• 11 juli 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou graach in foto wol, mar dan net ûnder sa’n tinte, [...]

  • 17 juni 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  It is in toplokaasje foar it iepenloftspul yn Wergea, de fertutearze wettersuvering fan wat earder in suvelfabryk fan de Frico wie. It betonkompleks, oergroeid mei rusken en beamkeguod dat him yn elk gatsje, elke kier ôfset hat, foarmet in yntrigearjende achtergrûn foar it stik. Der hinget de rook fan flearblossem, der groeie ferwyldere roazen. It stik, nei de film O Brother, Where [...]

  • 9 mei 2016

    ELSKE SCHOTANUS - Buiten hangen de vlaggen halfstok, binnen brengt het theatercollectief Illustere Figuren de try-out van de voorstelling Lone Wolves blaffen niet. Het is 4 mei en onderweg naar het Tryatergebouw denk ik na over verschillen en overeenkomsten tussen het nazigeweld in concentratie- en vernietigingskampen dat in de oorlog miljoenen slachtoffers eiste en de Lone Wolve, de in zijn eentje opererende terrorist die evenzeer [...]

  • 14 maart 2016

    ELSKE SCHOTANUS -   Wat makket dat op it teaterkolleezje fan Wim Anker, tiisdei 8 maart yn de Ljouwerter Harmonie, achthûndert minsken ôfkomme? De priis sil it net wêze: it publyk telt grif €32,- del foar ynformaasje dy’t yn minder as gjin tiid op it ynternet te finen is. Ynbegrepen by de tagongspriis binne net allinne twa drankjes mar ek in dvd mei in portret yn [...]

  • 25 februari 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  Mei it útsjoch op de skyline fan Ljouwert, de Achmeatoer as skaaimerkend elemint, praat ik mei David Lelieveld, produsint by Pier21, de stifting dy’t hy yn 2012 tegearre mei akteur en teatermakker Theo Smedes oprjochte, nei’t er it jier dêrfoar om reden fan besunigings dien krigen hie as technikus by Tryater. Mar hy hie likegoed boer wêze kind yn Denemarken, it lân [...]

  • 11 januari 2016

    ELSKE SCHOTANUS - It Amsterdamske Theater Bellevue hat op facebook as profylfoto in ôfbylding fan aktrise Ali Zijlstra, in foto dy’t ek op it promoasjemateriaal fan de foarstelling Rooftop Memories te finen is. ‘De Friezen komen’, seit de poster: ‘Theater Bellevue verwelkomt een maand lang het Friese theatergezelschap Tryater.’ Yn de Bellevuewike, de lêste wike fan jannewaris, binne net allinne, mei boppetiteling, Thúsfront, In moaie [...]

  • 29 december 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  It 50-jierrich jubileum fan Tryater wurdt grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben om twa boerefamyljes hinne. Dêrneist set Tryater it partisipaasje- en ynspiraasjeprojekt ‘In bosk fan minsken’ op priemmen om it fenomeen famyljeferhalen hinne: ynspiraasjejûnen, ateliers, in ynstallaasje fan Bouke Groen yn de foyer fan De Lawei, dêr’t Grûn fan 27 oktober oant 8 novimber te sjen wêze sil [...]

  • 14 december 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Ek ik haw it lykas safolle oaren oait foar de Nederlânske list lêzen, want it is sa’n lekker tin boekje, de yn 1948 ferskynde debútroman fan Hella S. Haasse oer de freonskip tusken in Nederlânske jonge, soan fan de administrateur fan in teeplantage en Oeroeg, it âldste jonkje fan harren Javaanske tsjinstfaam. De toanielbewurking – boartlik en muzikaal en yn in eigentiids [...]

  • 25 november 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Sa, dy sit! De Gerrit Benner-priis foar skilder-keunstner Sjoerd de Vries. Dizze twajierlikse priis fan de provinsje Fryslân dy’t him justerjûn yn it Fries Museum útrikt waard, krijt er foar syn hiele oeuvre. En mei rjocht. Yn in ôfladen folle foyer liet sjueryfoarsitter Ruud Schenk, konservator moderne keunst by it Grinzer Museum, witte: ‘Het kunstenaarschap van Sjoerd de Vries is te karakteriseren [...]