In universiteit oer europeeske mindertallen yn Ljouwert?

Publisearre op 1 december 2003

TONY FEITSMA –

 

Ynlieding

It idee fan Lammert Jansma om ta in universitêre fêstiging yn Ljouwert te kommen dy’t him – yn oparbeidzjen mei of as ûnderdiel fan de Fryske Akademy – rjochtsje moatte soe op ûndersyk en ûnderwiis op it stik fan europeeske mindertallen, liket my tige de muoite wurdich ta. Ik stean dêr posityf foaroer, en wy soene der om te begjinnen ris in goede diskusje oer ha moatte, mar yn myn réaksje wol ik my net bejaan yn de technyske finesses fan de nijste organisatoaryske bachelor-master-problemen, dêr’t ik in aardich skoft nei myn pinsjoen no just net sa goed yn sit. It giet my om de ynhâldlike kant fan de saak, dêr’t ik wol de nedige ûnderfining mei ha. Sa’n ynstitút soe net yn it plak komme moatte fan universitêre opliedingen bûten Fryslân, mar soe dêr boppe-op komme moatte, as in ûnderwiis- en ûndersyk-ynstitútopdoktoraal of masters-nivo. Op dy manier soe in spesjalisme brocht wurde kinne dat fierder bouwe kin op de basiskennis fan in soarte fan universitêre kandidaatsoplieding en oan de oare kant alhiel oanslút by wittenskiplike aktiviteiten fan de frisistyk yn brede sin. Dat domein wurdt al in hiel skoft beoefene mei goede konkrete risseltaten wat it frysk oangiet en mei goede oanslútmooglikheden nei oare europeeske mindertallen ta. Yn dat ferbân jout in lyts spesjalistysk universitêr ynstitút goede mooglikheden foar ferdjipping en fernijing.

De ynhâld fan de frisistyk yn rûme sin rint ynhâldlik lykop mei de stúdzje fan taal- en letterkunde op harsels en yn sosjaal perspektyf, en fansels ek yn it ramt fan har histoaryske ûntjouwing. Dat wol sizze dat dêrby ynbegrepen is net allinne de histoaryske taalkunde mar ek de taalsosjology/sosjolingwistyk en de útwindige taalskiednis, en parallel dêrmei wat de literatuer oangiet ek de literatuersosjology. Mei oare wurden taal en literatuer besjoen yn alderhande ferbannen mei de maatskippij dêr’t fryske taal en literatuer yn funksjonearje. Dat liket yn ús tiid hast fanselssprekkend te wêzen mar is yn ‘e praktyk dochs minder ienfâldich as it liket. It frysk is in minderhydstaal; dat wol sizze dat it tusken in ‘echte’ steatstaal en in dialekt yn stiet; it hat oan ‘e iene kant in swakkere posysje as sa’n ‘echte’ taal, oan ‘e oare kant stiet it sterker en hat it wat in oare posysje as in dialekt. Yn dy sin is it frysk bygelyks te ferlykjen en moat it ek ferlike wurde mei oare europeeske minderhydstalen lykas katalaansk, welsh ensfh., dy’t allegearre mear of minder ticht by ien fan de poalen taal en dialekt steane. Ek it eigen karakter fan taal en dialekt kin yn it ramt fan dy problematyk en dy ferliking noch namste dúdliker wurde. Al dy faktoaren sil de wittenskiplike frisistyk rekken mei hâlde moatte.

De ‘objektive’ frisist

Dat tema hat net altyd foarop stien by de frisisten. De frisistyk sa’t dy beoefene is oan de universiteiten en op de Fryske Akademy hat him om te begjinnen meast beheind ta fryske taal- en letterkunde. It wie doe in hiele toer om foar it frysk in eigen plak te krijen, as de klam net lei op de âldfryske taalkunde. Boppedat wie der – benammen yn de grinzer letterefakulteit – hiel wat wjeraks tsjin frysksinnige frisisten, ek al die it bliken dat de mooglikheden net sa grut wiene om dêrbûtenom gaadlike dosinten te krijen. Dat de frisistyk fan de tritiger en fjirtiger jierren hode him o sa katoen en wie benaud om op it stik fan de ‘objektiviteit’ bûten de stringen te stappen. Ik sil in pear foarbylden út de histoarje bybringe.

Jierren lyn fertelde Laurens ten Cate my ris dat er it mei de Akademy-direkteuren Brouwer (en Kok?), al in moai skoft foar de publikaasje fan Lieuwe Pietersen syn De Friezen en hun taal yn 1969, ris hân hie oer it soarte fan witttenskip dat de Akademy winliken bedriuwe moast. It like Ten Cate nuttich ta dat de Akademy ris neigean soe hoe en wêrom’t bygelyks de grienteboer al of net frysk prate, m.o.w. de Akademy moast neffens him stúdzje meitsje fan de posysje en de takomstmooglikheden fan it frysk. De Akademy-direksje wie it net mei Ten Cate iens dat soksoarte ûndersyk op de wei fan de Akademy lei. De Akademy hat him faaks hâlde wollen by de âldbewende, mear of minder filologyske bestudearring fan wat ‘objektyf’ foarhannen wie, dat hy hat him tink ik ek net rjocht weagje doarst oan in mear ‘engazjearre’ soarte fan sosjaal ûndersyk op it teare punt fan it fryske taalgebrûk. De Akademy moast net in taalstriid-orgaan wurde, hy moast respektabel en wittenskiplik bliuwe. Ien en oar is yn it ramt fan de hoedene taktyk fan de fryske beweging nei de oarloch – en dat jildt ek foar de Fryske Akademy – wol te begripen.

It begjin fan de frisistyk yn sosjaal perspektyf

Yn de 60-er jierren lykwols waard it idee oppere (yn de rûnten fan it Fryske Boek (en de RONO?)) dat der in ûndersyk komme moast nei it lêzen fan fryske boeken (en it harkjen nei fryske útstjoeringen?). Lieuwe Pietersen woe dat ûndersyk graach dwaan, mar hy woe dêr noch alderhande oare korrelaasjes (mei taalgedrach, taalhâlding, taalideology) by behelje. De fraach wie doe ot it by in (hark- en) lêsûndersyk yn ingere sin bliuwe moast (dat wie makliker en gauwer út te fieren, en dan koene de risseltaten fuort brûkt wurde) of dat der in grut taalhâldingsûndersyk komme moast. Pietersen hat it grutte ûndersyk trochsetten, en it hat bliken dien dat dat grutte ûndersyk foar it wittenskiplik ûndersyk en foar de taalpolityk fan grut belang west hat.

Nijsgjirrich is dat de Akademy der yn earste opslach hielendal net sa hyt op wie om it ûndersyk fan Pietersen op ‘e noed te nimmen. Der wurdt sein dat ZWO (no NWO) der yn dy snuorje ek net oan woe. Nei de wegering fan de Akademy wie de Bewegingsrie wol ree om dat al te dwaan, mar yn 1966 hat de Akademy lang om let dochs de opdracht ta it ûndersyk oan Pietersen jûn, en dêrút is dy syn publikaasje De Friezen en hun taal (Drachten 1969) fuortkommen. It materiaal foar dat ûndersyk wie basearre op de antwurden op in mânske fragelist dy’t oan 800 persoanen fan 12 jier en âlder ôffrege wie.

Datsoarte fan taalsosjologysk ûndersyk yn Fryslân hat, sa’t út de hjirboppe oanhelle skiednis bliken docht, yn guon opsichten fier wei komme moatten. Mar yn 1984 kaam dan dochs de opfolger fan Pietersen út: Taal yn Fryslân fan D. Gorter, G.H. Jelsma, P. v.d. Plank en K. de Vos. Dat ûndersyk wie allyksa basearre op antwurden op in mânske enkête, ditkear foarlein oan 1126 ynformanten boppe de 12 jier. De slimste bangens op it stik fan de ‘eksplosive eleminten’ yn sa’n enkête en de frees foar de net-neutralens fan it ynstitút ‘frysk’ wiene ûnderwilens wat saksearre, en it stellen fan de fragen rûn dêrtroch wat makliker en der koe mear op it stik ôf frege wurde. Troch de stipe fan de Akademy en de ynbêding fan it ûndersyk yn de wurkmienskip Sociolinguistiek fan de Stichting Taalwetenschap fan ZWO wiene ek de tûkelteammen op it stik fan de ynfrastruktuer sa’t dy by Pietersen in rol spile hiene, foar dit ûndersyk ûndertusken net mear aktueel.

Ferskillende soarten fan taalsosjology/sosjolingwistyk

In oar domein fan de frisistyk wie de útwindige taalskiednis dêr’t al folle earder – al foardat de universitêre frisistyk goed fan de grûn kommen wie – omtinken foar west hie. Foar Klaas Fokkema dy’t fan 1949 ont 1967 heechlearaar west hat oan de VU, wie dat ien fan de swiertepunten fan syn wittenskiplik wurk. Yn dy rjochting ha Henk Meijering en ik fierder wurke doe’t wy yn 1968 oan de VU beneamd waarden. Dy aktiviteiten waarden ferbrede doe’t de YSF (de Ynteruniversitêre Stúdzjerie Frysk) om 1970 hinne úteinsette mei syn aktiviteiten. Al gau ûntjoech de YSF him ta in dissidint frisistysk fermidden fan dosinten (benammen oan de VU) en fan studinten oan ferskillende universiteiten. It begryp frisistyk waard dêr wat breder opfette as by de ‘klassike’ dosinten frisistyk, dat de YSF-konferinsjes besloegen mear domeinen en in bredere rekrutearring oan sprekkers, ek bûten it eigentlike fryske fermidden. Dat spitste him ta op de konferinsjes fan 1972 en 1981 oer de skiednis fan europeeske minderhydstalen (yn 1972 The position of the old relatively less influential vernaculars in Europe in the 16th and 17th centuries: Welsh, Oksitaansk, Katalaansk, Platdútsk, Frysk; en yn 1981 The less influential vernaculars in Europe and Romanticism in the 19th century: Flaamsk, Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Iislânsk, Færøsk, Baskysk, Skotsk Gælic, Welsh, Oksitaansk, Katalaansk). Oanlieding ta it organisearjen fan dy konferinsjes mei meast sprekkers út de ferskillende behannele gebieten sels wie de needsaak fan ferliking tusken de ûnderskate minderhydstalen en de breklikens fan de ynformaasje oer de ferskillende mindertallen yn besteande hânboeken. Dat der wie ferlet fan op dy mêden kundige sprekkers dy’t de sitewaasje fan binnenút koene.

Njonken it globale ûndersyk mei help fan it statistysk ferwurke troch ynformanten rapportearre taalgebrûk dat him konsintrearre op de (rapportearre) taalkar, hat Durk Gorter yn syn dissertaasje fan 1993 sjoen nei it troch himsels waarnommen taalgebrûk tusken siktary-amtners en ynwenners, dêr’t de sosjale faktoaren, de taalhâlding, de machtsfaktoaren en de ynfloed fan it offysjele taalbelied yn har wikselwurking oan de oarder komme. De sosjale en de talige aspekten wurde dêr yn har ûnderling ferbân besjoen en de alles behearskjende dominânsje fan de macht en de machtichste taal wurde dêrmei namste dúdliker.

It ûndersyk nei fariaasje en ûntwikkeling yn fryske sandhi ferskynsels yn Boarnsterhim (1987), hie in dúdlik talich útgongspunt. De hjir bestudearre ferskynsels is de taalbrûker him ornaris minder bewust fan, en krekt dêrom wie it ûnderwerp o sa gaadlik foar neiere bestudearring. Net allinne de fariaasjes yn it frysk mar ek dy yn it hollânsk fan de ynformanten waarden besjoen. Dêrby die bygelyks bliken dat jongeren it frysk frysker útsprieken en it hollânsk hollânsker, wylst it frysk en it hollânsk fan de âlderein mear op inoar like.

Yn oare ûndersiken leit de klam op it mear of minder hollânske karakter fan it sprutsen frysk, op de ynterferinsjes út it hollânsk wei sismar. Yn syn stúdzje oer ‘Min Frysk’ Een onderzoek naar het ontstaan van transfer en ‘code-switching’ in gesproken Fries ûndersocht Bo Sjölin yn 1976 it troch ynterferinsjes beynfloede sprutsen frysk. Oer de ferklearring en metoade fan beskriuwing fan dy ynterferinsjes wiene de opfettingen fan de taalkundigen ferskillend. Ek de grinzer frisisten Germ de Haan en Pieter Breuker rjochtsje har yn de njoggentiger jierren benammen op de bestudearring fan de ynterferinsjes yn it frysk.

Wittenskip en ideology

De kar fan de ûnderwerpen fan stúdzje by de ferskillende frisisten hinget fansels gear mei de ideologyske en wittenskiplike foarkar fan de ûndersikers. Yn it histoarysk oersjoch fan de ûntjouwing fan de frisistyk dat ik hjirboppe jûn ha, kaam dat al nei foaren. De measte frisisten út de ‘begjintiid’ mienden dat bestudearring fan taal- en letterkunde ‘objektyf’ barre moast en dat men mei it ynheljen fan it sosjale elemint bleat lei foar ‘subjektiviteit’. Mar de praktyk fan de fryske taalsitewaasje en it taalbelied twong ek de wittenskippers in oare wei op. Dêr wurdt de beoefening fan de frisistyk net makliker fan. Wa’t de frisistyk beoefenet sil net allinne wittenskiplik kieze moatte op it stik fan teory en metoade, hy sil ek in ideologysk útgongspunt kieze moatte, net om it wittenskiplik op in sêft sin te setten, mar wol om it frysk in dúdlik plak te jaan tusken taal en dialekt, tusken dominante en net-dominante taal, of om mei Halbertsma te sprekken tusken skriuwtaal en folkstaal. Earst mei sa’n útgongspunt kinne it frysk en de posysje fan it frysk mei de nedige nuânses beskreaun wurde, earst dan hat de taalkundige de nedige observaasjemooglikheden. As men jinsels dy mooglikheden troch in ûngelokkige probleemstelling en/of in ferkearde terminology ûntnimt, is de skea amper mear yn te heljen.

Hjir leit in prinsypjeel probleem. Guon taalkundigen dy’t it frysk leaver inkeld as in dialekt beskriuwe wolle, binne fan betinken dat taalkundigen dy’t it frysk as in minderhydstaal beskriuwe, ideologysk en net wittenskiplik dwaande binne. Sa’n ûnderskie tusken wittenskiplik en ideologysk is ryklik ienfâldich. In minske tinkt net – kin net tinke – sûnder in ideologysk útgongspunt. Wa’t in taal bestudearret, hat op syn minst in foarsprong as er dy taal sels kin, en dy kennis is mei beskiedend foar it objekt taal dat er bestudearret. Dat útgongspunt ûntkomt gjin minske oan; de wittenskiplikens fan syn ûndersyk hinget fan hiel oare dingen ôf, bygelyks de suverens fan materiaalsamling en riddenearring, it opfolgjen fan metoadyske foarskriften, it kiezen fan gaadlike techniken, ensfh. De stelling dat der wittenskip mooglik is sûnder ideology is wittenskiplik net hâldber.

De hjir oantsjutte problematyk makket it namste nuttiger en nediger om ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de frisistyk te konsintrearjen yn in fermidden dat de problematyk fan binnenút kin en dêrmei yn steat is om de ferskillende mooglikheden fan observaasje te brûken en de ûnderskate nuânses yn it ûndersyk oan te bringen. En út de fryske sitewaasje wei leit ek de oergong nei de bredere problematyk fan de europeeske mindertallen navenant mear yn ‘e reden.

En wat noch mear?

Fansels moat sa’n ynstitút, sa’t dat hjir sketst is, noch gâns mear te bieden ha as de taal- en letterkunde yn sosjaal perspektyf, mar it like my nuttich ta om mei de hjirboppe beskreaune problematyk útein te setten. Dy stiet nammentlik sintraal yn myn argumintaasje foar nut en needsaak fan sa’n spesjalistysk ynstitút en dy soe ek sintraal stean moatte yn de ynhâld dêrfan. Fansels sil ek de fryske taal- en letterkunde yn dat ramt in goed plak ha moatte. Mar it ûndersyk sil breder opset wurde moatte as inkeld nei de prinsypjele begjinsels fan de posysje fan taal en letterkunde by mindertallen. Om in goede yndruk te krijen sil der ek yngeand stúdzje dien wurde moatte nei de konkrete taal- en letterkunde fan guon mindertallen. Dy útwreiding yn de breedte liket my hiel belangryk en nedich ta. It belang fan fierder ûndersyk yn it fiere ferline fan bygelyks âldgermaansk en yndo-europeesk (= yndogermaansk) hinget foar in grut part ôf fan posysje en belangstellingssfear by de ferskillende mindertallen sels. By it frysk ha it âldfrysk en it âldgermaansk fanâlds de tagongspoarte foar de stúdzje frysk west en dy talen nimme dêrtroch noch altyd in navenant fernaam plak yn. Ik soe my fierder foarstelle kinne dat bygelyks yn de baskyske taalkunde, yn ferbân mei it aparte karakter fan de taal, de ynteresse foar hiel âlde taalstadia hiel grut is, en dat dy belangstelling by oare mindertallen wer op hiel oare punten konsintrearre is. It útgongspunt bliuwt foar my de taal- en letterkunde fan mindertalletalen yn sosjaal perspektyf en yn har histoaryske ûntjouwing. Wat dat oangiet liket my bygelyks it sicht op de midsieuske taal, de ynfloed fan de Reformaasje op de ûntjouwing fan taal- en letterkunde of de groei fan it selsbesef en it taalbesef navenant belangriker ta as de skiednis fan it hiel âlde en hypotetyske yndo-europeesk.

Alles byinoar bin ik fan betinken dat in universitêr ynstitút sa’t Lammert Jansma dat bedoelt, foar Fryslân – en foar de mindertallen yn it algemien – in goed ding wêze soe en it tinken oer it frysk en de europeeske mindertallen wer in eintsje foarúthelpe koe. Dêrby is it fan grut belang dat der kundige dosinten en ûndersikers by behelle wurde dy’t guon mindertallen – en de problematyk yn it algemien – fan binnenút kinne, wittenskiplik de nedige statuer ha en de saak op gong krije en hâlde kinne. Dêrby sille uteraard ek krêften fan bûten de Akademy en bûten Fryslân net mist wurde kinne. Wy moatte net tinke dat sa’n inisjatyf maklik realisearre wurde kin en fansels giet.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 2 (2003) 9-10 (desimber).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels