Fiebe en Klaeske

Publisearre op 9 september 2020

ARJANNE NIJP – 

Se sjocht dy oan. Yndringend. In bytsje strang, miskyn. Soe se lilk wêze? Ferfeelt se har? Of soe se op dy delsjen? Hoe langer ast yn dy blau-grize eagen sjochst, hoe mear ast dy ôffregest: wat giet der yn dy om, Fiebe?

Fiebe is in resint wurk fan keunstfotografe en âld-Snitser Jenny Boot. Spesjaal foar har solo-eksposysje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits, makke se 4 foto’s ynspirearre op wat se dêr seach. Fiebe ûntstie mei it portret fan Klaeske Willems Bootsma yn ‘e achterholle. En it liket wol oft Fiebe har ta de bek útstapt is.

 

Hoe langer ast yn dy blau-grize eagen sjochst, hoe mear ast dy ôffregest: wat giet der yn dy om, Fiebe?

 

“Natuurlijk hebben ze dezelfde vlechtjes in het haar. Maar het is vooral de blik,” fynt Jenny Boot sels. “Ze kijken beide een beetje subtiel bozig. Op foto’s uit de oude tijd zie je nooit mensen glimlachen. Dat kon natuurlijk ook niet, vanwege de lange sluitertijden. Maar ik vind dat fascinerend. Het geeft een portret veel meer diepgang en karakter.” Jenny’s modellen steane dêrom ek altyd earnstich op de foto.

 

 

Wat Klaeske wol en Fiebe net hat, is in bargeblom yn har hân. “Dat is in symboal foar warberens en hoop,” wit konservator Meindert Seffinga. “Mar it kin ek betsjutte dat je greidelân besitte. En dat kloppet, want Klaeske’s heit wie boer by Ysbrechtum. Se troude sels letter ek in mei boer.” Se moat  in jier as 15 west ha doe’t Johannes A.M. Haak har portret makke. Dy wie, lykas de measte portretskilders doedestiids, mar in pear jier yn Fryslân oan it wurk, en reizige dan wer fierder. Haak wie troud mei Sijke Tichelaar, fan de Makkumer ierdewurk-famylje.

It model op de foto, har echte namme is ek Fiebe, is 17 jier en komt út Antwerpen. “Ze is nog heel jong, maar ze heeft echt een goeie blik,” fynt Jenny. Wat der echt yn har omgong by it meitsjen fan de foto, wit se net. “Ik ben niet zo met het model bezig, ik ga echt voor de foto. Misschien zat ze wel een beetje ongemakkelijk, maar dan kan dat net even helpen om die blik te vangen.”

De eksposysje ‘Boot is back! Kunstfotografie van Jenny Boot’ is oantemei 1 novimber te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Om de wike sil ‘de Moanne’ ien fan de nijste foto’s foar it fuotljocht bringe op de website. Mear oer de eksposysje fia: www.friesscheepvaartmuseum.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels