Alderferskuorrendst, Amazing: Amaze

Publisearre op 23 september 2020

ARJANNE NIJP – 

It is har persoanlike favoryt op it stuit. Amaze is dan ek ek in ‘amazing’, alderferskuorrendst moaie foto. De makker, Jenny Boot, glimt der sels ek fan, as se der nei sjocht. “Eigenlijk is een werk meestal wel favoriet als ik het net heb gemaakt, maar deze blijft wel lang hangen.”

Amaze is ien fan de 4 foto’s dy’t keunstfotografe Jenny Boot spesjaal makke foar har solo-eksposysje yn it Fries Scheepvaart Museum. Se brûkte guod út de kolleksje en liet har ynspirearje troch wat se hingjen seach yn it museum.

 

“Ik vind m zo mooi omdat je lekker veel huid ziet.”

 

It model, Chaja Girard, hat donker hier en donkere eagen. Op har geve gesichtje binne, hielendal symmetrysk, pearels plakt. Troch de transparante top hinne, sjochtst ek peareltsjes op har boarsten en tattoeaazjes op har earms. “Eigenlijk werk ik nooit met tatoo’s, maar bij deze foto vond ik het wel heel mooi passen” fertelt Jenny. “Het is een doolhof, ‘maze’ in het Engels. En haar blik is ook een beetje verbaasd.” Fandêr dus de namme, Amaze.

“Ik vind ‘m zo mooi omdat je lekker veel huid ziet. Ik hou wel van bloot, het mag allemaal wel wat minder preuts, vind ik.” De foto is makke by in rút. “Als je van dichtbij kijkt zie je de reflectie van de bomen die buiten staan, in haar ogen. Er is zoveel te zien, je blijft gewoon kijken.”

Om’t der safolle te sjen is, falt it mûtske dat se draacht net fuortendaliks op. It is in kanten floddermûtske út de kolleksje fan it Fries Scheepvaart Museum. De achterkant, fan trochstoppe en flink stisele tule, is op de foto net sichtber. Chaja hat it ek net op sa’t it bedoeld is, want eartiids waard it droegen oer in earizer hinne, en mocht der gjin toefke hier mear te sjen wêze.

 

De eksposysje ‘Boot is back! Kunstfotografie van Jenny Boot’ is oantemei 1 novimber te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Om de wike sil ‘de Moanne’ ien fan de nijste foto’s foar it fuotljocht bringe op de website. Mear oer de eksposysje fia: www.friesscheepvaartmuseum.nl. Lês ek it artikel oer de foto fan Fiebe.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels