De lije side fan ‘e tiid

HARMEN WIND –  

1. Sammelbondel
Jelle Kaspersma is 56 en hat neffens my njoggen Fryske dichtbondels skreaun. De earste, Loft, lân & sé (mei Tsjêbbe Hettinga) yn 1974, de lêste, Ave Marije – Madonna fan Starum, yn 2000. En no leit hjir De lije side fan ’e tiid – in kar (2004). Ferwachtest sa’n sammelbondel by in dichter dy’t syn lêste kromkes takomst tusken de stive fingers troch rûgeljen sjocht en allinne noch weromsjen kin. Hy leit de pinne del, panderet noch ien kear troch syn wurk en wiist op dingen út syn hurdrinnerstiid dêr’t er wiis mei of grutsk op is. En dan leit er ek de holle del.

Neffens my is Jelle noch gewoan warber as skoallemaster yn Genemuiden. Hy sil wol krekt bûten de prepensjoenregeling falle, mar ik kin him om de ien of oare reden net foar my krije tusken it folk op it Museumplein efter in spandoek mei ‘Bak ellende’ derop. Neffens my is er leaver lykme-allinne op ’e fyts ûnderweis op it Kampereilân en lit er hiele oare teksten yn him omgean.

It wol my nammers ek net oan dat er in folslein nije libbensfaze yn wol en dus it wurk oan hjoed ta ôfleit en byset. Mar dat soe kinne fansels.

Hoe dan ek mar, yn ’e mande mei útjouwerij Venus hat er in seleksje makke út syn wurk. It boekje is fjoerread mar sober foarmjûn, mei in stilistysk sânglês (vanitas vanitatum) as iennichste yllustraasje. In kar fan goed fyftich fersen út eigen wurk by wize fan balâns.

 

2. It ûntbrekkende
De earste boarne dêr’t út pjutske wurdt, is net syn debút, mar Fan ’e beuch – Fiskersfersen (1982). Miskien om’t de earste yn gearwurking ta stân kaam, mar ik hie it wol passend fûn om út Loft, lân & sé fan acht jier earder ek in pear priuwkes op te nimmen.

En út wat folget, ûntbrekt Ta de bonken úttekene (1996). Dy bondel is (hoewol’t ek Sleatswâl fol krûden en Bleatlein in Amearika-ôfdieling ha) ynspirearre troch de yndiaanske kultuer. De yndianen (Delawares, Cheyennes) binn’ foar Kaspersma fan grutte betsjutting, benammen ek yn oersettingen. Mar yn dit skift is der blykber foar keazen en lit dy kant der (fierhinne) bûten. Dat is faaks te ferdigenjen: it giet om in aparte tematyk en dy beheint him net ta syn poëzy – en sels net ta it Frysk.

Wat ik minder te ferdigenjen fyn: ik mis in typysk Kaspersma-sjenre, de ‘trijerigels’. Yn de measte (âldere) bondels komme rigen haikoe foar. Hâldst derfan of net (iksels bin der net slij nei), mar sa’n foarm is wól tekenjend en hie dus neffens my yn sa’n blomlêzing net mist wurde kind.

 

3. Magy?
It moaie fan in sammelbondel is, dat de lêzer yn koart bestek oersjoch en ynsjoch krijt. It oersjoch hat te krijen mei de ûntjouwing, it ynsjoch mei de typearring fan de gedichten.

Josse de Haan jout yn syn neiwurd, dat it skaaimerk hat fan in tige wurdearjend besprek, in karakteristyk fan it wurk. Opfallend is hoe faak er de oantsjutting ‘magy(sk)’ brûkt: fiif kear yn amperoan mear as twa siden. De wrâld fan de poëzij fan dizze dichter – syn magyske wrâld – hâldt ta yn ‘de lije side fan de tiid’. Hy ûnderskiedt as tematiken: it skriuwen sels, de wredens fan de tiid, de (ferlerne) ferstoarne leafste, de magy fan fjild en natoer dy’t ferrifelet, de dea.

Ik helje wat ik fan Kaspersma yn ’e kast stean ha foar it ljocht en noaskje der wat yn om. Suver spitich dat ik de oade fan De Haan lies ear’t ik de útsochte poëzy op my ynwurkje litten ha. Hawar, ik gean der (mei yn ’e efterholle it âlde berneliet Ferjit, ferjit, sa ropt it sweltsje) ris rêstich foar sitten om my meinimme te litten.

Sa. Ut. Amen.

Ik besykje en fetsje myn yndrukken gear.

 

4. Religy

god dea?

it soe wat.

niis seach ik syn knypeach

yn it himelske blau fan beulaker (…) (Godsbewiis)

 

Dit fers út Op ’e flerken fan myn tinzen (1989) stiet net yn De lije side fan ’e tiid. Mar dy knypeach komt yn mear as de helte fan de fersen foar. Nettsjinsteande syn argewaasje fan de ‘te bibelfêste skerpskutters’ (17) en ‘it tsjerkefolk’ (51) hat dizze dichter neffens my de religy yn ieren en sinen. Eksplisite uterings fan (bibelske) religiositeit steane bygelyks yn ‘Skepping’ (12), ‘Nokturne’ (16) en ‘It wurge hert’ (44), dat it Joadske bloedritueel fan Pesach mei in Fryske froastnacht ferbynt. Mar folle faker hear ik yn wurdkar en byldgebrûk dat hert bûnzjen. Meastentiids besideburgen.

As er yn ‘De earste kear’ (25) – dat it dichtsjen typearret as de dei fan de lêzer iependwaan – de minsken oantsjut as (…) blinen / dy’t ferlet ha fan slyk in finger en in mûle / dy’t fersen libje lit, dan is dat in ferwizing nei it ferhaal dêr’t Jezus himsels it ljocht fan ’e wrâld neamt en in bline sjende makket troch op ’e grûn te flybkjen en slyk op syn eagen te striken (Joh. 9:6).

De dichter wie as jonkje al in ‘mêstklimmer’, in ‘ûnberikber hege leffert’ (33): hy socht syn heil hegerop. De loft, de himel, de ivichheid, as tsjinwicht fan de ierde, it fergean, de dea. Hy wit wêr’t er thúsheart, as ierdman. Suggestyf beskriuwt er it hjir en no: de rûgens en rauwens fan it bûtenlibben (fiskerij, jacht, oarloch, min waar, froastkjeld, flok, bealgje, sûpe, ûnk, breklikens, fijannich folk – mei út en troch ris wat wetterljocht en winterwille). Foarbygean, gemis, iensumens wurde klassyk, mar autentyk personifiearre yn de stoarne leafste. En tusken dizze en de oare kant, tusken himel en ierde, libje de fûgels, de dragers fan ’e hope, de ferbylding, it leauwe. Wat opfalt, mear as de ûntjouwing, is de gearhing yn sfear en byld.

 

5. Mystyk
En poëzy? Poëzy is it skeppende wurd, dat dwers tsjin de wurklikheid yn de wierheid ta wêzen ropt. Alde byldspraak, werkenber, oertsjûgjend foar de goede fersteander. Sawat tsien fan dizze gedichten binn’ poëtikaal: se beskriuwe wat de dichtkeunst foar Kaspersma betsjut en foarmje sadwaande hantrekken om de oare better te lêzen.

 

altyd bliuwt it in sykjen

om it steile wurd de hurde toan (55)

 

Alle dichtsjen is sykjen om hâld. En hâld (befrijd wêze fan tiid) leit yn de ivichheid. It wurd moat ‘steil’ wêze: gjin grutspraak, mar as in toer nei boppen rjochte; de toan ‘hurd’: net lûd, mar bliuwend, as in stien. In sykjen nei it folsleine wurd, neamt er it dichtsjen op in oar plak (7). De dichter leaut – dwers tsjin better witten yn – yn in wrâld hjirnei, hjirneist, it libben op ’e fêste grûn (55), te berikken mei en yn dat wurd. De âlde vanitasgedachte, it ‘memento mori’, mar dan hjoeddeisk oanklaaid, slacht yn ’e measte gedichten foar master op.

 

it is myn oere noch net

foar ûnbepaalde tiid

mei ik dit liif oanhâlde

pompjend komt der poëzij yn byld

myn hert giet oan op ’e monitor

dit is de wiere kennisse des harten

 

in libbenslang houseritme

dat my dûnsje lit

op de tried fan it ferline

wurden dy’t ik klean jaan wol

stadichoan ûntfalle se my

skûm en sân delslein yn ’e rein (58)

 

Al is er in minske, beheind en ta net folle by steat, it giet him, fier boppe de irony yn dit slotgedicht út, om de wiere kennisse des harten, in achttjin ieuwen âlde oantsjutting fan mystyk ynsjoch, út de gnostyk fan Hermes Trismegistus. Doe’t ik it boekje tichtsloech, kaam my de lêste rigel fan dat hast ferjitten bernelietsje dêr’t ik mei út ein sette yn it sin: It sweltsje libbet yn dyn hert. No sa.

Ik bin it fierhinne mei it neiwurd fan Josse de Haan iens, alteast as ik oeral dêr’t hy ‘magy(sk)’ skriuwt ‘mystyk’ lês. (Nee, dat is gjin gûl om goarre!) En dy ‘tematiken’, och – ik sjoch eins mar ien omfetsjend tema: (…) it hurde yn it sêfte stal te jaan (19): út it fergonklike it ivige te poeren.

Jelle Kaspersma lit de goede fersteander ta yn syn geast. Dy iepenheid, dy hegere argeleazens, is it skaaimerk fan syn poëzy. Hy is it net kwytrekke: te wêzen as in bern (it jonkje ik). Hy skriuwt gjin kryptyske, drege of foarmfêste fersen. Wól oangripende. Hy fart gewoan mei op ’e weagen fan it bestean – gewoan? Nee, hy stiet ûnderwilens iepen, wiid iepen, om wat him bart te fangen yn wurden. Jelle is in fisker yn ’e tiid.

Ik, lêzer, besykje op myn bar de ‘oerlûden’ fan syn âlde liet te fangen. Se komme út ’e djipte, mar se ha gjin grûnsmaak.

Jelle Kaspersma, De lije side fan ’e tiid. Utjouwerij Venus, Boalsert, 2004. 64 siden; € 8,50.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 3 (2004),  10 (desimber), s. 52-53.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.