Ensafh-feest

Frysk literêr tydskrift ensafh pakt út mei Ensafheest mei poëzy en pop yn poppodium Romein

Dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra, Geart Tigchelaar.
Bands: De Hûnekop (rock) en New Killer Stars (grunge).

It Frysk literêr tydskrift ensafh hâldt op sneon 12 maart yn Poppodium Romein in literêr en muzikaal evenemint. ensafh wol dêrmei benammen in nij en jonger publyk berikke en waarm meitsje foar de Fryske literatuer. Tagelyk is de jûn bedoeld foar de lêzers en meiwurkers fan ensafh en fierders foar elkenien dy’t ynteresearre is.

Ensafh is ûntstien út de tydskriften Hjir en Farsk en bestiet no twa jier. Ensafh is in unyk tydskrift: folslein frysktalich, it ferskynt 7 kear jiers op papier en is tagelyk ek in ynternettydskrift mei 20 ôfleveringen jiers en alle dagen literêre nijsfoarsjenning. Ensafh is noch lang net bekend genôch, dêrom it Ensafheest: Ensafh noch better op ’e kaart.

Lokaasje: Poppodium Romein, Bagijnestraat 59, Ljouwert
Datum: sneon 12 maart
Ynrin: 19.30 oere
Begjin: 20.00 oere
Tagongspriis: € 5,-

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.