Ventoux yn it Frysk

Publisearre op 22 september 2017

SJOERD BOTTEMA – 

Yn 2013 waard de Stichting Utjouwerij Regaad oprjochte. Doel fan dy stichting is Frysk lêzen te befoarderjen troch it útbringen fan oersettings fan boeken dy’t in grut publyk (benammen jongeren en jongfolwoeksenen) oansprekke. Dat soks it gefal is mei Ventoux fan Bert Wagendorp hat de Nederlânske ferzy wol bewiisd.

 

Regaad, moai trochgean. En doch Martsje de kompliminten.

 

Oft der wol in publyk is foar sokke Fryske oersettings ha ik my gauris ôffrege. It Frysk makket de ôfstân tusken de lêzer en it boek ommers net lytser, mar earder grutter, mei al dat ‘boekjefrysk’ – dêr’t net in oersetting, hoe natuerlik en libben ek, oan ûntkomt – dy fan Ventoux, troch Martsje de Jong, ek net. Wat te tinken fan: de útslaggen ynklopje, wrinzgjende lûden, it stokeleftige glimke, skrutel, gnob, blebberbeien, let en set wurde, ûntstride, dwylsinnigens, sweeslaggerij, oerallich, glandich, opwouterje, narje, jin fernuverje, betommele? As men dan de kar hat tusken it orizjineel – makliker en natuerliker – en in Fryske oersetting – dreger en bytiden útskaaiend nei ‘geef krompraat’ (sa’t Eppie Dam it sa moai ûnder wurden brocht hat) – dan is dy kar net sa dreech soe men sa sizze, dan kiest men fansels foar it wiere wurk, dat fan de skriuwer sels.

Even skoalmasterje:

  • ‘Men’ betsjut yn it Frysk ‘elkenien + iksels’. “Een smalle weg, zegt men, leidt daarheen” kin dus net oerset wurde mei “In smelle wei, seit men, liedt dêrhinne”.
  • “Hij droeg een lichtblauw overhemd” wurdt yn it Frysk net ‘hy droech’ mar “hy hie in ljochtblau oerhimd oan”.
  • Wêrom is ‘belachelijk’ oerset as ‘belachelik’ ynstee fan ‘bespotlik’?
  • ‘Mijn moeder’ is yn it Frysk net ‘myn mem’ mar ‘ús mem’.
  • ‘Gean’ en ‘bliuwe’ kinne neffens de boekjes as helptiidwurd allinne ferbûn wurde mei ‘lizze’, ‘sitte’, ‘stean’ en ‘hingje’. Ik ha dat sels ek noait witten foardat ik it yn ien fan dy boekjes lies, mar it wie dus wol sa. Oft it no noch hieltyd jildt? Ik ha oanstriid om te sizzen lit mar gewurde. Dat soe dan ek opgean foar sinnen as “ik hope dat it reinen bliuwe soe” (ik hope dat it trochreine soe) en “hiene jim op ‘e boat wenjen gean kinnen” (hiene jim op de boat wenje kinnen).
  • “Se like ynienen boas”: ‘boas’ betsjut ‘boosaardig’ en net ‘boos’; ‘boos’ is yn it Frysk ‘lilk’.
  • ‘Tegearre’ is ‘mei syn twaen’, dus “tegearre mei Laura, David, Joost, Peter en André” kin net.
  • Yn “op sneintejûns” binne ‘op sneintejûn’ en ‘sneintejûns’ trochelkoar mjuksele.
  • ‘Keihurd’ is in hollannisme In ‘kei’ is yn it Frysk in ‘balstien’. ‘Balstiennehurd’ komt lykwols net foar, dus dêrom hat de oersetster dy ‘kei’ yn ‘keihard’ mar stean litten. Ik fyn dat net in fraaie oplossing.

Mar fierders alle lof.

 

Dat Fryske taaleigen is by de measte Friezen djip weisakke of hat noait in kâns krigen.

 

Ik ha in pear rychjes makke. It earste rychje is it Nederlânske rychje, it twadde is gongber Frysk, it tredde is wat de oersetster, Martsje de Jong, derfan makke hat:

 

prullaria                                          prullaria                                             snypsnaren

bij zijn positieven komen            by syn positiven komme                 by syn sûpe en stút komme

ingepeperd krijgen                       ynpepere krije                                   yndruid krije

in de maling nemen                     yn ‘e maling nimme                         foar de kroade ride

rondscharrelen                             rûnskarrelje                                       omdangelje

iets zeer ongepasts                       yts sear ongepasts                            wat hiel ûnfoechs

met grote angst                             mei grutte angst                               skitensbenaud

afronden                                        ôfronde                                               ôfbreidzje

er is niks aan de hand                 der is niks oan ‘e hân                       der is neat te rêden

het is godgeklaagd                       it is godgeklaagd                               it is alderferskuorrendst

goed getimed                                goed timed                                         goed roaid

zwoegen                                         swoege                                                bealgje

eikel                                               eikel                                                      sûch

 

Is dat tredde rychje noch jim eigen fertroude taal of dochs mear ‘geef krompraat’? Dat lêste hoecht fansels gjin reden te wêzen om sok Frysk te mijen, want hapklear sprektaalfrysk kommunisearret miskien better mar krûpt sa ticht tsjin it Nederlânsk oan, dêr is hielendal gjin aardigheid mear oan. Dat Fryske taaleigen is by de measte Friezen djip weisakke of hat noait in kâns krigen. Dy kâns moat it al ha, wol it net hielendal útstjerre. Frysk lêze is in manier om sok útstjerren foar te kommen. Mar dan moat der al wat te lêzen wêze. Foar in grut publyk. Foarsjogge útjeften as dy fan Regaad dan yn in ferlet? Dat soe moai wêze. De feiten wize dy kant wol út: fan Erik of it lyts ynsekteboek, ek in Fryske oersetting dy’t yn it Nederlânsk folop beskikber is, is in twadde printinge ferskynd. Dus Regaad, moai trochgean. En doch Martsje de kompliminten.

 

Bert Wagendorp, Ventoux. Fryske oersetting: Martsje de Jong. Utjouwerij Regaad 2017. 284 siden, €8,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels