Laven aan ‘Leeuwarden Lonkt’

MARRIT DE SCHIFFART –  Wa’t fotografe Maartje Roos folget op Facebook waard de ôfrûne tiid om ’e earen slein mei oproppen: in fleugel, in poedel, in erker, in antike spegel en modellen, in hiele soad modellen. Alles foar ‘Leeuwarden Lonkt’, de eksposysje dy’t 28 oktober iepene waard yn Kleintheater De Vier Pelikanen en Ljouwert sjenlit […]

Fotomoanne yn de Fryske haadstêd

  TSJOMME DIJKSTRA – Wy brûke bylden om de wrâld om ús hinne te begripen. Bylden fan wat wy om ús hinne sjogge, mar ek op foto’s. Se jouwe ús in grutte tagong ta plakken dy’t ús oandacht hawwe. Elke kear op de dei dat wy de tillefoan yn ús hân ha om it nijs […]

Iepening ‘Rondje om de kerk’ yn byld

COEN WALTMANS –  Ôfrûne snein waard yn de Sint-Margaretakerk yn Boksum de eksposysje Rondje om de kerk iepene. De eksposysje is in gearwurking tusken Noorderlicht Fotografie en Stifting Alde Fryske Tsjerken en is ûnderdiel fan de Noorderlicht Internationale Fotomanifestatie dy dit jier yn Ljouwert plakfynt. Lâns acht ferskillende tsjerken yn Fryslân kinne besikers in rûte fan 55 kilometer ôflizze, en meardere eksposysjes fan fotografen besykje. Der […]

Lokwinske Tryntsje!

Tryntsje Nauta kriget de Gerrit Bennerpriis foar, sa’t de sjuery it neamde, ‘har oandrift ta fernijing, de kwaliteit fan it wurk dy’t oerein bliuwt by elk nij konsept en har ûntwikkeling yn de lêste jierren’. Ek de Moanne hat de lêste jierren in tal kearen mei Tryntsje Nauta wurke. Dat wie altyd spannend en waarm tagelyk. […]

Monumint foar Minnertsgea

THEO KUIPERS –  Bestjoerders fan keatsferienings wurde somtiden in bytsje wyt om ‘e kop as der in merkeljier op komst is. Want jubilea betsjutte ekstra wurk en grutte finansjele útjeften foar de min of mear ferplichte festiviteiten. Der moat in oansprekkende keatspartij organisearre wurde, reunykeatserij, aktiviteiten foar de jeugd, in bysûndere feestjûn en fansels in […]

De dreambylden fan Maartje Roos

MARRIT DE SCHIFFART –  Krekt op tiid waard se wekker. Lykwols, it lêste byld fan de aaklike dream bleau hingjen. It byld – in steigerjend hynder dat har hast fertrape – nestele him foargoed yn har holle. En dus fertaalde se it nei in foto: NachtMerrie. De spektakulêre print smiet har in plak op yn […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.