De universiteit te Frjentsjer, 1585-1843

GOFFE JENSMA – 

Foar wa’t graach oer de ieuwen hinne weromsjocht om it ferline oan it hjoed ôf te mjitten sil it in teloarstelling wêze, want wat stelde it allegear foar, dy universiteit fan Fryslân te Frjentsjer? Fêstige yn in lyts stedsje – mei syn 3623 ynwenners (yn 1689) hie Frjentsjer winliken mear de skaal fan in doarp – foel de universiteit getalsmjittich folslein yn it neat by it tsjintwurdige heger ûnderwiis. Gean mar nei: yn Frjentsjer skreauwen har yn de perioade fan syn bestean, dat wie tusken 1585 en 1843, 14935 studinten yn, trochinoar dus sa’n 58 studinten yn it jier. Fan harren promovearren foarsafier bekend op syn minst 2072 studinten. Al dy studinten krigen les fan yn totaal net mear as 198 professoaren. Dêr kamen op syn meast noch inkelde tsientallen universitêre amtners, lykas teken- en skermmasters, pedellen, akademyprinters, bibliotekarissen, akademyske plysjes ensafuorthinne by. Ferlykje dat ris mei in hjoeddeiske universiteit, mei dy fan Grins bygelyks, dêr’t allinnich al yn 2006 22985 studinten studearren, 244 fte oan professoaren dosearren, dêr’t 2199 studinten ôfstudearren en 336 minsken promovearren. Yn ien jier studearje en dosearje yn Grins tsjintwurdich koartsein mear minsken as yn al dy 258 jier dat de Frjentsjerter universiteit bestie.

Dochs sizze dy lytse oantallen neat oer it doetiidsk belang. Yn de tiid sels, en grif yn de santjinde ieu, oertrof Frjentsjer getalsmjittich de (yn 1636 oprjochte) Grinzer universiteit en beide ynstellingen hiene, elk foar syn eigen gewest, in oerienkomstige en belangrike funksje. De Fryske universiteit wie net allinnich in opliedingsynstitút, mar fungearre ek as wurkplak fan kultuer, as opslachplak fan geleardens, advysorgaan foar de oerheid, symboalysk kapitaal, bewekker fan religieuze noarmen en wearden (soms ek as fersteurder fan ynsliten moraal), as in ynternasjonale trekpleister fan belang; as in transformatorhokje, dat kulturele en wittenskiplike modernisearring út hiel West-Europa ûntfong en trochjoech.

Yn dat alles wie de Fryske universiteit net bysûnder. Net allinnich like er op de Grinzer universiteit, mar syn skiednis past yn in folle breder, West-Europeesk patroan. Yn de sechtjinde ieu stichten yn it Dútske Ryk in soad foarsten in ‘eigen’ universiteit. Sawol de fernijde, humanistyske belangstelling foar de Klassike Aldheid as de Reformaasje spile dêr in belangrike rol by. Yn it Dútske Ryk jilde sûnt de Godstsjinstfrede fan Augsburg (1555) dat elke regio syn eigen ‘religio’ kieze koe en sa’n kar waard faak gelearde krêft byset troch it stichtsjen fan in eigen universiteit mei in dúdlike, teologyske ynslach.

De Friezen hiene fan âlds graach studearre en reizgen dêrfoar nei it bûtenlân, reden wêrom’t se al yn it begjin fan de sechtjinde ieu keizer Karel V – om ’e nocht – tastimming fregen om in eigen universiteit te stichtsjen. De Opstân, it losmeitsjen út it Habsburchske Ryk en de oergong nei it kalvinisme blieken santich jier letter genôch oanlieding om wól de died by it wurd te foegjen. Al frij gau nei’t de katolike earetsjinst ferbean wie en nei’t it rike kleasterbesit nadere wie, besleaten de no soevereine Fryske Steaten om fan de opbringst yn Frjentsjer in eigen gewestlike universiteit yn te rjochtsjen. Dy moast him alderearst rjochtsje op de oplieding fan dûmnys. Al dy katolike prysters moasten ommers ferfongen wurde. By it stichtsjen yn 1584/1585 spile – te ferlykjen mei de Dútske foarsten – steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau in rol, krekt as syn omke Willem fan Oranje dat yn 1575 by it stichtsjen fan de Leidske universiteit dien hie.

De universiteit wie yn it foarste plak in gewestlike en grif gjin stedske ynstelling. Hy hie juridyske ymmuniteit en in eigen akademyske rjochtbank dy’t streekrjocht ûnder it Hof fan Fryslân foel. Grif yn de earste fjirtich oant fyftich jier fan it bestean wie der sprake fan in tige nauwe wikselwurking tusken de bestjoerlike ynrjochting fan it Fryske gewest, de opbou fan de Fryske protestantske tsjerke en tagelyk de útbou fan de Fryske universiteit. Dat wie net allinnich trochdat de universiteit as beropsoplieding foar dûmnys, juristen en medisy fungearre, mar ek trochdat er yn in breder ûnderwiissysteem paste, dat út hûnderten legere skoallen, út boarger- of Frânske skoallen en trettjin Latynske skoallen bestie. Hiel modern wie it reglemint út 1588 – in ‘schoolordre’ – dêr’t fan hegerhân de ferskate foarmen fan heger ûnderwiis yn opinoar ôfstimd waarden.

Oars as tsjintwurdich wie de wittenskiplike struktuer fan de iermoderne universiteit tige oersichtlik en bleau yn de hiele perioade ek frijwol yntakt. It ûnderwiis wie yn Frjentsjer krekt as op oare plakken organisearre yn fjouwer fakulteiten, dêr’t ien min of mear tariedend fan wie, nammentlik de artes-fakulteit, dêr’t studinten les krigen yn de filosofy en de letteren. Yn de medyske, de juridyske en de teologyske fakulteiten waard dêrnei oplaat foar in berop. In bysûnderheid wie it ûnderwiis yn de wiskunde, dat oan leken yn it Nederlânsk jûn waard.

Hoefolle belang de Steaten fan Fryslân oan de universiteit hechten, docht ek wol bliken út it feit dat hja yn de begjinperioade sels it deistich bestjoer op har namen. Earst yn 1604 doarsten se it yn ’e hannen fan in kuratoarium te lizzen. Dat kolleezje koe geandewei hieltyd ûnôfhinkliker operearje en de steedhâlder – as kurator magnificentissimus – krige hieltyd mear toutsjes yn ’e hannen. Hy koe syn posysje brûke om ûnder de Fryske yntellektuele elite in kliïntêle te betsjinjen en oan him te binen.

Organisatoarysk sjoen mocht de universiteit in gewestlike ynstelling wêze, fakynhâldlik fungearre er yn de ynternasjonale kontekst fan de Latynsktalige ‘Republiek der Geletterden’. Daliks al yn de stichtingsakte waard opmurken dat de universiteit der wie foar ‘het nut van het vaderland en dat der buitenlanders’. Op alle terreinen wie dat ynternasjonale karakter te sjen. Fan de 177 heechleararen dy’t dêr oant 1811 dosearren wiene meiinoar 107 fan net-Frysk komôf. Datselde jildt ek foar de studinten. Oer de hiele perioade nommen wie mar 36 prosint berne yn Fryslân, 23 prosint kaam út de oare dielen fan de Republyk en mar leafst 34 prosint kaam út it bûtenlân – meast út it Dútske Ryk en út it – krekt as Fryslân kalvinistyske – Hongarije.

De iermoderne universiteit – en dus ek dy te Frjentsjer ­– wie yn it foarste plak in ûnderwiisynstelling. Earst sûnt de njoggentjinde ieu, en yn Nederlân earst fan likernôch 1850/1860 ôf, ferskode de kearntaak fan de universiteit fan ûnderwiis nei ûndersyk, en dêrmei fan de rêstige studearkeamer nei it drokke laboratoarium. Oan de universiteit fóár 1800 gong it mei oare wurden net yn it foarste plak om útwreiding, mar om reproduksje fan wittenskiplike kennis en om it trochjaan fan de klassike erfenis. Yn maatskiplik opsicht gong it ek earder om ‘reproductie’ fan de elite as om talintfolle jonges fan leech komôf de kâns te bieden om hegerop te kommen.

Frjentsjer hat oer de hiele perioade fan syn bestean tanksij bejeftige professoaren benammen in goede namme op it mêd fan de klassike talen en skiednis. De universiteit brocht in aardich tal ynternasjonaal ferneamde taalgelearden fuort, bygelyks – der binne mear foarbylden tinkber – de santjinde-ieuske spesjalist yn easterske talen Johannes Drusius of de achttjinde-ieuske troch Tiberius Hemsterhuis stichte Schola Hemsterhusiana, in rjochting yn de taalkunde dy’t net allinnich ynternasjonaal neifolging krige, mar wêrsûnder ek it oplibjen yn de njoggentjinde ieu fan in mear wittenskiplike belangstelling foar de folkstaal, dus ek foar it Frysk, minder goed tinkber is.

Sa kin men jin dy universiteit fan Fryslân it bêst foarstelle as in libbene, min of mear op himsels steande Latynsktalige mienskip. Jo seagen dêr de rike ealman dy’t mei in gefolch fan feinten op akademyske rûnreis wie – de grand tour of peregrinatio academica – en dy’t in skoftke yn in lúkse loazjemint ferbleau, tige ferneamde studinten as bygelyks René Descartes, mar ek de ienfâldige Fryske jonge fan ûnbemiddele komôf dy’t siet te blokken foar syn eksamen lânmjitkunde. Knappe koppen dy’t tige serieus mei har stúdzje dwaande wiene en hiele nachten by kearsljocht trochstudearren – ‘lucubreren’ hjitte dat, nêst lawaaierige, omhingjende en rútsjetikjende ‘Franeker loskoppen’, dy’t it ta haadfigueren fan doetiidske sedesketsen brochten en dy’t yn dy lytse mienskip op himsels, mei syn eigen rjochtbank ek – ‘de academische vierschaar’ – troch de professoaren myld en as in heit fermoanne waarden.

Offisjeel makke Napoleon by dekreet yn 1811 in ein oan de universiteit. Hy fierde dêrmei in fûnis út, dat al lang fan tefoaren oankommen sjoen wie. Yn de achttjinde ieu ferdampte it libbene, ynternasjonale karakter en waard de universiteit net allinnich troch hieltyd minder bûtenlânske studinten besocht, mar ek hieltyd minder troch binnenlânske en sels troch Fryske studinten. It bestjoer seach no ek oars nei de universiteit, mear nei de ‘kost’ fan it momint, as nei de ‘baat’ op lange termyn. Yn 1774 waard troch de need twongen in grutte besunigingsoperaasje útfierd. It rêstige, stille klimaat fan it stedsje dat yn 1585 sjoen wie as in geunstige betingst foar de stúdzje, begûn de heechleararen no oan te fleanen. ‘De alleruiterste stilte der stad Franeker, de diepe rust en ledigheid, welke daar heerschen, hebben my, ik weet niet welke eene droefgeestigheid ingeboezemd’, miende de ferneamde Petrus Camper. It kennisreproduktive karakter fan de iermoderne universiteit begûn him stadichoan tsjin de ynstelling sels te kearen. Net allinnich yn Nederlân en yn Fryslân, mar ek yn Dútslân ferwaarden in soad fan de mei safolle elan stichte universiteiten no ta ‘Familienuniversitäten’, dêr’t net allinnich kennis einleas wjerkôge waard, mar dêr’t ek in bestjurre elite himsels edukasjoneel elke generaasje wer duplisearre.

Wittenskiplik sjoen hiene sokke universiteiten gjin diel mear oan de grutte ynternasjonale ûntjouwingen. Dy fûnen no plak yn modernere, better ûtillearre universiteiten as dy yn Halle of Göttingen en yn wittenskiplike genoatskippen dy’t fan de santjinde ieu ôf los fan de universiteit funksjonearren.

Yn 1815 waard – binnen it nije, nasjonale ûnderwiissysteem – de universiteit weroprjochte as ateneum, dat wol sizze as in universiteit sûnder promoasjerjocht, dus de facto as in foaroplieding. Foar Fryske studinten wie dat net mear sa nijsgjirrich, dat de ynstelling moast nei in frij kwinend bestean yn 1843 de poarten definityf slute.

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007),  10 (desimber).

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.