• 21 juni 2013

    Florian Cats (1989, Eindhoven) wennet al 12 jier yn Fryslân. Neist projektmjittich wurk foar in grut ferksaat oan opdrachtjouwers, leit er him yn syn frije wurk benammen ta op surrealistyske fotografy. "In mijn fotografie zoek ik naar de schoonheid en verbeelding van de menselijke geest. Ik wil de aandacht en de verbeeldingskracht van de kijker vangen, vasthouden en uitdagen." www.floriancats.com  

  • 4 juni 2013

    Lies van Huet wurket sûnt 1980 as keramiste en makket ferskate keunstwurken, fan ljochtobjekten oant muorredekoraasje. Yn har wurk besiket se âld materiaal as diggelguod te ferwurkjen mei klaai, om op dy wize in nij objekt te kreëarjen. Yn de eardere finzenis de Blokhuispoort, dêr't Lies har atelier hat, jout se ek workshops en bernefeestjes. Mear oer Lies en har wurk is te finen op [...]

  • 29 mei 2013

    FLORIAN CATS - Reinier Knol is in echte Ljouwerter. De Aldehou, dy’t faak werom te sjen is yn syn wurk, stiet symboal foar syn bernejierren. As keunstner is Knol begûn mei ekspirimintearjen mei postsegels en oaljeferve. Hjoeddedei wurket en wennet er krekt bûten it sintrum fan Ljouwert en hat er in eigen technyk ûntwikkele foar syn wurk. Hy fertelt der oer yn syn fideoportret. Sjoch [...]

  • 30 april 2013

    FLORIAN CATS -  Beb Mulder hat syn atelier en wurkplak oan de Iewal yn Ljouwert. Bep fertelt graach oer syn libben as dekorateur. Hjoeddedei rjochtet er him benammen op de abstrakte en frije keunst. Besjoch it fideoportret fan Beb Mulder troch Florian Cats.    

  • 22 april 2013

    FLORIAN CATS -  Jose Witteveen wurket yn it Grafisch Atelier yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert. Se is dwaande mei it ûntwikkeljen fan har etstechniken. Har ynspiraasje hellet se benammen út boeken en deistige dingen. Se makket ikoanen fan ûnbekende minsken út har omjouwing en probearret dêrmei de hjoeddeistige hillichheid in poadium te jaan. Har nijste wurk bestiet út it portretearjen fan échte Liwwadders. Kinst [...]

  • 16 april 2013

    FLORIAN CATS -  Martin van Seijen mei graach fertelle oer syn keunst en de frijheid dy't hy fielt as hy oan it wurk is. Hy brûkt in soad ferskate materialen, kleuren en komposysjes en dy binne dúdlik werom te sjen yn syn wurk. Neist keunstner is er ek sakeman. In pear kear yn it jier is er dêrom foar saken yn Sina. Dêr wol hy [...]

  • 8 april 2013

    FLORIAN CATS -  Wy rinne de trep op. Klassike muzyk en in straalkacheltsje; wolkom yn de wrâld fan it 'fijnschilderen'. De sinne skynt troch it dakrútsje it lytse atelier binnen. Technyske tekeningen lizze ferspraat oer de romte. Wy reitsje yn petear oer syn relaasje mei God. Sietse Jonker siket it Godlike, it folmakke. Yn syn puere foarm siket er nei it ferfynjen yn syn wurk [...]