• 4 oktober 2019

    Aggie van der Meer is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2019. Se ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 16 novimber útrikt yn Boalsert. Yn it dossier 'De Gysbert 2019' alle bydragen dy’t earder oer de skriuwster en har wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.