Frjemdling yn in frjemd lân

ERIC HOEKSTRA – 

Der is mar Ien perron.

It is it Perron by de stêd mei de namme fan it Fean.
It Fean hat syn namme krigen fan it fean dat de Heare sa gol yn it Suden fan Fryslân waakse litten hat. Sadwaande ek de namme Hearefean, mar dy is letter troch oanhingers fan ôfgoaden en oare hearen yn ‘e moderne tiid ferbastere ta It Hearrenfean. Lyksa is de Rijksscholengemeenschap Heerenveen, in rjocht en sljochte namme, letter opkreaze mei in Âldnederlânske stavering en hjit no Sevenwolden, omdat se op skoallen troch de managerbeammen de learlingebosk net mear sjogge. Dêrom ek sân wâlden. Wêrom net tolve? Wêrom net Ien?

Wêrom Fean fan ‘e Hear? Yn eardere tiden wie alles fan ‘e Heare en alles moast earlik ferparte wurde ûnder it folk. Nei sân jier ferfoelen alle jildskulden, en nei fyftich jier krige elke famylje it lân werom dat se oarspronklik yn besit hân hiene. Sa stiet it alteast yn it Boek. Mar doe kamen de hearen dus en de hearen woene net dat jildskulden nei sân jier ferfalle soenen. En de hearen woene net dat se it lân fan har states werom jaan moasten oan ‘e famyljes dy’t it oarspronklik yn besit hân hiene. En doe kamen der boeken by de rûs. Foar elke hear wat. Foar grutte hearen en lytse hearen en rike hearen en earme hearen. Foar elk wat fan syn gading. It perron docht bygelyks tinken oan it perron fan Simon Vestdijk út “De Kelner en de levenden”.

It is stiif, keunstmjittich, ûngesellich, keal en lang dat der is amper oer gear te kommen: krekt as de boeken fan Vestdijk, sis mar. Mar ek dit perron, hoe fier oft it ek ôfdwaald is fan it oarspronklik paradyslik konsept, docht yn ‘e fierte noch tinken oan dat seldichste oarspronklik konsept, krekt as it boek fan Vestdijk sismar tebek harket nei it oarspronklike Boek.

Der is in woldiedige stilte op it perron en der binne gjin jachtsjende minsken. Corona is in sykte dy’t goed docht en kwea docht. Kwea docht: makket minsken dea, krekt as de duvel en syn trawanten graach wolle. Goed docht: bringt rêst en besinning foar in protte minsken, dy’t jachtsje en miene oeral hinne te moatten. Dy wurde stil set. Lao Tse sei al: wat soe it moai wêze, as it iennichste wat je fan it doarp nêst jowes hearden, is it kraaien fan ‘e hoanne. Al dat oerstallich is yn de maatskippij, dat stiet stil en moat him besinne op ‘e sin fan it libben. Gjin festivals, gjin teater, gjin lêzingen, gjin kroegen, amper winkeljend publyk, gjin iepenbier leven, amper sosjale ferplichtingen: yn ien wurd, hearlik. By my yn ‘e strjitte boartsje de bern wer. Oars kin dat net fanwege de autoferslaving. Dit is in foarsmaak fan it paradys. Mar spitigernôch net foar elkenien.

Perron is net sa mar in wurd. It perron hat syn namme krigen út it Latyn Petrone, en dat betsjut “grutte stien”. En Petrone bestiet wer út twa wurden. It wurdsje –on wurdt brûkt om dingen grutter te meitsjen, om dingen op te blazen, krekt as in âldfrinzige stavering of djoere merkklean. En Petro– komt fan Petrus ‘Rots’, dat is de Grykske namme fan ‘e apostel dêr’t Jezus Kristus Syn Gemeente op bouwe soe. Jezus Kristus is letter troch de oerheid fermoarde te Jerusalem, krekt as noch altyd mei Syn neiteam bart yn bygelyks Islamityske lannen of Noard-Korea. Neffens SDOK “opdat wy yn ‘e frije wrâld begripe sille wat radikaal leauwen is.” Want ja, ‘geweldleas’ en ‘earlik diele’ en ‘begjin by dysels’, dan binn’ je oan ‘e beurt.

Mar goed, dat boadskip is te uzes yn in see fan ôfgoaden en ôfboeken ferdronken.  Lykwols, it perron tinkt der oars oer. Want by dit perron binne mar twa spoaren. De goeie kant út of de ferkearde kant út. It oare is allegear neat, sa’t Preker seit, en jacht meitsjen op ‘e wyn.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.