Lies van Huet

Publisearre op 4 juni 2013

Lies van Huet wurket sûnt 1980 as keramiste en makket ferskate keunstwurken, fan ljochtobjekten oant muorredekoraasje. Yn har wurk besiket se âld materiaal as diggelguod te ferwurkjen mei klaai, om op dy wize in nij objekt te kreëarjen.

Yn de eardere finzenis de Blokhuispoort, dêr’t Lies har atelier hat, jout se ek workshops en bernefeestjes. Mear oer Lies en har wurk is te finen op www.lieskeramiek.nl.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels