Anne Frank yn it Frysk rekket my noch djipper

NYNKE VAN DER ZEE – 

Op 12 juny, de 86e bertedei fan Anne Frank, belibbet Fryslân de Frysktalige premjêre fan it iepenloftspul ‘It Deiboek fan Anne Frank’. Op it terrein fan It Holt yn Deinum wurdt in unyk earbetoan brocht oan in famke dat mei har deiboek minsken oer de hiele wrâld djip yn it hert wist te reitsjen. En dat is ek presys it doel fan it iepenloftspul, seit regisseur Rense Rotsma. “Ik hoopje dat wy it publyk sjen litte kinne mei hoefolle leafde wy dit makke hawwe.”

Mar leafst sân jier lang rûn Rense Rotsma mei it plan om, om in Frysk iepenloftspul oer Anne Frank te meitsjen. Yn 2008 wie er regisseur by in Nederlânske ferzje fan it stik yn Wommels. “Fan dat momint ôf krige ik de dream om it ek yn it Frysk te spyljen. Mar dat is makliker sein as dien”, jout er ta. Wa’t it toanielstik nammentlik oersette wol yn in oare taal, moat dêrfoar tastimming freegje by de rjochthawwenden yn Amearika. En dus stjoerde Rotsma yn 2008 in brief nei New York. In skoftlang hearde er neat. Doe kaam der antwurd: it wie net de bedoeling dat it toanielstik Anne Frank yn alderhande dialekten oerset waard. Rotsma liet him net kenne, en skreau werom dat it hjir net om in dialekt gong, mar om de offisjele twadde rykstaal fan Nederlân. En dat makke yndruk.

Samar ynienen lei der yn 2011 in útnoeging op ‘e matte. Rotsma mocht nei New York komme om syn plan foar in Frysk stik oer Anne Frank út de doeken te dwaan. Entûsjast reizge er ôf nei de Big Apple en moete dêr foar it earst de minsken dy’t it lot fan syn dream yn hannen hiene. Rotsma fertelde mei passy oer syn plan foar in Fryske Anne Frank. Liet it bewiis sjen dat Frysk net samar in dialekt wie en fertelde boppedat fol faasje oer syn eigen ûnderfiningen mei iepenloftspullen. “Dêr koene se harren werklik neat by foarstelle”, laket er. “Spylje yn de bûtenloft. En as it dan reint, fregen se har ôf. No dan spylje we op in ynheljûn, ha ik doe sein. Se ha my oansjoen as prate ik Sineesk.” Mar blykber wie syn Sineesk goed genôch, want it klikte. Efkes letter krige er in mailtsje dat er it stik oersette mocht. Anne Frank waard lang om let Friezinne.

 

“Spylje yn de bûtenloft, dêr koene se harren yn New York werklik neat by foarstelle.”

 

Op fersyk fan Rotsma gong Tjitske Smits út Ljouwert oan de slach mei de Fryske oersetting. Underwilens wienen de audysjes al yn folle gong. De wichtichste persoan dy’t fûn wurde moast, wie Anne sels fansels. “Ik socht nei in aktrise dy’t in stik âlder wie as Anne yn it echt wie doe’t se yn it Achterhûs kaam”, leit Rotsma út. “Sa’n swiere rol kinst net spylje litte troch in famke fan in jier as fjirtjin. Mar dochs moast se dy jeugdige útstrieling hawwe. Sa kamen wy by Eline de Vries út.” Henk Kleefstra waard útkeazen foar de rol fan Otto Frank, Eke Born spilet Edith Frank en Amarens de Vries is Anne’s suske Margot. Peter van Pels, de jonge dêr’t Anne fereale op rekket yn it Achterhûs, wurdt spile troch Stefan Visser.

Spesjaal foar it stik waard der in libbensgrut Achterhûs boud. In iepen geramte, dat de besikers letterlik in blik jout yn it libben fan de minsken yn it hûs. “Leafde, eangst, wille, frustraasje. Eins alle mooglike emoasjes komme foar yn it stik”, fertelt Rotsma. “Yn it begjin is der eangst, mar stadichoan kriget it ‘gewoane’ libben yn it Achterhûs hieltyd mear foarm. Dat litte wy yn it stik dúdlik sjen. It is net allinnich kommer en kwel, der wurdt ek folop lake. En bekfjochte. Sa hie Anne as opstannige puber sa no en dan flinke botsingen mei har heit en mem en suske Margot. Ek dat litte wy sjen. En fansels de ûntlûkende leafde tusken har en Peter.”

 

“Leafde, eangst, wille, frustraasje. Eins alle mooglike emoasjes komme foar yn it stik.”

 

Om goed yn de hûd fan de personaazjes krûpe te kinnen, brocht de hiele spilersgroep it ôfrûne jier in besite oan it Achterhûs yn Amsterdam en kamp Westerbork yn Drinte. De ferhalen makken djippe yndruk op it selskip. “Wy krigen yn Amsterdam in bysûndere rûnlieding troch de privee fertrekken fan Otto Frank, dêr’st gewoanwei net komme meist. Hearst yn dizze keamers hoe bot as it kreaket as der minsken oer de flier rinne. Pas dan begrypst hoe mûsstil se dêr boppe sitte moasten. Yn kamp Westerbork ha wy op it plak west, dêr’t de barak fan Anne en har suske stien hat. It reinde dy deis, dus dat makke it ekstra trystich. Noch altyd ha wy it der mei de repetysjes oer, it hat djippe yndruk makke op de groep.”

Nei acht jier fan tarieding sil freed 12 juny de premjêre wêze fan Rotsma’s grutte dream. Hy wurdt der suver senuweftich fan. Mei om’t ek de rjochthawwenden út Amearika dizze jûn op de tribune sitte sille, lykas minsken fan it museum út Amsterdam en in oantal Joadske earegasten. “De spanning fan de premjêre spilet ek mei fansels, mar no’t it alles op syn plak falt, wurdt it wol hieltyd yndrukwekkender, moat ik sizze. Benammen de muzyk makket dat de emoasjes noch earder frijkomme. Dat komt foaral ek troch de Fryske taal. As ik Anne praten hear oer har heit en mem yn stee fan papa en mama, dan rekket my dat noch djipper. En ik hoopje dat dit ek it gefal is by it publyk. Fansels wol ik graach dat elkenien it moai fynt. Mar as se yn elk gefal mar sjen kinne mei hoefolle leafde wy dit makke ha, dan is myn dream al útkaam.”

 

Iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank wurdt spile op 12, 13, 18, 20, 26 en 27 juny en begjint om 21.00 oere. Sjoch foar kaarten op www.itdeiboekfanannefrank.nl.

Comments
Ien reaksje oan “Anne Frank yn it Frysk rekket my noch djipper”
  1. Joh.Zwaagstra schreef:

    Het was indrukwekkend , vooral (Elinne) als Anna.TOP.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.