Stikjes antwurd

Publisearre op 17 juli 2020

ALBERTINA SOEPBOER – 

Op in stasjon kinst fuortgean of oankomme. Fuortgean, dat is in fierte yngean dy’t net bekend is, dy’t fragen opropt en miskien letter in kear antwurden jout. Fuortgean, dat is dy nuvere miks fan gefoelens op de grins fan langstme en pine. Ik wol in antwurd, dat is myn langstme, mar as dat net komt, wat doch ik dan? Dan bliuw ik achter mei myn pine. Fuortgean is de komfortsône útgean.

Oankomme, dat is mei oare dingen ferbûn. Oankomme, dat is thúskomme nei in reis en dy deljaan op ‘e bank. Oankomme, dat is de tas útpakke en de dingen teplak sette. Oankomme, dat kin it momint wêze dat der antwurd kaam is op de fragen dy’t hearre by fuortgean.

Op stasjon Harns gean ik moarns in pear kear yn ‘e wike fuort nei Ljouwert ta. Winters ride wy troch in tsjustere en wiete tunnel dêr’t it benei noait mear friest. Simmers is alles fan ljocht wurden, en sa drûch dat de boppekant fan ‘e seeklaai gewoanwei fuortwaait. Soms is it al sa waarm yn ‘e trein dat it plestik fan ‘e banken net te fernearen is. Ik sjoch nei bûten. Klimaatferoaring is in dreech en net noflik wurd. Dit is it no en wat kin ik dwaan?

As ik op myn wurk oankaam bin, is der gjin tiid mear foar gedachten. Wurkje yn it middelber ûnderwiis is in hektysk avontuer. Lesjaan en leare kin net op de automatyske piloat. Dat gegeven stiet yn pynlike ferhâlding ta it strakke systeem dat fan it ûnderwiis makke is. Dus dat betsjut sykje nei lykwicht tusken wat kin en wat moat. En wêr leit de grins fan wat wy dogge?

Middeis gean ik nei hûs ta. Underweis wienen der wolken fansels, fansels. Of roeken en ferdwaalde harten. Ik tink oan de learlingen en hoe’t se op skoalle in wrâld yn kaart bringe dêr’t op it stuit in protte op ferskoot. Wat kinne se leare yn in kwetsbere taal as it Frysk. Wat makket har sterker as it giet om wa’t se binne as meartalige minsken. Of wat kinne se mei Spaans dat sprutsen wurdt op in grut kontinint dat letterlik en figuerlik op ferskillende plakken yn ‘e brân stiet. Ik gean op hûs oan. Miskien is dit in stikje antwurd.

Ien kear yn ‘e wike bin ik net allinne op stasjon Harns. Dan reizgje ik mei myn soan fan njoggen nei syn skoalle ta. Hy jout dingen nammen dy’t my ûntkomme. Hy kin útlizze oer koäla’s, bushbrannen yn Australië en klimaatferoaring. Hy makket op skoalle dêr in powerpoint oer op syn iPad. Hy praat en skriuwt Ingels as er oan it gamen is. Hy leart op manieren dy’t ik my as bern net yntinke koe.

As wy thúskomme fan skoalle, wol er graach tee. Dat woe ik ek as bern. Dan bout er op syn playstation fierder oan in stêd mei in protte beammen. As ik yn de keuken it ljocht besjoch yn de beam fierderop, wit ik dat dat in stikje antwurd is.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Perron 1

    JAAP KROL -  Freedtemiddei, begjin maart. Ik bin op stasjon Deinum, in ferhege tegelstrook tusken Ljouwert en Harns. De trein hat my rêstich ôflevere en [...]

  • Kategory: Perron 1

    ERIC HOEKSTRA -  Der is mar Ien perron. It is it Perron by de stêd mei de namme fan it Fean. It Fean hat syn [...]

  • Kategory: Perron 1,Poëzij

    WILLEM WINTERS -      nei G   ik gean net nei bommel om de trein te sjen ik bin ûnderweis mei it boemeltsje nei [...]