Pimpe

Bêste Daan,

Dat wie in ynteressante diskusje fannewike, oer de pick up keunsten fan Julien Blanc. Yn seminars en op syn website www.pimpingmygame.com leart er jonges dy’t dêr wat muoite mei ha hoe’st in frou it bêd yn krije kinst. En dat giet, lit ús sizze, net op de wize dyt’st fan mem leard hast.

Dat hjir ôfwizend op reagearre wurdt troch de measte minsken is net raar, mar ynteressanter fûn ik eins de lju dy’t it foar Blanc opnamen. Sy moasten dwers tsjin de stream yn, dus mei folle sterkere arguminten komme.

Pimp ús op, Daan! Lear ús oantreklik te wêzen foar de oar.

Sosjaal wittenskipper Linda Duits set de media en de feministen te plak dy’t elkoar neikakelje oer alles dat net doocht oan Blanc, sûnder te sjen nei wat de man werklik docht en seit. En minstens sa spannend is it betooch fan Thierry Baudet, dy’t oanjout dat it ferhaal fan Blanc foaral giet oer it opbouwen fan selsfertrouwen foar manlju. Dat soenen se kwytrekke wêze, en kin weromfûn wurde troch dwers tsjin de hearskjende mores yn te gean. En dat hashtag #chokinggirlsaroundtheworld, oer dat je famkes soms by de strôt gripe moatte, moatte we mar net te letterlik nimme, krekt as dy grap yn Japan dêr’t er froulju yn it iepenbier de holle nei syn krús ta treau. Dat seit Baudet – en ek hy krijt fansels hún en spot oer him hinne.

Ik woe it hjir allegear eins hielendal net mei dy oer ha, want ik woe dy allinnich mar freegje om ris lekker alles út de kast te heljen by dyn opdracht om de Ofslútdyk ris flink op te pimpen. It moat toch fantastysk wêze om sa’n prachtich bouwurk ûnder hannen te nimmen, sa’n lânskiplik monument. Foar in man as dy sil dat toch in wiete dream wêze, om mei sa’n klus oan de slach. Frege wurde troch de oerheid sels, en min ofte mear carte blanche krije om keunst, fernijing en orizjinaliteit mei elkoar te ferbinen, dyn wurk aansen sjen litte kinne oan in hiel folk en miljoenen toeristen … pfff.

As ik it goed begryp is it projekt om de Ofslútdyk oan te pakken in gearwurking tusken lanlike oerheid en omlizzende provinsjes en gemeentes. Dus as ik op de Twibaksmerk wat foar it sizzen hie soe’k fuortdalik in supplement taheakje oan dyn opdracht: pimp de hiele provinsje Fryslân der lekker by op, Daan! Dy prachtige fisuele effekten dy’t op de Ofslútdyk komme kinne, lûk dy troch nei A31 en A7, of nei Iselmar- en Waadseedyk. Meitsje de entree fan ús provinsje glorieus. Keunstich, fernijend en orizjineel. Sadat de Ofslútdyk neat minder wurdt as de reade loper nei in spannende, frijtinkende en progressive regio ta.

Sadat nimmen dy’t fanút de Rânestêd hjirhinne riden komt noch doart te tinken dat er in achterstânsgebiet ynkomt. Sadat gjin minister noch tinkt dat er hjir straffeleas de grûn leechpompe kin, sadat gjin ING- of Telegraafman noch it lef hat om in grutsk krantebedriuw fierder nei de ferdommenis te helpen, sadat gjin bestjoerder noch sa arrogant doart te wêzen om in lyts taaltsje en kultuerke te beskôgjen as skaaimerk fan achterstân.

Pimp ús op, Daan! Lear ús oantreklik te wêzen foar de oar. Lit ús dyn lessen oppikke, jou ús it selsfertrouwen werom, om dwers tsjin de hearskjende mores yn de wrâld by de strôt te pakken en…

Ehh, no ja.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.