De Gysbert 2019

Aggie van der Meer is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2019. Se ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 16 novimber útrikt yn Boalsert. Yn it dossier ‘De Gysbert 2019’ alle bydragen dy’t earder oer de skriuwster en har wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.