Lies van Huet

Lies van Huet wurket sûnt 1980 as keramiste en makket ferskate keunstwurken, fan ljochtobjekten oant muorredekoraasje. Yn har wurk besiket se âld materiaal as diggelguod te ferwurkjen mei klaai, om op dy wize in nij objekt te kreëarjen. Yn de eardere finzenis de Blokhuispoort, dêr’t Lies har atelier hat, jout se ek workshops en bernefeestjes. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.