Besibbens

Publisearre op 12 juni 2019

HENK WOLF – 

Op Frysktalige websites wurdt gauris praat oer de kwaliteit fan it Frysk dat dêr brûkt wurdt. It kommentaar komt der meastal op del dat minsken in wurd of in konstruksje tsjinkomme dy’t yn har eagen gjin goed Frysk is. Wêrom oft dat dan sa is, sizze se der allinnich hast noait by.

Sa krige lêstendeis ien dy’t it oer ‘ferwantskip’ hie it kommentaar dat dat ‘besibbens’ wêze moast. Wêrom waard der net by sein en de ‘dieder’ bekende hurd skuld en bekearde him ta ‘besibbens’.

 

Op Frysktalige websites wurdt gauris praat oer de kwaliteit fan it Frysk dat dêr brûkt wurdt.

 

No begryp ik wol dat minsken ‘ferwantskip’ fluch as Hollânsk lienwurd herkenne – of as ‘hollandisme’, as se dat wurd leaver brûke. En ja, ‘herkenne’ yn de foarige sin is ek sa’n wurd. Fansels is dat ‘ferwantskip’ it Hollânske ‘verwantschap’ mei in Frysk jaske oan. Of it is ‘verwant’, ferfryske ta ‘ferwant’, mei it achterheaksel -skip.

It wurd ‘ferwant’ is in eigenskipswurd, in ‘bijvoeglijk naamwoord’. Sokke wurden liene maklik, krekt lykas haadwurden (zelfstandige naamwoorden) en tiidwurden (werkwoorden). It Frysk tilt op fan sokke wurden dy’t út oare talen komme. In pear foarbylden binne krekt (Frânsk), fûst (Hollânsk) en surfe (Ingelsk). Dat talen dy’t mei-inoar yn kontakt komme, sokke wurden faninoar liene, is mear regels as útsûndering.

Foar de taalpurist binne sokke lienwurden leechhingjend fruit. Se binne maklik te finen en jo hoege net in soad fan taal te witten om deroer te eameljen. Of om se te korrizjearjen, om in oar perspektyf te kiezen.

Mar dat alternatyf, ‘besibbens’, is dat wol sok goed Frysk? Ja, sille guons sizze, it stiet yn myn wurdboek. Mar wa’t it wittenskiplike wurdboek fan it Frysk derby pakt, it Wurdboek fan de Fryske Taal, dy sjocht dat it wurd pas hûndert jier lyn foar it earst fûn waard. En by bloedbesibbens stiet sels as opmerking ‘boekentaal’.

Hienen de Friezen foarhinne dan net it ferlet om te sizzen dat se in foarâlder dielden? Fansels wol en it wurd ‘besibbe’ waard dêr dan ek wakker foar brûkt. Allinnich koest dêr net samar in haadwurd (zelfstandig naamwoord) fan meitsje. Wêrom net? No, ‘besibbe’ is óf in mulwurd (voltooid deelwoord) fan in âlder wurd ‘besibje’, óf it liket dêr sterk op. En achter sokke wurden kinne jo net samar -ens plakke. Dat is fanâlds in beheining yn ‘e Fryske grammatika. ‘Besibbens’ is eins in krampachtich besykjen om mei ‘besibbe’ itselde te dwaan as it Nederlânsk docht mei ‘verwant’. It is ek net in wûnder dat dat wurd yn ‘e sprektaal amper yn gebrûk wie.

Wat seinen de Friezen dan al, as it net ‘besibbens’ wie? Yn alle gefallen hat ‘sibskip’ âldere brieven. Dat waard al betiid yn ‘e njoggentjinde ieu brûkt, mar it wie yn it Frysk lang sa gewoan net as yn it Nederlânsk om foar sokke abstrakte begripen haadwurden te brûken. Leaver brûkten minsken eigenskipswurden om omskriuwingen. Wa’t âldere boeken lêst, dy sjocht dat der allegear heel oare manieren brûkt waarden om te sizzen wat yn it Nederlânsk mei ‘verwantschap’ útdrukt wurdt, lykas ‘it wie ek ien fan dat laach’ of ‘se besteane inoar yn it bloed’, ‘it is ien famylje’, ‘it is mei ús noch yn it bloed’, ‘it moat ien út it bloed wêze’, ‘it wie neiere famylje’.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels