It is griis en it sit yn ’e holle
Publisearre op 13 januari 2015
De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Tsead Bruinja is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘It is griis en it sit yn ‘e holle’. Moarn is de beurt oan Elske Kampen, sy lêst it gedicht ‘It is de wei’.
It is griis en it sit yn ’e holle
It is griis en it sit yn ’e holle.
It is in riedsel, safolle is bekend,
en it komt foar bij mar fyftjinhûndert minsken.
It is gjin lanlike trend, al komt it faker foar
bij folk fan Nijkerk, Elburch, Hurderwyk
(‘Dy fokfeluwe trout mar yninoar om’)
en stomgenôch, fertelle de boeken,
faker yn Amsterdam en Rotterdam,
Katwyk, Den Haach, en mar al te graach
yn ’e Fryske Súdwesthoeke.
Hookstrooks bin ik oerstutsen,
diagonaal nei dêr’t ik weikom: de ferskûlhoeke,
dêr’t taal neat ophat mei mystearjes,
riedsels op in minne namme lizze
en myn ûnthâld de wrâld noch tichtplakt wist
mei âlde Kollumers: Nieuwsblad Noordoost-
Friesland – mar sa gaust der even net bij bist,
like iepen en kleurich as wat.
Ik wist wêr’t it hinne gie en wa’t ik tsjinkomme soe:
De Skim,
dy’t earder – as koe ik him – syn liepe ferskining
yn ’t genyp al oankundige hie,
hjir no
as in skjirsliper dy’t bleau, foar de doar stie,
himsels ferwolkomme en affisjearde as hear.
Menear neffens ôfspraak ûntfongen.
Net mei ferwinskingen struid. Him op ’e drompel
in kwits foar de fuotten spuid –
mar ik flybke him net yn ’t gesicht.
It is griis en ik sit yn ’e holle, it is in riedsel,
bekend bij in lyts publyk: it komt foar bij ien
op ’e tsientûzen – myn beskieden
oandiel yn ’e statisyk.
Eppie Dam, Fallend ljocht. Friese Pers Boekerij, 2014. 80 siden, as Boek fan de moanne mar €10,00.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]