Frysk leit dat al wat oars. De binne wide rûnten dêr’t kennis fan it Frysk net perfoarst bydraacht oan sosjaal kapitaal en der binne ek wide rûnten dêr’t it behearskjen fan it Frysk in foarm fan ‘kapitaal’ jout, kânsen dus, mar dêr’t it net útmakket wat foar Frysk oft dat is. Doch is kennis fan de regels dy’t foar it Frysk jilde yn beskate rûnten wis nuttich. Yn it ûnderwiis, yn de gemeentlike of provinsjale polityk en yn ‘e kulturele sektor is it bygelyks nuttich of sels needsaaklik om it Frysk neffens de regels te praten en te skriuwen.

De fraach is allinnich hokker regels oft dat binne. Jildt it foar alle regels dy’t al desennia lang yn de learboeken steane of ha guon regels itselde ferâldere karakter krigen as de regels dy’t ‘omkleden’ en ‘bekritiseren’ ferbiede? Dat is noait ûndersocht en alle nije learboeken foar it Frysk, oft dy no by in Afûk-kursus, op ‘e basisskoalle, yn it fuortset ûnderwiis of op ‘e pabo brûkt wurde, skriuwe de regels gewoan faninoar oer. En miskien hoecht dat net. Want wêrom soe men minsken oanleare om har eigen Frysk te feroarjen as dat Frysk net mear as ferkeard beskôge wurdt?

 

Metoade
Ik haw yn it online-enkêteprogramma SurveyMonkey in list makke mei njoggen taalregels dy’t respondinten beoardielje koenen op in fjouwerpuntsskaal, mei helendal links ‘striemin Frysk’ en helendal rjochts ‘modern geef Frysk’. Dat koenen se dwaan troch in baltsje op in bepaald plak op in balke te pleatsen. It program keppele oan it antwurd ien fan de sifers 1, 2, 3 of 4 en berekkene fan alle respondinten it gemiddelde en de standertôfwiking.

Fierder haw ik de respondinten yn in tsiende fraach 49 wurden, konstruksjes of útspraakfarianten fan foarlein dêr’t se fan oanjaan moasten oft dy yn har eagen wol of net akseptabel wienen yn ynformeel skriftlik Frysk. As foarbyld fan gebrûkssituaasje haw ik neamd: ‘berneboeken, boartlike romans, Facebook, posters ensfh.’. Dêrmei makke ik dúdlik dat it my net gong om de alderformeelste situaasjes, mar ek net om bygelyks sms-berjochten en appkes, dêr’t taalnoarm amper in rol yn spilet.

De taalregels en de beoardielingsitems binne allegear bekende gefallen dêr’t yn it ûnderwiis omtinken oan jûn wurdt. Omdat de fergeze ferzje fan SurveyMonkey mar tsien fragen tastiet en omdat it beantwurdzjen fan de fragen net te lang duorje moat, haw ik it by tsien fragen litten. De respondinten diene oer it beantwurdzjen trochinoar (ôfrûne) seis minuten.

Ik haw in link nei de enkête mei dêrby in koarte oankundiging pleatst op de Facebookgroepen ‘Leraar Frysk’, ‘Frysk op ‘e pabû’ en ‘Foar de taalspegel’. Alle trije groepen rjochtsje har op minsken dy’t in tige spesifike belangstelling foar de Fryske taal ha, troch berop, oplieding of oars. Fierder haw ik fia Facebook ferskate minsken fan wa’t ik wist dat se faak Frysk lêze en skriuwe frege om de enkête yn te foljen. Troch dy manier fan fersprieden ferwachtsje ik dat de ynfollers folle mear as de gemiddelde Fries fertroud binne mei de regels foar it Frysk. Dat haw ik dien om foar te kommen dat minsken sûnder kennis har útsprekke soenen oer regels dêr’t se net of amper kennis fan ha. Pieter Breuker hat de groep dy’t de regels foar it Frysk kin en brûkt ‘T1′ neamd en de groep dy’t dat net docht ’t1′. Yn syn termen: doel wie dat benammen minsken út T1 in oardiel jaan soenen en net minsken út t1, sadat in oardiel oer noarmen foar de T1-mienskip ek echt út dy groep komme soe.

 

Krityk op de keazen metoade is bêst mooglik. Ik neam in pear punten dêr’t wat oer te sizzen is:

* Der stiet in even oantal punten op ‘e skaal. In protte ûndersikers kieze foar in ûneven tal punten. Respondinten dy’t twivelje, kinne dan de feilige midden sykje. Dat hat as neidiel dat se ek maklik foar dy feilige midden kieze kinne. Ik ha se dêrom troch in even tal fakjes twongen om in kar te meitsjen.

* Ien respondint wiisde my derop dat har oardiel oer noarm soms ôfhong fan de persoan mei wa’t se prate. De opset fan de fragelist makke it net mooglik om dy subtiliteit yn de antwurden út te drukken. Dat is terjochte krityk. Foar it achterheljen fan dúdlike gefallen fan ‘echt goed’ en ‘echt ferkeard’ Frysk sil dat lykwols net sa’n soad útmeitsje, is myn ferwachting. Ik ferwachtsje dat gefallen dêr’t in subtiler oardiel foar jildt, doch foar in grut part yn ‘e middenkategory bedarje soenen.

* It tal respondinten is mei 55 net o sa grut. Dat is wier. Ik slút net út dat in grutter tal respondinten in justjes oare útslach jaan soe. Doch wie my nei de tsiende respondint al dúdlik hokker fragen oft yn hokker kategory bedarje soenen en dat is dêrnei mei it tanimmen fan it tal respondinten net feroare.

* It is net dúdlik foar wa’t de 55 respondinten represintatyf binne. Dat is wier. Nei alle gedachten binne har oardielen net represintatyf foar ien dúdlike groep, mar jouwe se wol oan wat in groep dy’t mear as gemiddeld trochkrûpt is yn it Frysk – in T1-groep yn Breuker syn termen – sa rûchwei tinkt oer de regels yn ‘e moderne learmiddels foar it Frysk. Nei ferwachting is de trochsneed-Fries folle minder bekend mei de T1-noarm. Dêrtroch kin men yn alle gefallen net sizze dat de respondinten foar de Friezen as geheel net streng genôch binne. Mei’t der nei alle gedachten yn de groep in oerfertsjintwurdiging sit fan ûnderwiisminsken (leararen Frysk), ferwachtsje ik dat sels yn de T1-groep de respondinten mear as gemiddeld thús binne yn de noarm.

* Der binne noch folle mear taalfoarskriften en dy binne net yn it ûndersyk opnaam. Dat is ek wier. Dat is in praktyske beheining. Ik koe net noch folle mear freegje. Ik hoopje mar dat in oar de tried oppakt dêr’t ik him lizze litten ha en in ferlykber ûndersyk útfiert op in steal oare taalfoarskriften.

* It ûndersyk hâldt gjin rekken mei taalnoarm as ynstrumint foar taalkonservearring. Dat is ek wier. Ik besjoch de taalfoarskriften as sosjale ynstruminten. Dat is in persoanlike fisy. Ik hâld fan rike taal, ek fan útwrydske en âlde taal, ik wol ek graach dat ûnderwiis brûkt wurdt om minsken mei sokke taal yn kontakt te bringen, mar ik leau net dat it goed is om minsken te fertellen dat har eigenste taal, har memmetaal, net doocht, as dêr net in goeie sosjale reden foar is.

 

Resultaten
Yn trije dagen tiid ha 55 minsken de enkête beantwurde. Foar fraach 1-9 joech SurveyMonkey in sifer mei ien getal achter de komma. Dat leit tusken de 1,0 (striemin Frysk) en de 4,0 (modern geef Frysk). It programma joech ek de standertôfwiking.

Ik ha besletten om in gemiddeld sifer fan 2,0 of leger te beskôgjen as ôfkarring. It jout oan dat it oardiel gemiddeld oan ‘e linkerkant fan ‘e skaal sit. Sifers fan 3,0 of heger beskôgje ik as goedkarring: de oardielen sitte dan dúdlik rjochts. Sifers tusken de 2,0 en 3,0 beskôgje ik as ûndúdlikens: de respondinten binne it dan ûniens.

 

Wat de beoardielingsitems by fraach 10 oanbelanget: dêr haw besletten om alle wurden en konstruksjes dêr’t mear as 60 persint fan ‘e respondinten gjin beswier tsjin hat as ‘goed’ te beoardieljen. Leger as 40 persint beoardielje is as ôfkarring en wearden tusken de 40 en 60 persint as ûniensichheid.

Fansels is dat in (ûnûntkombere) eigen ynterpretaasje fan de sifers. Ik leverje de sifers mei, dat elk dy’t dat wol der in eigen ynterpretaasje oan jaan kin.

 

Echte flaters
Twa taalregels binne foar de respondinten noch heeltyd echte regels. Wa’t him der net oan hâldt, docht neffens dy respondinten echt wat ferkeard. Ik jou se hjirûnder, mei it gemiddelde beoardielingssifer (1,0-2,0) derachter:

* De Hollânske tiidwurdfolchoarder brûke, lykas yn ‘Soest my dêr mear oer kinne fertelle?’. (1,4)

* It brûken fan it twilûd ‘ie’ op plakken dêr’t fanâlds de lange ‘ii’ foarkomt (sadat ‘wiet’ en ‘wiid’ itselde klinke). (1,5)

By de tiidwurdfolchoarder bestie in grutte ienriedigens: de standertôfwiking is mar 0,8 en 75 persint fan ‘e respondinten keas foar it uterst linker plak op ‘e skobalke (wearde 1,0). It brûken fan ’tied’, ‘wied’ ensfh. waard wat minder útsprutsen ôfkard: de standertôfwiking wie mar 0,7 en 56 persint fan de respondinten keas foar de beneaming ‘striemin Frysk’.

 

Wat fraach 10 oanbelanget: de folgjende items skoarden ûnder de 40 persint en wurde dus troch in dúdlike mearderheid fan de respondinten op skrift as echt ferkeard beskôge (mei it persintaazje respondinten dat se goedkarre soenen derachter):

* ik haw it waske (2)
* twa skiep(p)en (2)
* twa koeien (2)
* twa kowen (2)
* skulle, skolle (6)
* seis (=seine) (6)
* twa moles, twa mûnes (8)
* ien skoen, twa skuonnen (8)
* brommertsje, beartsje (9)
* bja(r)tsje, fjarke (13)
* leide, leiding (13)
* seze, leze (=sizze, lizze) (17)
* wurdeboek (17)
* hânskoen, hânskoech (19)
* ferdryt, ferdritich (19)
* lytsbern (19)
* It jonkje dy’t dêr rint, in famke dy’t … (21)
* boven (21)
* frouwen (21)
* iderien (23)
* foarbereide (23)
* burgerij, ynburgerje (25)
* skeide, skeiding (25)
* gereedskip, gereedskap (26)
* de meast moaie, it meast nijsgjirrige (30)
* welk(e) (30
* folg(j)end(e) wike/moanne/jier (34)
* gebeure (34)
* ergens, nergens (34)
* keus, keuze (34)
* oksels (36)
* plas (=puozze) (36)
* yn elk gefal (38)
* snoep (38)

In pear opfallende oanwêzigen yn dat rychje binne dialektfoarmen lykas ‘skulle, skolle, koeien, seze, leze, bjartsje, fjarke’ en wurden dy’t yn ‘e sprektaal heel gewoan binne (ferdryt, ferdritich, boven, skeide, skeiding, welk(e), gebeure, ergens, nergens, keus, keuze, yn elk gefal). Opfallend is ek it foarkommen fan ‘iderien’, dat al lang ûnderdiel fan de skriuwtaal is, mar dat yn ‘e tweintichste ieu skriuwtaalfoarm-ôf wurden is.

 

Uniensichheid
Oer fiif regels binne de mieningen sterk ferdield. De beoardieling leit sawat midden op ‘e skaal, tusken de 2,0 en de 3,0. Sokke regels wurde net mear algemien as ‘ferkeard’ oanfield, mar de groep dy’t der beswier tsjin hat, is noch wol grut. De ûniensichheid is te sjen oan in gruttere sprieding fan de antwurden: de standertôfwiking is oeral 0,9 of grutter.

It giet om:

* It útsprekken fan de [r] achter yn ‘e mûle ynstee fan mei it puntsje fan ‘e tonge, it saneamde ‘brijkjen’ of ‘brouwen’. (2,2)

* It brûken fan it helptiidwurd ‘gean’ by oare tiidwurden as ‘sitte’, ‘lizze’, ‘hingje’ en ‘stean’ (bygelyks ‘It giet moarn reinen, ‘Giest dêr moarn iten?’). (2,4)

* It brûken fan ‘as’ dêr’t it Nederlânsk ‘of’ brûkt (bygelyks ‘in stik as trije’, ‘Is it foar Jan as Pyt’). (2.4)

* It brûken fan it helptiidwurd ‘bliuwe’ by tiidwurden dy’t in aksje oanjouwe (bygelyks ‘Bliuwst der no oer trochgean’ en ‘It bliuwt noch in pear dagen reinen’). (2,6)

* It brûken fan ‘at’ as synonym fan ‘as’ (bygelyks ‘At it reint, wurde wy wiet’). (2,7)

 

By fraach 10 karre tusken de 40 en 60 persint fan de respondinten de folgjende foarmen goed yn de ynformele skriuwtaal, wat it lestich makket om se as ‘goed’ of ‘ferkeard’ te bestimpeljen:

* beslisse, beslissing (42)
* saterje (=saterdei, sneon) (42)
* sleutel (42)
* pindakaas (49)
* knuffelje (53)
* neefkes, nichtsjes (=omke/tantesizzers) (55)
* in dik boek (57)
* ik gean foar goud, we gean(e) derfoar (58)

Opfallend is dat ‘sleutel’ net leger skoart, mei’t myn ûnderfining is dat dat wurd meastal as earsteneamd wurdt, as ik minsken om in foarbyld fan in hollannisme freegje. Opfallend is ek dat de tige nije, út it Ingelsk liende konstruksjes mei ‘gean foar’ (‘stribje nei’) net folle breder ôfkard wurde.

 

Achterhelle regels
Dat net alles wat yn boeken oanleard wurdt, mear ferkeard is, docht ek bliken. De folgjende regels hawwe in wearde tusken de 3,0 en 4,0 krigen. Se sitte dus rjochts op ‘e skaal, op of deun by ‘modern geef Frysk’.

* It brûken fan ‘ferjitte’ mei de ferjitlike persoan as ûnderwerp fan de sin (bygelyks ‘Alle minsken ferjitte wolris wat’). (3,1)

* It brûken fan de -e achter it eigenskipswurd by it-wurden nei in besitlik foarnamwurd (bygelyks ‘har nije adres’, ‘ús te lege oanrjocht’). (3,1)

By beide is de standertôfwiking 0,8. By ‘ferjitte’ keas 38 persint foar de uterst rjochtse beoardieling (modern geef Frysk). By de bûgings-e keas 42 persint foar de uterst rjochtse opsje.

By fraach 10 skoare 60 persint of heger:

* elk(e) dei/wike/jier (60)
* twa gemeentes, twa boetes (60)
* leuk (66)
* blond hier (66)
* in dikke man (66)

Dat ‘leuk’ algemien goed rekkene wurdt, is net sa’n wûnder. ‘Elk(e)’ yn tiidsbepalingen, it -s-meartal fan wurden op -e en ‘dik’ wurde yn learmateriaal noch frij algemien ôfkard, te’n geunst fan ‘alle’ (‘alle wiken’), -n (’twa gemeenten’, ’twa boeten’) en ‘grou’ (‘in grouwe man’), mar dy regels wurde satliket net breed mear droegen.

 

Oanrekommandaasje
Wol learmateriaal by de tiid bliuwe, dan moat it regels oanleare dy’t maatskiplik funksjonearje. Oars wurdt taalûnderwiis hobbyisme of komt it yn tsjinst te stean fan in persoanlik, konservatyf ideaal fan lesjouwers dat net mei de maatskiplike realiteit oerienkomt.

It brûken fan ‘ferjitten’ mei in persoan as ûnderwerp en it pleatsen fan de -e yn bygelyks ‘har nije adres’ wurde net langer as steurend sjoen. Dat jildt ek foar wurdgroepen lykas ‘elke wike’, foar it -s-meartal by ‘gemeentes’ en oare wurden op -e en foar de wurden ‘leuk’, ‘blond’ en ‘dik’ (tapast op minsken). Myn oanrekommandaasje is dêrom om regels dy’t sok gebrûk ferbiede út learmateriaal te ferwiderjen en se as gewoan, goed Frysk te beskôgjen, útsoarte neist de farianten dy’t altyd as alternatyf oanbean waarden.

Wat de gefallen oanbelanget dêr’t ûniensichheid oer bestiet, hawwe lesjouwers en metoademakkers mear spylromte. Myn advys soe wêze om se net langer as ferkeard te beneamen en der yn metoaden net tefolle omtinken oan te jaan, mar der gongbere alternativen wol te neamen. Guon derfan, sa ferwachtsje ik, sille noch fierder ynboargerje.

Wat de gefallen yn de kategory ‘echte flaters’ oanbelanget: dêrfan witte wy no dat se breed as ‘min Frysk’ besjoen wurde. Se fertsjinje dêrom omtinken yn learmateriaal, yn lessen en yn kursussen Frysk. It ôflearen fan sokke flaters hat in dúdlik doel, nammentlik it fergrutsjen fan de kânsen fan minsken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.