Homêros

Publisearre op 1 november 2009

LIUWE H. WESTRA – 

Klaas Bruinsma is in masterlik oersetter, en dizze resinsje fan syn magnum opuskomt fierstente let. De rest fan dizze siden is nuânse, mar, sa hoopje ik, al nijsgjirrich genôch om no noch te lêzen. As oersetter is Klaas Bruinsma in unyk fenomeen, en men kin rêstich sizze dat er in oeuvreopboud hat. In libbenswurk dat foar de Fryske literatuer winliken twa of trije mjitten te grut en te rom is, en sadwaande noch net iens foar de helt útjûn. Hokker taalmienskip fan miskien mei lijen ien miljoen praters en dêrfan in pear tûzen literêre lêzers hat de Aeneis(net útjûn) en de Georgica(al útjûn) fan Vergilius, de Metamorfoazenfan Ovidius (komme deroan), alle oerbleaune trageedzjes en komeedzjes fan Aeschylus, Sofokles, Euripides en Aristofanes (in pear fan útjûn), de Canterbury Tales(net útjûn), de strofyske gedichten fan Hadewych (al), in hânfol Middelnederlânske romans (al) en de Maaiefan Gorter (al), om it wichtichste te neamen, ta syn foldwaan? Hokker oersetter lit sa’n skat oan de mienskip nei? Op beide fragen is it antwurd: mar ien.

Bruinsma hat sels altyd syn Homearusoersetting, in projekt dêr’t er mear as 50 jier oan wurke hat, as de kroane op syn opus sjoen. It hâldt ek nochal wat yn: in dichtwurk fan in lytse 3000 jier âld, sa’n 27.000 lange fersrigels, en de absolute basis fan ’e hiele klassike literatuer, en dus foar de helt fan dy fan hiele Europa en Noard-Amearika. Yn dizze skôging wol ik earst neier yngean op it aard fan dit literêre wurk, om dêrneffens te besjen hokker fenomeen oft wy mei Bruinsma no krekt binnen de poarte hawwe.

 

Ilias en Odyssee
Wêr geane dizze twa mânske epyske gedichten oer? Beide beskriuwe wiidweidich in part fan in grut âldGryksk mytysk kompleks, nammentlik dat fan de oarloch om Troaje. De Griken (allegear frije foarsten, dy’t foar de gelegenheid in ferbûn sletten hawwe) binne in oarloch tsjin de stêd Troaje begûn om de frou fan kening Menelaos werom te feroverjen, dy’t útnaaid wie mei Paris, in Trojaanske keningssoan. Dat rint noch net sa glêd fan ’e tried: tsien jier hâlde de Grykske troepen yn ’e frjemdte ta sûnder dat se de stêd ynnimme kinne. In part fan dy tsien jier wurdt beskreaun yn ’e Ilias. Inkeldris wurdt de suggestje dien om in oare oplossing te sykjen, mar beide partijen komt dat dochs de eigen eare te nei, en sa bliuwe se mei-inoar finzen sitten yn in systeem fan moardzjen en geweld.

It bysûndere fan de Ilias is, dat oan ’e iene kant de gloarje fan ’e striid breedút besongen wurdt, wylst tagelyk it ûnminsklike en sinleaze fan dy hiele fjochterij ek beneamd wurdt. It gedicht spitst him ta op ’e helden Achilles en Hektor. Hektor is ek wer in soan fan ’e Trojaanske kening Priamus, en fierwei de sterkste fjochter. Elk tinkt: as hy falt, is de stêd ferlern. Mar Hektor falt net, want hy kin alle Grykske kampfjochters oer – op ien nei. Dy iene is Achilles, en Achilles fjochtet net mei omdat de oanfierder fan ’e Griken in bútmakke slavinne fan him ôfnommen hat. Syn eare is skeind, en yn ’e Trojaanske oarloch giet alles om eare. Pas as de Trojanen hast it Grykske kamp ferneatige hawwe feroaret der wat. Patroclus, Achilles syn bêste freon, freget en kriget it frij om yn Achilles syn harnas mei te fjochtsjen. Dat bringt feroaring yn ’e striid, mar Patroclus wurdt op it lêst dochs deade. Dan is it de Griken oer, en kin oanfierder Agamemnon beweegd wurde de slavinne werom te jaan, en dan pas is Achilles ree om wer mei te fjochtsjen. Hy moardet ûngenedich yn ’e Trojanen om, en as lêste deadet er Hektor. Dan jout er him oer oan de rou om syn freon Patroclus, en de Trojanen rouje om Hektor. Hichtepunt fan it epos is de lêste sang. Dêryn weaget de âlde kening fan Troaje, Priamus, de stap om nei Achilles ta om him te freegjen om it lyk fan syn soan.

De Odyssee spilet letter, as Troaje ek werklik ynnommen is, en hat mear it karakter fan in aventoereferhaal. Alle Grykske kenings binne wer thús (foarsafier’t se de striid oerlibbe hawwe), allinnich Odysseus treft tsjinstuit nei tsjinstuit op ’e weromreis, en as er yn syn keninkryk oankomt hawwe lytsere foarsten de macht oernommen mei dizze ôfspraak, dat dy’t trouwe sil mei Odysseus syn frou Penelope wurdt de nije kening. Sa fier komt it lykwols net: Odysseus moardet syn konkurrinten út, en der folget in happy end. De Odyssee wurdt faak as in wat minder serieus wurk sjoen as de Ilias, en de toan is ek loftiger. Dochs moat men jin dêr no ek wer net op fersjen: winliken giet it ek hjir om Odysseus syn eare, en sa’t Troaje belegere waard troch de Griken, sa wurdt Penelope belegere troch de mannichte frijers. Eare makket slachtoffers, sa soe men it oerkoepeljend tema fan it hiele dûbeld-wurk faaks it bêste beneame kinne.

Foar dit besprek gean ik no werom nei de ein fan ’e Ilias. Kening Priamus is yn ’e nacht nei it kamp fan ’e Griken slagge en hat de tinte fan Achilles fûn. Hy stapt deryn, en grypt Achilles by de knibbels: de antike manier om om genede te freegjen. It stik dat dan folget pleats ik hjirûnder, om oan ’e hân dêrfan mear sizze te kinnen oer Bruinsma syn oersetting.

478      By him steand fett’ er Akhilleus syn knibbels en tute de mânske

            mannemoardzjende hannen, dy’t gâns fan syn soannen al deaden.

480      Lykas in man, troch in fûle ferblining grypt, yn syn eigen

            lân in minske fermoarde en flechte nei ’t lân fan in oar folk,

            ’t hûs fan in ryk man yngiet en ferheardens de taskôgers oangrypt,

            sa wie Akhilleus ferheard by it sjen fan de godlike kening.

            Ek ferheard wienen d’ oaren en seagen ferbaasd nei elkoarren.

485      Smeekjende sei doe Príamos tsjin Akhilleus de wurden:

            “O Akhilleus, de goaden belykjend, tink oan jo heit dy’t,

            likense âld as ík, op ’e drompel fan d’ aaklike jeld stiet.

            Mooglik benearje him ek de ringsom him wenjende minsken

            en is der gjint om fan him ferdjer en ûnheil te kearen.

490      Mar wannear’t er fernimt dat jo jitte libje, dan sil er

            bliid wêze yn syn herte en boppedat alle dagen

            hoopje syn leave soan wer te sjen, út Troje wei thúskomd.

            Ik lykwols bin ûngelokkich: fan al myn dappere soannen

            dy’t ik oansett’ yn ’t wide Troje, is nimmen my oerbleaun.

495      Doe’t de soannen fan Grikelân kamen, hie ik der fyftich;

            njoggentjin dêrfan wienen my berne út ienselde skerte.

            D’ oaren binn’ my troch froulju, dy’t yn it paleis wennen, berne.

            Gystene Ares hat kloften fan harren de knibbels ferlamme.

            D’ iennichste dy’t ik noch hie, dy’t de stêd en ússelme beskerme,

500      is troch jo koartlyn deade, doe’t er foar ’t heitelân kampe:

            Hektor. Om hím bin ik no nei de float fan de Griken komd om him

            los te keapjen fan jo; ik bring in ûntsachlike lospriis.

            Kom, Akhilleus, earbiedgje de goaden en toan my ûntferming;

            tink oan jo eigen heit. En ík bin noch méár te bekleien.

505      Ik ha bestien wat gjin oar minsk op ierde ea weage: de hannen

            nei de mûle fan him, dy’t myn bern fermoarde hat, strekke.”

            Dy wurden wekken by d’ oare in drôvige langst nei syn heit op.

            Fetsjend syn hân treau Akhilleus de âlde tebek, mar mei sêftens.

            Beide tochten, de ien’ oan de mannefermoardzjende Hektor;

510      bûgd foar Akhilleus syn fuotten, skriemde de skierkert ferheftich.

            Ek Akhilleus dy skriemd’ om syn eigen heit en om bar wer

            om Patroklos. En beider kleien wjergalm’ yn de wente.

            En doe’t de nommle Akhilleus him sêde hie oan de weeklacht,

            en út syn liif en syn lea syn fertriet en syn langstme ferdwûn wie,

515      stie er fuort op fan syn sit en syn hân liet de âlde oereingean,

            omdat de skiere holle en ’t skiere burd him begrutten.

            Dêrop spriek er him oan en sei him de wjokjende wurden:

            “Och, earme siel! jo hawwe al gâns leed trochstien yn jo herte.

            Hoe doarsten jo allinne te gean nei de float fan de Griken,

520      ûnder de eagen te kommen fan him, dy’t mannichten nommle

            soannen fan jo deade hat? jo hert moat wol wêze fan izer!

            Mar ei kom, gean op dizze stoel sitten. En lit ús ús smerten

            rêste litt’ yn ús herte, ál hoe fertrietlik wy binne.

            Want dy ysbaarlike weeklacht jout ús gjin inkelde bate.

525      Ommers, sa hawwe de goaden d’ ellindige stjerlingen taspûn:

            altyd yn drôvens te libjen, mar sels binne hja sûnder soargen.

            Want op ’e drompel fan Zeus syn paleis stean twa krûken mei jeften,

            sa’t hy se jout: d’ ien mei rampen en d’ oare folle mei woltier.

            Wa’t de tongergod Zeus se troch in oar mjukset en útdielt,

530      dy kriget noris it kweade en dan wer treft er it goede.

            Mar wa’t er inkeld ellinde jout, dy makket er smaadlik.

            Skriklike kreupelsjocht driuwt him oer hiel de blinkende ierde

            en hy swalket mar om, troch goaden noch stjerlingen eare.

            Sa hawwe ek de goaden oan Pêleus (Achilles syn heit; LHW) fraaie geskinken

535      jûn by syn berte. Want heech boppe alle minsken op ierde

            stiek er yn tier út en rykdom en hearske oer ’t folk Murmidonen.

            Ek ha hja hím, in stjerling, ta frouwe jûn in goadinne.

            Mar dêrby joech de godheid him ek wol leed, want der is him

            yn syn paleis net in neiteam berne fan prinslike soannen.

540      Mar hy krige ien soan, dy’t koart mar libbet, en ík kin

            net yn syn jeld him fersoargje, want fier fan myn heitelân sit ik

542      hjir yn Troje, en inkeld ta lêst fan jo en jo soannen.

            …”

 

Ynhâld en sfear
Dit is in stik dêr’t Bruinsma syn kwaliteiten (mar ek syn swakkere kanten) goed yn útkomme. Nei sa’n 15.000 (!) fersrigels fol oarloch en geweld lit de dichter syn wurk útrinne op dizze ferstille, suver yntime en feitliken ferskuorrende sêne fan persoanlik fertriet. De heit leit op ’e knibbels foar de moardner fan syn bern, en beide sjogge yn hoe sinleas oft sa’n oarloch eins is. Achilles hat nammentlik mar al te goed foar it ferstân, en hjir wurdt er mei dy wittenskip konfrontearre, dat hysels nei alle gedachten ek net libben thús komme sil – en dat hy hjirre dus eins it foarlân fan syn eigen heit foar eagen sjocht. Homearus beskriuwt dat lykwols hiel ynholden, en folslein yn itselde fokabulêr as dat er ek brûkt foar alle sênes fol bloed en liken. It is Bruinsma syn jefte, dat er yn in frjemde taal (en sûnder dêr winliken foar leard te hawwen) dy sfear sekuer oanfielt, en yn deselde formele en steatlike taal ek presys werjout. De lêste trije sitearre rigels binne dêr in skoan foarbyld fan: Achilles praat oer himsels en syn koarte libbensferwachting yn ’e tredde persoan, en skeakelt oer nei ‘ik’ as it giet oer wat hy foar oaren betsjut: syn heit hat neat oan him, Priamus syn bestean fernielt er. De priis fan ’e eare wurdt hjir beneamd: ‘fier fan myn heitelân sit ik / hjir yn Troje’ – en dêr hat gjin minske wat oan.

It twadde wichtige tema yn dit stik is de fyzje dat it libben fan minsken stjoerd wurdt troch krêften dy’t grutter binne as himsels. Dy krêften wurde yn ’e homearyske epen beneamd as goaden, mar yn wêzen kin men kwalik prate oer in téology. De goaden binne net mear as poétyske personifikaasjes fan de machten dy’t in minskelibben hinne en wer slingerje, soms bewarje en it goede besoargje, mar yn ’e regel te fiter hawwe. In sin is dêr net yn te ûntdekken: de goaden ‘wolle’ it no ien kear sa, of moatte harsels soms ek skikke yn it noch machtiger ‘lot’. Dêrby binne fertriet en lijen de net te ûntrinnen frucht fan in minskelibben, wylst de machten dy’t jin dat besoargje dêr sels gjin hinder fan hawwe. De fersen 527-533 bringe dat mei in prachtige byldspraak nei foaren, mei ek wer dy by-Dokkum-om-eftige formulearrings: de begripen ‘twa’, ‘jeften’ en ‘de iene’ en ‘de oare’ binne eins oerstallich (‘in krúk mei rampen en ien mei woltier’ wie ek dúdlik), en dy ‘jeften’ wurde dan ek nochris ‘jûn’ en ‘útdield’. Homearus – en Bruinsma – op syn bêst!

Dat dêrby âlde, keunstmjittige en sels feitliken útstoarne foarmen en wurden as ‘taspûn’ (525), ‘skriklike kreupelsjocht’ (532), ‘jeld’ (541) en de ûnnatuerlike wurdfolchoarder mei ‘net’ foarop (541) brûkt wurde, past dêr presys by. De gedichten fan Homearus binne nammentlik komponearre yn in keunsttaal, dy’t eleminten út trije of fjouwer ferskate dialekten fan it argayske Gryksk kombinearret. Gjin minske hat oait sa praat, mar de dichters (dy’t harren wurk út ’e holle komponearren en foardroegen; pas letter kaam it skrift yn Grikelân en is in part fan harren wurk fêstlein) hawwe òf al dy dialekten behearske, òf wiene bekend mei wurk yn ferskate dialekten, en binne op in gegeven stuit begûn dy trochinoar te brûken, om sa mear mooglikheden te hawwen om nammen en wurden yn ’e fersfoarm passend te krijen. Yn ’e histoaryske tiden, doe’t de taal him ek noch fierder ûntjoech, waard it learen en foardragen fan ’e âlde epyske gedichten dan ek in fak apart, dêr’t guon har brea mei fertsjinnen. Der waarden sels wedstriden yn holden. Dêrby krige it publyk dus ieuwenâlde fersen te hearren yn in taal dy’t de lju sels sa net praten, fol mei âlde en frjemde wurden dy’t se inkeld út dy gedichten koene. Klaas Bruinsma hie him nei alle gedachten yn dat fermidden goed thúsfield, en ek wol meidwaan kinnen.

 

Dichtfoarm en metrum
Dochs oppenearret him oan dat aspekt fan it wurk ek in swakkere kant fan dizze oersetting. De Ilias en Odyssee binne komponearre yn fersen, saneamde heksameters (dêroer daliks mear), dy’t altiten itselde metryske skema hawwe. Dy fersrigels waarden lykwols opboud, fanâlds nei alle gedachten ymprovisearjendewei, mei fêste formules dy’t de dichters ta harren foldwaan hiene. Foar de wichtichste persoanen wiene formules yn ’e ferskate namfallen, sawol foar it begjin fan de heksameter as foar de ein. Itselde jildt foar faak foarkommende begripen as ‘sizze’, ‘gean’, ‘oanfalle’, ‘ierde’, ‘see’, ensafuorthinne. De dichters hoegden dus net oer elk wurd nei te tinken, mar koene fêste kombinaasjes oan elkoar keppelje (en yn ’e praktyk moat dat se hieltiten krekt genôch tiid jûn hawwe om ûnder it útsprekken fan sa’n formule nei te tinken oer de folgjende). Dêrom wurdt by elk petear earst sein dat ien it wurd nimt, en nei de rede noch in kear ferteld dat hy of sy sa en sa sprutsen hat. Dêrom wurdt ek oan it begjin fan elke dei ferteld dat de sinne opkomt, en oan ’e ein dat de minsken har deljouwe om te sliepen.

Foarbylden fan sokke epyske formules binne yn it boppesteande ‘by it sjen fan de godlike kening’ (483), ‘en seagen ferbaasd nei elkoarren’ (484), ‘O Akhilleus, de goaden belykjend’ (486), ‘de ringsom him wenjende minsken’ (488), ‘bliid wêze yn syn herte’ (491), ‘út Troje wei thúskomd’ (492), ensafuorthinne. Frjemd genôch slagget it Bruinsma net, om dy formules, dy’t eins allegear wol in pear kear hast of krekt gelyk foarkomme, ek unifoarm oer te bringen, en hy feroaret der soms ek ûnnedich yn. Yn 483 (‘by it sjen fan de godlike kening’) ferfangt er de namme Priamus troch de omskriuwing ‘de kening’. De formule yn 484 (‘en seagen ferbaasd nei elkoarren’) stiet ek yn Od.18, 320 en wurdt dan hiel oars werjûn (‘seagen elkoar oan’ – ‘ferbaasd’ stiet der ek hielendal net). De oanhef ‘O Akhilleus, de goaden belykjend’ komt mei-inoar seis kear yn it hiele wurk foar (hjirre en Il.9, 485 en 494, Il.22, 279, Il.23, 80 en Od.24, 36), en wurdt op net minder as fjouwer ferskillende manieren oerbrocht. Noch stûfer giet it mei rigels 493-494 (‘Ik lykwols bin ûngelokkich: fan al myn dappere soannen /  dy’t ik oansett’ yn ’t wide Troje, is nimmen my oerbleaun), dy’t earder foarkomme yn Il.24, 255-256, en dan werjûn wurde mei ‘O, ik ellindich man! Fan de dapperste soannen, dy’t ik hjir / oansett’ yn ’t wide Troje, is nimmen mear oerbleaun, ornearj’ ik.’

In oar swak punt fan Bruinsma syn oersetting is it metrum. De basisfoarm fan elk homearysk fers is de daktilyske heksameter: fiif kear de kombinaasje lang-koart-koart (in saneamde ‘foet’) en as ôfsluting in ‘foet’ fan twa wurdlidden dêr’t de earste lang fan wêze moat. Dat jout de bekende slach POMpompom-POMpompom-POMpompom-POMpompom-POMpompom-POMpom. It earste wurdlid fan elke ‘foet’ kriget by ús dan de klam, en de oare wurdlidden moatte licht, of alteast lichter, wêze. No spilet dêrby it probleem, dat it antike metrum folslein wat oars wie as it metrum yn ’e hjoeddeiske westerske talen (ynklusyf it Gryksk en it Italjaansk). Yn ’e Aldheid gong it om de ôfwikseling fan langeen koartewurdlidden, by ús om swiereen lichte. Swiere en lichte wurdlidden is in kwestje fan klam, en dat is in fariabel begryp. In mearliddich wurd hat (hast) altyd ien wurdlid mei klam, mar soms ek noch ien mei in lichtere klam. By inkelde wurden leit de klam net fêst (bygelyks kombinaasjes as ‘dêrby’ of ‘altyd’). En dan spilet noch mei, dat yn it gehiel fan ’e sin guon wurden mear klam hawwe (of krije kinne) as de oaren. Jo kinne sizze: ‘Ikhaw ’t netoan tiid’, mar krekt likegoed: ‘Ik haw ’t net oan tiid’. Mei oare wurden: klam is wikseljend en subjektyf. Mar de lingte fan wurdlidden is in poer taalkundige saak, dêr’t gjin diskusje oer hoecht te wêzen en dy’t ek net feroaret. Hoe’t jo de klam ek lizze yn it sintsje fan niis, de wurdlidden oanen tiidbinne altiten lang, en Iken netbinne altyd koart. No binne langere daktilyske klampatroanen yn ús taal net ûnmooglik, mar se binne frij seldsum. Besykje marris in goedrinnende ollekebolleke te meitsjen. Us taal (en de measte westerske talen) binne folle mear jambysk, dat wol sizze, mei in ôfwikseling fan hieltyd ien licht wurdlid (of byneed twa) en ien swier: ‘De goede Sint dy wie oan ’t tinken’, en jo dichtsje samar in ein hinne, en hast elk lêst it direkt metrysk. It is dus hoe dan ek in heikerwei om yn it Frysk (of lykfolhokker westerske taal) in langer gedicht yn daktilyske fersen te skriuwen. Dat wie it foar de Griken ek wol (ek foar har ‘foel’ de jambe folle nofliker, en it is noch altyd in striidpunt ûnder learde lju hoe’t se op it idee kommen binne harsels te pleagjen mei dizze fersfoarm), mar as it de dichter slagge wie in heksameter te meitsjen (en dêrby kamen de fêste formules him fansels o sa fan pas), dan koe der by it publyk gjin misbegryp wêze: lang wie lang, en koart wie koart, en dat hearden jo, krekt sa’t in Frysk publyk it ferskil tusken ‘tiid’ en ‘tyt’ ek net útlein hoecht te wurden. Dêr komt dan noch by, dat de Griken, om it harsels in bytsje makliker te meitsjen mar ek om net al te monotoane fersen te krijen, altyd de mooglikheid hiene om in daktilus (lang-koart-koart) te ferfangen troch in spondee (lang-lang). Ek dat is by ús eins ûnmooglik: wy kinne net trije (of fiif, of sân, njoggen of alve) wurdlidden dy’t allegear klam drage oan elkoar riuwe.

Bruinsma hat derfoar keazen, om just safolle mooglik daktilyske fersen te skriuwen, dus mei hieltiten ien swier en twa lichte wurdlidden. Myn punt fan krityk is, dat allinnich in lêzer dy’t dat yn ’t foar wit en dat hieltiten yn ’e holle hat, dat metrum derút hellet. En dan noch. Bruinsma syn gefoel foar ritme kin spitigernôch lang net meunsterje tsjin syn taalgefoel, en dat makket dat men geduerich stûket en ompuzelet hoe’t in fers eins lêzen wurde moat. Soks is funest foar dizze poësij, dy’t krekt oraal fan karakter is en it fan ’e foardracht hawwe moat. Yn it boppesteande fragmint giet it lang goed, mar tsjin ’e ein komme der in pear fersen dy’t mar mei lijen metrysk te lêzen binne. Bygelyks:

 

518      “Och, earme / siel! jo / hawwe al / gâns leed troch- / stien yn jo / herte

en

522      Mar ei / kom, gean op / dizze stoel / sitten. En / lit ús ús / smerten

523      rêste / litt’ yn ús / herte, / ál hoe fer- / trietlik wy / binne.

 

De klam op ‘hawwe’ (518) en op ‘dizze’ (522) en ‘sitten’ is folslein tsjinnatuerlik, en by gewoan lêzen soe men just de wurdlidden ‘ear(me)’ ‘leed’ (518) en ‘stoel’ (522) klam jaan. It is ek net dat hjir huzarestikjes úthelle wurde moatte om it Gryksk wer te jaan, en dat men hast net oars kinne soe en set sa oer. Blykber fielt Bruinsma sels net oan hoe knoffelich oft dizze fersen rinne, want sa dreech is it net om der wat oars fan te meitsjen. Fers 518 soe al in stik opknappe as men gewoan it twadde wurdlid fan ‘hawwe’ elidearje soe en ‘leed’ skrasse, en foar 522 klinkt ‘Mar ei kom, jou jo del op in stoel’ (‘dizze’ stiet der ek hielendal net yn it Gryksk) ek al in ein better.

Wat ek opfalt yn dizze rigels, is dat Bruinsma net faak in wurd oerrinne lit fan ’e iene foet yn ’e oare. It is my net dúdlik oft dat in bewuste kar fan ’e oersetter west hat, mar foar it ritme fan ’e fersen is it in ramp. Utsoarte falle sokke lange fersen yn twa of trije partsjes útinoar, en dat wie yn ’e Aldheid net oars. Der wiene dan ek strange regels om foar te kommen, dat dy partsjes tefolle op elkoar liken. De skieding (de fakterm is ‘sesuer’) moast eins altyd falle neiin lang (of swier) wurdlid (minder faak foarkommende mooglikheden lit ik no gewurde). Jo krije dan automatysk in ferdieling yn in fershelt dy’t begjint en einiget mei in swier wurdlid, folge fan in fershelt dy’t begjint en einiget mei in licht wurdlid. Troch dy skieding net yn elk fers op itselde plak te lizzen, ûntstiet dus de breanedige ôfwikseling tusken dan wer wat langere en dan wer wat koartere ienheden, sûnder dat oait twa ienheden op elkoar folgje dy’t krekt gelyk binne. Sjoch bygelyks dizze twa fersen fan boppesteand fragmint.

 

488      Mooglik benearje him ek // de ringsom him wenjende minsken

            en is der gjint // om fan him ferdjer en ûnheil te kearen.

 

Mar al te faak is Bruinsma lykwols ek foar dat aspekt blyn en dôf. De beide fersen hjirboppe kinne ‘goed’ lêzen wurde, mar it earste hat ek twa wurdskiedings nei ‘him’, en dat is dus neffens it klassike metrum net tastien. Soks is steurend, net om’t ien of twa klassisy deroer stroffelje, mar omdat fersen mei de sesuer op it ferkearde plak it poétyske geniet ûnderbrekke. Dizze twa fersen binne bygelyks kwalik ‘goed’ te lêzen troch de sesueren presys op ien- en twatredde (532) en op healwei (539).

 

532      Skriklike kreupelsjocht // driuwt him oer hiel de // blinkende ierde

            …

539      yn syn paleis net in neiteam // berne fan prinslike soannen.

 

Goed 50 jier in Einzelgänger
Fan ’e Latynske dichter Vergilius wurdt sein, dat er syn fersen beslikke ‘as in bearinne syn jongen’. It wie him fuort net goed, mar hy file en die der noch skoften op om, en as er deis ien nei syn eigen sin goed en moai rinnende heksameter ôflevere hie, wied er tefreden. Bruinsma is dúdlik sa net te wurk gien. As men de parten fan ’e Odyssee dy’t yn ’e Fryske Studinte Almenakken ferskynd binne (fan ’e jierren 1954 oant en mei 1958 en 1960), ferliket mei de definitive útjefte, is der net safolle feroare. In lytse helt fan ’e fersen is identyk bleaun (ôfsjoen fan ’e gefolgen fan ’e staveringsferoaring fan 1980). Yn ’e fersen dy’t oerbliuwe is faak ek noch net mear feroare as persoanlike foarkarren lykas ‘fonkjend’ foar ‘fûnkjend’, ‘gong’ foar ‘gie’ en ‘Fajêken’ foar ‘Faiêken’. Fersen dy’t werklik oars wurden binne, meitsje mar sa’n 40 % fan it gehiel út. Yn ’e regel binne der dan ien of mear wurden troch synonimen ferfongen, of de grammatikale konstruksje is oanpast. Mar se binne foar myn gefoel like faak minder wurden as better. It moai argayske ‘Fader Zeus’ (Od.5, 7) is ûnnedich feroare yn ‘Alfader Zeus’ (nei alle gedachten om ynstee fan de spondee in daktilus te krijen), en wy komme it op oare plakken ek noch in kear oars tsjin as ‘O heit Zeus’ (Il.1, 503). In dúdlik foarbyld is ek Od.6, 20, dat yn 1954 sa wie:

 

Hja lykwols strûsd’ as in twirre fan wyn nei it bêd fan it fanke,

 

mar no sa wurden is:

 

Mar as de amme fan wyn strûsd’ Athene nei ’t bêd fan it fanke.

 

Blykber hat de oersetter de wurden ‘Hja lykwols’ te keunstmjittich fûn, of hy woe dúdliker meitsje dat Athene hjirre it ûnderwerp is (al stiet de namme net yn it Grykske fers). Mar dat is slim op kosten gien fan it ritme en it metrum: it lange en ek noch elidearre ‘strûsd’ is no ienkoart wurdlid wurden (mei deselde metryske wearde as de Afan ‘Athene’), wylst it dêrfoar just troch syn langte presys op it goede plak stie (‘amme’ is op dat plak folle minder, omdat it earste wurdlid nettsjinsteande de klam gewoan te koart duorret). Jo hearre yn ’e earste ferzje de goadinne strûzen – 50 jier letter knoffelt se de sliepkeamer yn (dat ‘nei’t’ foar it ‘bêd’ in koart wurdlid ferbyldzje moat, makket de saken der noch minder op).

Dingen dy’t al dúdlik korreksje nedich wiene, binne lykwols gelyk bleaun. Sa is dêr Bruinsma syn frijwat nuveraardige werjefte fan ’e klassike nammen. Foar de leek sjocht it der mooglik wakker autentyk út, mar it is in griemboel. ‘Akhilleus’ (yn ’e ynlieding: ‘Akhilles’) en ‘Diomêdes’ eagje wol nijsgjirrich, en by de lêste hat men noch it foardiel dat syn namme troch Frysk-lêzers sa’n bytsje op syn Gryksk útsprutsen wurdt (al hie it dan eins ‘Diomêdês’ wêze moatten), mar dan hat men de foardielen wol hân. Konsekwinsje is fier te sykjen (de slotletter fan ‘Athene’ [yn ’e ynlieding: ‘Athêne’], ‘Hékabé’ en ‘Skéria’ is yn it Gryksk deselde), en inkeld guon fan de alderbekendste nammen binne neffens ynternasjonale wizânsje skreaun – wylst dêr no krekt wat foar te sizzen west hie om de staveringsregels foar frjemde wurden yn it Frysk op ta te passen (sa’t ik yn dit besprek ek doch). It nuverste is noch, dat oan ’e iene kant kwa wurdbyld oansluting socht wurdt by it oarspronklike Gryksk(der fynt in soarte fan rûge translitteraasje plak), wylst dêrby yn mearwurdliddige nammen hieltiten de aksinten neffens it Latynskeof humanistyske systeem oanjûn wurde. Wat dizze oersetting mist hat, is in meilêzend klassikus. (Dy hie de oersetter nei alle gedachten ek behoedzje kind foar de dochs wol pynlike flater, dat er de namme ‘Patroklos’ konsekwint brûkt mei de klam op it twadde wurdlid. Sa hat Bruinsma it op it Grifformeard Gymnasium net fan syn learmaster Kok heard! Is dizze klam sa al mei sin, dan hie ik itselde ek by ‘Herakles’ [soms ek ‘Hêrakles’] ferwachte, mar dat krijt àl de klam op it earste wurdlid – dêr’t er heart, nettsjinsteande de ûnkunde fan hjoeddeiske sportferslachjouwers.) Dan hie de oersetting ek ynhâldlik en stilistysk noch op gâns punten ferbettere wurde kind, al wit ik dat dat fan dizze oersetter tefolle frege is, yn wa’t wy net de bearinne mei syn jongen treffe, mar earder de bear dy’t leafst syn eigen ienlike wei giet en raar grânzgje kin as ien syn paad krúst.

 

Redaksje en útjefte
Wat wier is, moat wier bliuwe: it is prachtich dat dizze oersetting net leit te stofgarjen yn Tresoar mar foar elk te keap is. De útjouwer is rûnom lof taswaaid dat er net op ’e kosten sjoen hat en der twa rejaal foarmjûne boeken fan makke hat. Terjochte! Wat al eefkes oars moatten hie, is de korreksje. Dy’t de boeken yn ’e kast stean lit hat der gjin lêst fan, mar spitigernôch tilt de tekst op fan ’e flaters. (Mei ‘optillen’ bedoel ik: trochinoar ien flater yn tritich rigels. De boppe sitearre passaazje is fierhinne flaterfrij. Mar ynIl. 23 giet de frekwinsje soms nei 1 op 15.) Dan giet it oer spaasjes tefolle of te min, weilitten of dûbeld typte letters, restanten fan ’e âlde stavering, hollanismen (‘versierde’ yn Il.23, 885), taalflaters, ferkearde nammen (Automedon yn Il.17, 475 moat Alkimedon wêze) – wat jo mar oan flaters betinke kinne. Dizze resinsje is net it plak om dat allegear fierder út te mjitten, mar by ien dy’t it altyd, as er net oan it oersetten is, aardich opsizze kin oer in oar syn lek en brek, moat ek dit aspekt fan ’e saak beneamd wurde. Dat hege tal flaters sil grif debet oan wêze, dat de tekst oanlevere is sa’t er yn Drachten út in meganyske typemesine wei kommen is (en kenners witte, dat de letters fan dat apparaat noch yn dit, noch yn it foarrige millennium oait in kear himmele binne) en dus fan begjin ta ein noch yn ’e kompjûter ynfierd wurde moast. Mar just dan: njonken Bruinsma syn eigen typeflaters komme dêr dan noch mear by, en dêr binne blykber alle belutsenen te licht oerhinne waaid. It is ek in poepetoer om sa’n ûnbidich wurk sa goed mooglik konsekwint en flaterfrij te krijen. Likegoed, alle kearen as ik no wer in pear bledsiden lês, krij ik it gefoel net allinnich in monumint fan in oersetting, mar ek in miste kâns yn hannen te hawwen. Want in nije Fryske Homearus krije wy fuort net wer.

 

Klaas Bruinsma, Homêros. Iliasen Odusseia, Utert, Steven Sterk, 2004.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels