De stêd, de priis en de teloarstelling

Publisearre op 11 november 2012

ERNST BRUINSMA –

In feestje bedjerre. Dat bart noch alris yn Fryslân, seker at it giet om literêre prizen hawwe wy wat dat oangiet in reputaasje heech te hâlden. Juster gie it no in kear net oer de provinsjale prizen, mar oer de útrikking fan de Anton Wachterpriis 2012 oan Peter Buwalda, foar syn boek ‘Bonita Avenue’ en de Ina Dammanpriis oan Dr. Wim Hazeu.

Der wie gjin Fryske skriuwer te bekennen, soks is ommers wenst yn dizze provinsje wêr’t de ferpyldering noch foar master op slacht en elk yn syn eigen rûntsje omdraven bliuwt. Dus ek gjin oare pommeranten út it ferneamde kulturele laach fan Fryslân. Mar de sfear wie goed, gjin klachten wat dat oangiet. Miskien sels wol in bytsje saai, sa’t dat eins heart by dizze gelegenheden.

Mar dat wie bûten de boargemaster fan Harns rekkene, want dy soarge dochs noch foar in bytsje fjoerwurk oan it ein fan de middei, yn dy prachtige Grutte Tsjerke. Wat Ljouwert docht, moat hjir ek kinne, tocht waarnimmend boargemaster Roel Sluiter: kultuer ferbine oan city-marketing. Fansels, sei hy, dizze prizen binne moai, Harns is moai, Vestdijk hie sels in pear boeken skreaun dy’t hy hielendal selsstannich lêzen hie. Mar hy hie him wol fertelle litten dat learlingen yn it fuortset ûnderwiis Vestdijk net mear lêze, at harren leararen dat al dienen of koenen. Mar wat hie Harns dan eins oan sa’n Anton Wachterpriis? Der is in Vestdijkkeamer yn it Hannemahûs, der is in byld fan Anton Wachter en der is in boerd op it bertehûs fan de bekende skriuwer. Mar wat krige Harns werom foar dy Anton Wachterpriis, ommers yn al de boeken fan alle laureaten sûnt 1977, spilet Harns gjin inkelde rol. Hy woe hawwe dat Buwalda him belove soe dat Harns yn syn folgjende boek in wichtige rol spilet en dat der om dat twadde boek hinne krekt safolle rumoer komt as rûnom syn debút.

Dat wie der fansels fier by troch, sa’n opmerking kin ik mei alle goeie wil (en wa’t my kin wit dat ik de goeie kant altyd it neist bin) net as grappich of as typysk Harnzer humor fuortstopje. Dizze taspraak bewiist op ‘e nij dat kultuer yn de hannen fallen is fan marketeers, ekonomen en wat noch mear.

Peter Buwalda hold him goed yn syn tankwurd en parearde de boargemaster noch aardich, troch him der op te wizen dat hy fan 1971 is en flink wat boeken fan Vestdijk lêzen hat, miskien sels wol in kenner neamd wurde mei. En foarsitter Hans van Velzen fan de Vestdijkkring wiisde yn syn slotwurd de boargemaster der op dat achter yn de tsjerke toch echt wol mar boeken te keap wienen as dy twa dy’t Sluiter sels neamde. De achte oanwêzige gemeente, noch Mieke Vestdijk sels reagearren echt. Se hienen tink sin oan in hapke en in drankje en wienen ek wat ferbjustere troch dat gebrek oan respekt en dat fertoan fan gebrek oan goeie ferhâldingen en ‘stijl’. Sluiter is dúdlik Frans Timmermans net, dy’t it Institut Néerlandais gelokkich iepen holden hat. Mar Wim Hazeu flústere my yn, neidat hy frege hie fan hokker partij dy boargemaster wie, dat hy net gelokkich wie mei de wize wêrop’t de boargemaster him útlitten hie. En yntusken hat de sjuery ek al fan him hearre litten, sa lies ik yn de LC.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels