De Gysbert 2019

De Gysbert 2019

Aggie van der Meer is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2019. Se ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 16 novimber útrikt yn Boalsert. Yn dit dossier alle bydragen dy’t earder oer de skriuwster en har wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.

Nijsgjirrigens as driuwfear fan poëtysk skriuwerskip

De wrâld fan Aggie van der Meer (82) is boud op nijsgjirrigens. As bern al wie se obsedearre troch de wrâld om har hinne, fan de beam yn de tún oant de muoikes dy’t op besite kamen: wat foar meganisme sit dêr achter? Yn ‘e oarlochsjierren kaam de prangjende fraach nei it wêrom fan de oarloch. In fraach dy’t har nea wer losliet, dy’t har libben ynhâld en rjochting jout, sa’t literatuer dat docht, foaral nei har 65e. Har libben, wêryn’t se beide eleminten in plak joech, it tsjingean fan ûnrjocht en it skriuwen fan poëzij en proaza. In erudyt skriuwster, sensityf oant yn har tiennen, tagelyk nochteren as dat nedich is, klankryk en kleurich, fol symbolyk, mar ynearsten ek in frou dy’t net opjout as der ûnrjocht bestriden wurde moat, ek net no’t se âlder wurdt.

Boalsert op it snijflak fan de wrâld

Yn al har wurk, mar benammen yn har debútbondel De stêd, it bist, de ingel (2000) en de ferhaleroman Untdekking fan de wrâld (2004), kiest Aggie van der Meer posysje. Dat is ek it gefal yn Oerfeart. De machtsmeganismen dy’t in rol spylje yn religy en polityk en ta oarloch liede, natuer en miljeu en de posysje fan de frou binne allegeduerigen weromkommende eleminten yn har wurk. Yn it betsjoenend moai skreaune boek Untdekking fan de wrâld waard it eigen libben beskreaun, fan de ferwûndering fan it bern oant en mei it - âld en wiis - weromsjen.

It plak fan Aggie van der Meer

It waait dat it rikket en it KNMI warskôget: koade giel. "No hie dy fytsalvestêdentocht wêze moaten. Dan wie it in prestaasje", seit Paul. Wy binne op wei, twa dagen nei Pinkstermoandei, nei de Grand Old Lady fan de Fryske literatuer, Aggie van der Meer. Skriuwster fan û.o. ‘Lytse roman fan Jon Fels’, ‘Untdekking fan 'e wrâld’ en ‘De dei dat Farah Bezaz ferdwûn’. Aggie krige yn 2011 de Piter Jelles priis foar ‘Oerfeart’.

Wêrom sa hastich?

Pauwehôf, it nijste boek van Aggie van der Meer, foel my wat ôf. Hie ik earder net sa optein west oer har fersebondels en har debútroman Lytse roman fan Jon Fels en de ferhaleroman Ûntdekking fan ’e wrâld, dan hie ik har tredde boek, in novelle, al nei in pear haadstikken oan ’e kant lein. Dat is de konklúzje nei likernôch tritich siden en dat gefoel ha ik ek noch as ik it boek útlêzen ha.

Finzen yn it Politburo

Aggie van der Meer skreau in fraaie en komplekse roman oer in kommunistysk machthawwer – want dat is Ferenc Hacha. Hie er in historysk figuer west, dan wie er miskien wol de belicheming fan Hannah Arendt’s konsept fan de banaliteit fan it kwea – in op it each normale man, dy’t plichtsgetrou syn wurk docht en as lytse radar yn in totalitêr systeem net safolle yn te bringen hat.

'Foor ju ut wete is ut duuster'

Aggie van der Meer wennet yn it âlde sintrum fan Boalsert, yn in boppewente, sa liket it, want men moat in trep bep om fan de foardoar nei de wenkeamer te kommen. Yn de wenkeamer sitte wy oan de achtertafel en sjogge út oer in terraske, dêr't achter noch in stik tún leit.

… oant se har geast meijoech …

Oer nije boekútjeften is, seker yn de Fryske sitewaasje, meastentiids mear te sizzen as allinne ‘wêr giet it oer’ en ‘is it al as net goed?’ Kinst it bygelyks oer de boekepriis ha: €18,50 foar goed 200 siden is eh… djoer... Of kinst it oer (literêre) prizen ha: yn it gefal fan it hjir besprutsen wurk soe Aggie van der Meer in prima kandidaat wêze foar de Gysbert, dy’t se krije moatte soe foar it enoarme oeuvre – poëzije, proaza en toaniel – dat sy yn goed tsien jier opboud hat.

Aggie van der Meer en de jacht op in utopyske frijbrief

Dûnsjend in famke draait de boartlik ûndogense as de grutte lyryske anargistyske Dame fan de Fryske poëzy Aggie van der Meer linich en muzikaal yn in oerweldigjende rykdom fan bylden har taalarabesken. Har debút, it lyts lyrysk en dramatysk epos De stêd, it bist, de ingel (2000), en de tsjokke, njoggentich siden tellende bondel Hân oan ’e muorre (2002) wurde karakterisearre troch in poëzy dy’t, net selden krûde fan humor en dan benammen yn de foarm fan satire, gauris in allegoaryske ynslach hat en yn dy sin de lêzer, ymplisyt, in spegel jout.

Mystyk yn romaanske gedichten

De nije, fyfde bondel De sneinen fan Aggie van der Meer freget in protte fan de lêzer. Yn 52 fersen rint Van der Meer alle sneinen fan it jier bydel, foar elke snein in lang fers, yn koarte rigels grôtfol religieuze symboalyk dy’t derop wachtet om ûntsifere te wurden. De brede, barokke taal dy’t wy fan har kenne hat plak makke foar in keale, ik soe hast sizze ‘romaanske’ fertelling, dy’t idele dichterlikheden lykas (klank)rymfoarmen en enjambemint foar it meastepart links lizze lit.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.