Gjin neibauwer, mar in neibóuwer

HIDDE BOERSMA –  

Klaas Bruinsma (Easterein, 1931) is de bejubele en bekroande oersetter fan in weareld oan klassike, midsieuske en moderne literêre wurken nei it Frysk. Hy hat lanlik namme makke mei syn oersettings fan Homêros’ Iliasen Odusseia. Sûnt koart kinne wy mei tank oan Bruinsma wer trije klassikers yn ús eigen taal lêze: De Striid tusken Froasken en Mûzen, in parody op de Iliasfan Homearus en de midsieuske ridderferhalenDe roman fan Waleweinen Floaris en Blankefloar.

 

Reizgje yn ’e tiid
Bruinsma set wurken oer út in mannichte talen, fan klassyk Gryksk en Latyn oant modern Spaansk, en fan Frânsk en Dútsk oant Ald-, Mid- en Nij-Ingelsk, Flaamsk en Nederlânsk. Altyd giet er werom nei de âldste hânskriften as er in wurk omset nei it Frysk, om’t er sels útfine wol wat der werklik stiet.

 

‘As de saak aanst ferlern is, kin ik fan ien ding wis wêze: ik ha de eare rêden. Al binne myn Homêros-oersettings dan faaks kuriosa, en tinke de lju ferbjustere: dat dy boer dat dien hat!’

 

Mei it lint fan alle troch Bruinsma oersette rigels kin men reizgje yn ’e tiid; Rein de Foks, Oade oan de Sipelfan Pablo Neruda, Trije Trageedzjesfan Sofokles, Karel en Elegast, Mei sletten doarrenfan Sartre, Iliasen Odusseiafan Homêros, ensfh. En dan hat er ús no dus wer trije bestimmings yn it ferline bean. Floaris en Blankefloar(nei de trettjinde-ieuske rymbewurking fan Diederik van Assenede) is de leafdesskiednis fan in moslimprins en in kristenfamke, en dêrmei faaks nijsgjirrich om te lêzen yn it ljocht fan de aktuele problematyk. De ridderkweeste De roman fan Waleweinfan Penninc en Vostaert giet oer de wûnderlike aventoeren fan ridder Walewein, dy’t in sweevjend skaakboerd neireizget. It boek befettet alle yngrediïnten fan de hjoeddeiske fantasy-ferhalen oer draken en tsjoenders. Yn de saneamde pseudo-Homearus, De Striid tusken Froasken en Mûzen, wurdt de spot dreaun mei de helden en goaden út de wurken fan Homêros. Troch eat dat de midden hâldt tusken in ûngemak en in falske list ûntstiet der in bluodderige striid tusken de mûzen en de froasken.

Bruinsma mei sels ek graach reizgje. Nochmar in pear wike is er werom fan in cruise oer de Donau, dêr’t ûnder oare Bratislava, Boedapest, Wenen, Linz en Salzburg yn oandien waarden. Op it wetter hat er in kielûntstekking opdien. Dêr is er noch net fan bekaam. Lykwols hjit er my wolkom yn syn wente oan de Fabriciusleane yn Drachten.

 

Each foar detail
Op in rûne tafel efter yn de wenkeamer lizze op it heechpoalich tafelkleed fiif boeken útstald. De trije nijste oersettings kreas op in rychje en dêrûnder, op ’e midden fan ’e tafel, lizze de ridderromanFerguuten dêrneist Le Roman de Moriaeniepenslein. Dy beide boeken hat Bruinsma sa goed as folslein oerset en sille, as it meisit, ek rillegau útjûn wurde.

 

‘Klassisy binne ûnderling net myld foar inoar,’ seit er, mar likegoed stekt it ek wol wat. ‘Dan hawwe jo al dat wurk út ’e wei set… De krityk hie wol gelyk, mar krityk jaan is altyd makliker as de keunst sels.’

 

Bruinsma giet yn in stoel neist de tafel sitten, kreas yn kolbert en mei in praat mar frysk-button op ’e revers.

‘De Moriaan giet lykas Floaris en Blankefloar oer in problematyk dy’t ek hjoeddedei aktueel is. Yn De Moriaan giet it oer de oar mei in oare hûdskleur’, fertelt er. ‘Faaks is it nijsgjirrich foar minsken om ris te lêzen hoe’t it der yn dy tiid, doe’t Spanje noch foar it grutste part bewenne waard troch moslims, oan ta gie, hoe’t de minsken doe mei inoar omgongen.’

Dêrnei stekt Bruinsma fan wâl oer noch in oar boek, de Metamorphosesfan Ovidius, dat er oerset hat. Dat leit al trije jier op steapel by útjouwer Bornmeer, mar Bruinsma ferwachtet wol dat dat wurk aanst as earste útkomme sil.

By it oersetten hat de transkripsje, de Fryske skriuwwize fan de Grykske en Latynske nammen, nochal wat fuotten yn de ierde. Miskien liket soks foar in leek fan sekundêr belang, mar dat is it foar de deskundigen perfoarst net. It metrum fan de rigels stiet of falt by de transkripsje fan in namme. Makket in oersetter dêr in flater yn, leit er dus de klam op in ferkeard wurdlid fan in namme, dan leit de folsleine dichtrigel oan barrels. Dat kaam Bruinsma ek oer.

‘Fiif jier nei it ferskinen fan myn oersetting fan de Ilias skreau in klassikus yn de Moanne dat ik de klam yn de namme Pátroklos op it twadde wurdlid lein hie’, fertelt Bruinsma oer syn fersin, ‘in ûntsachlike blunder! No is it wurk net folslein. As soks bliken docht, dan gean ik troch de grûn.’

Skodholjend stoareaget Bruinsma foar him út. It leafst draaide er de tiid werom. Even is it stil en ha ik tiid om my ôf te freegjen oft it faaks net wat flau is om him, dy’t sa’n muontsewurk út ’e wei set hat, publyk te wizen op sa’n inkelde flater. As ik it him foarlis, hellet er de skouders op.

‘Klassisy binne ûnderling net myld foar inoar,’ seit er, mar likegoed stekt it ek wol wat. ‘Dan hawwe jo al dat wurk út ’e wei set… De krityk hie wol gelyk, mar krityk jaan is altyd makliker as de keunst sels.’

 

Wurdearring
Oer lof foar syn oersetwurk hat Bruinsma op himsels net te kleien. Rûnom krijt er wurdearring fan klassisy dy’t him oanhelje yn in proefskrift of him in brief skriuwe. Se geane der somtiden fan út dat hy ek in klassikus is.’

 

‘Oan ’e ein fan dizze ieu is it Frysk ferdwûn en – as it jo in treast is – it Nederlânsk ek, opslokt troch it Ingelsk. De moderne media twinge ús ta ienfoarmigens. Yn dizze moderne tiden wurde je ienfâldichwei fynmeald, net yn ien kear, mar it is wol ûnkearber…’

 

‘“De klassikus út Drachten”, skreau in man út Leiden my koartlyn noch. Mar dat bin ik nét’, seit Bruinsma mei klam. ‘No, Bruinsma, sizze guon minsken dan, dan is de prestaasje namste grutter…’

Fan hûs út is Bruinsma anglist. It klassike Gryksk en Latyn hat er leard op it gymnasium en dêrnei goed ûnderhâlden en fierder ûntwikkele.

‘Dêr komt noch by dat je as oersetter nei it Frysk dûbeld wurk leverje moatte. Der binne gjin wurdboeken Latyn-Frysk of Gryksk-Frysk’, leit er út.

Al twa kear, yn 1993 en 2005, waard Bruinsma de Dr. Obe Postmapriis takend. En nei’t er yn 1993 al ûnderskieden wie mei de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat, krige er yn 2007 de Sulveren Anjer oanbean fan Har Majesteit Keninginne Beatrix, foar syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.

 

Eigen wurk
Somtiden kriget Bruinsma wolris de fraach wêrom’t er him allinne rjochtet op it oersetten, en syn tiid en talint net ynset foar eigen wurk. Mar dat is in fraach dy’t fuortkomt út in misfetting, want ek yn oerset wurk kin Bruinsma in bulte kreativiteit kwyt.

‘Ik wol myn talinten oangeande talen ynsette om de literêre wurken fan wearde oer te bringen yn it Frysk. En as oersetter bin ik gjin neibauwer, mar in neibouwer, mei in ó!’ Dêrmei wiist Bruinsma derop dat it oersetten gjin streekrjocht fertalen is, foaral as it giet om rym of metrum, mar in re-kreaasje fan it orizjinele wurk. As Bruinsma bygelyks foarlêst út it boekje mei hânskreaune fergelikings fan Homêros hearre je fuort hoe ryk fan klank oft in inkelde strofe is. Lês in rigel as dizze mar ris lûdop: ‘Rûzich krioeldedekloft, en ûnderhar dreundedeierde.’

Hieltyd komt Bruinsma oerein om opskriuwboekjes op te heljen út syn wurkkeamer, om der mei passy út foar te lêzen. De boekjes steane fol mei geastlike en gelegenheidslieten, sa’t er se sels neamt. Ynspiraasje foar it skriuwen fan fersen krijt Bruinsma bygelyks as er taskôger is by in Gregoriaansk koar. En wa’t ris in besite bringt oan Rome moat de Friezetsjerke mar ris ynstappe. Dêr hinget in fers fan Bruinsma yn fjouwer talen oan in muorre dy’t boud is mei tsjerke- en kleasterstiennen út Fryslân, sammele troch Loadewyk Damsma.

 

De eare rêde
Dat Bruinsma al syn enerzjy en tiid stekt yn it oersetten nei in lytse en krimpende taal as it Frysk wurdt net altyd begrepen.

‘De lju sizze: Jo binne gek. Jo sette oer nei in taal dy’t op stjerren nei dea is. Jo wurkje oan in ferlerne saak’, fertelt Bruinsma, ‘en se ha gelyk: wy stride foar in ferlerne saak. De oerheid hâldt gjin rekken mei ús. Jo moatte hjir altyd mei it mes dwers yn ’e bek stean, oars krije je neat.’

Hoe striidber ek, Bruinsma sjocht de takomst fan it Frysk tsjuster yn.

‘Oan ’e ein fan dizze ieu is it Frysk ferdwûn en – as it jo in treast is – it Nederlânsk ek, opslokt troch it Ingelsk. De moderne media twinge ús ta ienfoarmigens. Yn dizze moderne tiden wurde je ienfâldichwei fynmeald, net yn ien kear, mar it is wol ûnkearber…’

Bruinsma sprekt mei fjoer. De saak mei dan ferlern wêze, Bruinsma jout gjin belies. Hy set troch mei it oersetten fan literêre klassikers oer heldhaftige ridders en stridende goaden. Lykas Willem fan Oranje hopet er te stjerren yn it harnas. Hy docht it foar de eare fan de Fryske taal en kultuer, sadat lettere generaasjes sjen kinne dat it Frysk in taal wie dêr’t serieus yn wurke waard.

‘As de saak aanst ferlern is, kin ik fan ien ding wis wêze: ik ha de eare rêden. Al binne myn Homêros-oersettings dan faaks kuriosa, en tinke de lju ferbjustere: dat dy boer dat dien hat!’, sjocht Bruinsma foarút. ‘En myn oersettings kinne dan altyd noch brûkt wurde as stúdzjemateriaal.’

 

 

Dit ynterview is earder ferskyn yn De Moanne, nûmer 2 / febrewaris 2011

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.