Gouden Chaja

Publisearre op 7 oktober 2020

ARJANNE NIJP – 

It blinkende goud fan it earizer springt fuort yn it each ast har sjochst. Lykas har mysterieuze eachopslach en de reade lippestift. Chaja is, krektlyk as Amaze, ien fan de mear eroatyske portretten dy’t keunstfotograaf Jenny Boot makke, speciaal foar har solo-tentoanstelling yn it Fries Scheepvaart Museum.

 

“Ik heb haar gevonden via Instagram.”

 

“Chaja’s uitstraling is ook wat erotischer als die van bijvoorbeeld Fiebe”, fynt Jenny sels. “Ik heb haar gevonden via Instagram. Het is een creatief meisje, niet zo’n typisch modellenburo-model. Ik wist ook door andere foto’s die ik van haar had gezien, dat ze ditsoort dingen wel durft. Doordat je haar tepels net wel of net niet ziet, wordt het spannend.”

It earizer en mûtske dat Chaja op ‘e holle hat, komt út de kolleksje fan it museum. It is in hiel lyts earizer, warskynlik hat it fan in famke west. En it liket fan goud, mar yn werklikheid is it fan fergulde koper. “Het lukte niet helemaal om het mutsje er goed op te krijgen” fertelt Jenny. It floddermûtske is fan ûnbewurke tule, en der sit ek gjin fersierde râne oan. Nei alle gedachten waard in droegen troch in frou dy’t yn ‘e rou wie.

Benammen foar Fryske boerinnen wie it earizer yn de 19e iuw in statussymboal. It waard dêrtroch ek hieltyd grutter, fan in smel bûgeltsje om in mûtse mei fêst te setten – nei de nau slutende ‘helm’ dy’t it liket. Rûn 1900 wie it alwer út de moade, mar it grutte gouden earizer waard noch lang sjoen as typysk Fryske dracht.

“Ik heb wel eens gehoord dat meisjes bij hun eerste menstruatie een oorijzer kregen” seit Jenny. “Hun haar werd dan ook afgeknipt om dat oorijzer te laten passen. Het was eigenlijk ook een teken dat ze huwbaar was.” It goud-koperen earizer en it spannende, djippe decollete fan Chaja foarmje sa in moai kontrast tusken âld en nij.

 

De eksposysje ‘Boot is back! Kunstfotografie van Jenny Boot’ is oantemei 1 novimber te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Om de wike sil ‘de Moanne’ ien fan de nijste foto’s foar it fuotljocht bringe op de website. Mear oer de eksposysje fia: www.friesscheepvaartmuseum.nl. Lês ek it artikel oer de foto fan Fiebe of oer Amaze.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels