Perron 1

Publisearre op 21 augustus 2019

JAAP KROL – 

Freedtemiddei, begjin maart. Ik bin op stasjon Deinum, in ferhege tegelstrook tusken Ljouwert en Harns. De trein hat my rêstich ôflevere en sil hjirnei noch sân kear spesjaal foar my stopje – izich kalm en op de sintimeter presiis.

Fierderop, op de krusing fan de Hegedyk en de Blessumerdyk, kletse twa skoaljonges. Echte pubers, sa te sjen: de ien hinget op de fytsstange, de oar leit yn it gers. As nei in kertierke chillen de wegen skiede, roppe se sa lang mooglik nei inoar, oant de wyn har de wurden ôfsnijt. Miskien ha se it oer in famke hân (Anita, Berber) en wolle se it leafst wat nei har roppe, soks hearre jo dan wol yn de trilling fan de stim. Mar dat komt krekt. Sa’n rop mei nammentlik net te neatsizzend wêze, mar ek net te klef, flot of lûd. Dus net te, mar ek net te min te. Guon pubers ha der alles foar oer om op in winerige freedtemiddei om trije oere hinne presiis it goeie te sizzen en wachtsje dêrom oant moandei.

Eefkes wat sifers, foar it folume. Stasjon Deinum telt 404 tegels yn de lingte en 10 yn de breedte, wat 4040 tegels makket. Om dy tegels hinne lizze 130 tegelrannen, dy’t wer op 130 blokken beton lizze. Oer de hiele lingte lizze 101 wite tegels, om en om oanlein tusken de grize. Se foarmje in stippelline, dy’t minsken warskôget net te ticht by de râne te kommen. Yn ’e midden fan it perron rint it dûbele tegelspoar foar de blinen. Ynklusyf noppetegels binne dat der 627. Op it perron stiet trije kear it boerd ‘Deinum’, dus dat kin net misse.

Foar de goeie oarder: by dy sifers is net de opgong teld (472 tegels, plus 8 reade leuningen) en ek net de trep fan grinttegels (8 stiks). Ik soe ek noch it tal spoarbylzen telle kinne, mar dy hearre net by it perron.

Al mei al in kreas stikje AutoCAD, dat perron fan Deinum. It moaiste perron is trouwens it eilânperron, dat je allinnich berikke kinne troch it spoar oer te stekken. Je binne al in bytsje fuort, wylst de trein noch komme moat. Je hawwe bygelyks eilânperronnen yn Akkrum, Grou-Jirnsum en Feanwâlden, stasjons dêr’t jo nei alle gedachten goed ôfskie nimme kinne, hoe treurich dat soms ek is.

As de jonges út it sicht binne, fytst in frou de Blessumerdyk op. Se beukt boppe it stjoer, om’t de wyn hurd is en de fyts net fuort wol wat sy fan him freget. Blessum is noch fier, it earste punt is de s-bocht yn de keale dyk. Dêrnei hopet se op wat moederaasje fan de krekt snoeide wylgebeamkes. Ik ha mei har te dwaan, mar ek mei mysels, om’t ik wit dat it byld fan dy ploeterjende frou ferdwynt. Yn ús kalkulearre, meganisearre en elektrifisearre wrâld komt oan alle geploeter ommers in ein. Ljouwert komt ek yn grutte kavels, lykas de nije keunstgersfjilden fan Deinum. It is dus net oerdreaun om te stellen dat ik sintimeter nei sintimeter oerlibbe wurde sil.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels