Frysia, it suske fan Fiebe

Publisearre op 21 oktober 2020

ARJANNE NIJP – 

Itselde kraagje fan papieren bûsdoekjes, deselde flechtsjes en itselde kanten bloeske. Frysia liket wol ‘it suske fan’ Fiebe. Se is de lêste yn in rige fan 4 foto’s dy’t keunstfotografe Jenny Boot makke, spesjaal foar har solo-eksposysje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.

 

“Het is gewoon een truitje dat ik toevallig vond bij de kringloop.”

 

Frysia hat in hiel opfallende ‘toai’ op ‘e holle. It liket wol in mûtse mei opsteande rannen fan broderie. “Het is gewoon een truitje dat ik toevallig vond bij de kringloop” fertelt Jenny. “Met de inspiratie van het museum bij me, en mijn interesse voor klederdracht, viel het me op en daarom heb ik het meegenomen.” Fiebe, it model, moest har holle wol goed rjocht hâlde foar de foto. “Ik heb er verder niks aan veranderd maar het gewoon over haar hoofd gedrapeerd. Soms zakte het een beetje weg, maar dat kan ook net het goeie shot opleveren.”

It liket in folsein by elkoar hearrend kostuum. “Maar eigenlijk is alles wat je daar ziet niks” seit Jenny. Het kraagje is gemaakt van tissues, en het bloesje is een lap kanten stof. Ik houd van kleding met transparantie, dat je nog wat huid kan zien.” Dy fassinaasje foar hûd en kant is ek werom te sjen yn de oare portretten dy’t Jenny al earder makke, en ek yn de eksposysje hingje. It jout de wurken in licht-erotyske lading, mar leveret ek in moaie spanning op tusken doe en no. Wa’t se sjen wol moat der gau by wêze, want de tentoanstelling rint noch krapoan oardel wike.

 

De eksposysje ‘Boot is back! Kunstfotografie van Jenny Boot’ is oantemei 1 novimber te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Om de wike hat ‘de Moanne’ ien fan de nijste foto’s foar it fuotljocht brocht op de website. Lês ek it artikel oer de foto fan Fiebe, oer Amaze of Gouden ChajaMear oer de eksposysje fia: www.friesscheepvaartmuseum.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels