Op it Hearrenfean of op It Hearrenfean?

Publisearre op 20 februari 2015

HENK WOLF – 

Koartlyn krige ik de fraach oft je no it Hearrenfean en de Knipe ensfh. (mei lytse letter) of It Hearrenfean en De Knipe (mei haadletters) skriuwe moatte. Ik moat sizze dat it my earlik sein net it measte ynteressearret en dat ik mei beide foarmen gjin muoite ha, as de skriuwer yn ien tekst mar konsekwint is. Mar ik wol Fryskskriuwers bêst helpe om in motivearre kar te meitsjen. Lit ús dêrom mar ris sjen wat der foar elk fan de skriuwwizen te sizzen is.

 

Donorprinsipe
Alderearst: wa is baas oer de stavering fan in plaknamme? Dat is yn it foarste plak de gemeente dêr’t it oanbelangjende plak yn leit. Dat saneamde donorprinsipe makket dat wy tsjin alle staveringsregels yn Raerd en Oirschot skriuwe. Haadlettergebrûk heart ek by dat donorprinsipe. Sa skriuwt de Drintske gemeente De Wolden de plaknamme de Wijk mei in lytse letter en de plaknamme De Stuw mei in haadletter.

Wa’t it Fryske haachje yn rydt, sjocht dat de gemeente kombuorden pleatst hat mei de folgjende tekst:

Heerenveen
it Hearrenfean
gem. Heerenveen

Ride wy noch in eintsje troch, dan komme wy op in stuit in boerd tsjin mei de tekst:

De Knipe
gem. Heerenveen

Dat soe dus pleitsje foar it Hearrenfean (mei in lytse letter) en De Knipe (mei in haadletter). Alteast, as dy haadletter D net gewoan skreaun is, omdat De it earste wurd op it boerd is. Fierder ha wy noch in probleem dat de Fryske plaknammen yn de gemeente Heerenveen formeel de status fan oersettingen ha. De Nederlânske nammen binne offisjeel. Mei men dan it donorprinsipe hanthavenje? Dêr kin men ûngelikens oer tinke.

 

Myn taalgefoel ferset him sterk tsjin ‘Haach skaft hypoteekrinteôftrek ôf’, mar hat gjin muoite mei ‘Hearrenfean wint fan Barcelona’ of ‘Knipe foardroegen foar UNESCO-list’.

 

Offisjele stavering
In oare autoriteit soe de offisjele stavering wêze kinne dy’t de provinsje foar it Frysk fêststeld hat. Dy regeling fine wy op www.taalweb.frl. Dêr stiet: “Nammen fan plakken, geaen, lannen, bergen, rivieren, stjerren, planeten ensafuorthinne wurde mei in haadletter skreaun; as it lidwurd ûnderdiel fan de namme is, wurdt dat ek mei [in] haadletter skreaun”. As foarbylden wurde it Westerkertier en De Westereen neamd.

De fraach is dan fansels wannear’t je it lidwurd beskôgje as diel fan de namme. Dêr haw ik it aanst noch efkes oer. Wy sjogge earst nei de ynterpretaasje fan de Fryske Akademy yn de Foarkarswurdlist. Dy jout It Hearrenfean (mei in haadletter). De namme De Knipe of de Knipe komt yn de list net foar.

 

Wurdboeken
Wer in oare autoriteit kinne de wurdboeken fan de Fryske Akademy wêze. It meast brûkte wurdboek is it twadielige Frysk Hânwurdboek. Dat jout de Knipe (mei in lytse letter) en It Hearrenfean (mei in haadletter), dus krekt oarsom as hoe’t de gemeente it docht.

 

Skriuwwizer
Noch wer in oare autoriteit is de skriuwwizer Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan. Dêr stiet yn: “Ierdrykskundige nammen krije altyd in haadletter (lidwurden ek)”. Dat liket dúdlik, mar de skriuwer wrakselet blykber ek mei de fraach oft it lidwurd no wol of net by de namme heart; hy jout as foarbylden ûnder oaren De Leijen (mei lidwurd) en Knillisdjip (sûnder lidwurd), wylst wy fansels altyd prate oer it/It Knillisdjip.

Der binne noch wol oare autoriteiten dy’t ik der no net op neislein ha, lykas it Hânwurdboek Frysk-Frysk en it Wurdboek fan de Fryske Taal. Dy meitsje grif ek wer in eigen kar.

 

Taalkundige arguminten
Men kin ek besykje om taalkundich te beredenearjen oft it lidwurd no by de plaknamme heart, ja ofte nee. In manier om dat te dwaan is om te sjen oft it lidwurd ferkoarte wurde kin. Heart it dúdlik by de plaknamme, lykas by De Haach of De Marne, dan wurdt it lidwurd altyd folút útsprutsen. Net ien seit neffens my dat er ‘yn ‘e Haach’ of ‘yn ‘e Marne’ wennet. Kin dy ferkoarting wol, lykas by ‘op ’t Amelân’, ‘op ’t Bilt’, ‘op ‘e Feluwe’ en ‘op ‘e Gordyk’, dan wurdt it lidwurd blykber noch as in echt lidwurd beskôge en net as diel fan de namme. By ‘op ’t Hearrenfean’ en ‘yn ‘e Knipe’ is dy ferkoarting mooglik. Dat soe in argumint wêze om ‘it’ en ‘de’ as echte lidwurden te beskôgjen en ‘it Hearrenfean’ en ‘de Knipe’ mei lytse letters te skriuwen.

In oar taalkundich kritearium om út te meitsjen oft ‘de’ of ‘it’ noch in echt lidwurd is, is: kin it fuortlitten wurde kin yn in krantekop? Myn taalgefoel ferset him sterk tsjin ‘Haach skaft hypoteekrinteôftrek ôf’, mar hat gjin muoite mei ‘Hearrenfean wint fan Barcelona’ of ‘Knipe foardroegen foar UNESCO-list’. Dat is noch in argumint om it Hearrenfean en de Knipe mei lytse letters te skriuwen.

 

Wat is gebrûklik yn de literatuer?
By eintsjebeslút kin men ek noch sjen wat goede skriuwers dogge. Dat helpt ús lykwols net folle fierder, want dy binne lang net ta ienriedichheid kaam. As ik yn it Wurdboek fan de Fryske Taal sykje om foarbyldsinnen út de literatuer mei Hearrenfean deryn, dan fyn ik 67 stiks. 7 sinnen hawwe It Hearrenfean midden yn in sin, 15 hawwe it Hearrenfean en de rest hat wat oars (Hearrenfean sûnder lidwurd, ’t Hearrenfean of It Hearrenfean oan it begjin fan in sin).

It mei dúdlik wêze dat wy net samar sizze kinne dat ien fan beide skriuwwizen dúdlik goed of ferkeard is. Dy’t Frysk skriuwt, moat sels in noarm kieze. It is net oars.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels