Se gûlde dikke tranen – Tryater yn Amsterdam

ELSKE SCHOTANUS –

It Amsterdamske Theater Bellevue hat op facebook as profylfoto in ôfbylding fan aktrise Ali Zijlstra, in foto dy’t ek op it promoasjemateriaal fan de foarstelling Rooftop Memories te finen is. ‘De Friezen komen’, seit de poster: ‘Theater Bellevue verwelkomt een maand lang het Friese theatergezelschap Tryater.’ Yn de Bellevuewike, de lêste wike fan jannewaris, binne net allinne, mei boppetiteling, Thúsfront, In moaie jûn en Heimwee nei Hurdegaryp en in tal nijsgjirrige râneprogramma’s as in ‘Schrijversavond’ mei te meitsjen, alle dagen fan de moanne wurdt boppedat de lunsjfoarstelling Rooftop Memories brocht. ‘Het Lunchtheater is een springplank voor nieuw, debuterend schrijftalent en een proeftuin voor oude rotten.’ Rooftop Memories gie 9 jannewaris yn premjêre, in dei earder besocht ik de lêste try-out yn de smûke Paloni Zaal en wie ik nei ôfrin by it neipetear op it dak.

 

Soms binne dialogen absurdisdysk en sênes licht-hilarysk en rattelje tsientallen mokken oer de grûn, oare kearen giet it oer fertriet en is it spyljen ferstild wyls op de achtergrûn súntsjes it rûtsen fan weintsjes op in boartersguodachtbaan te hearren falt.

 

It dekôr wurdt foarme troch in grienmank oan âlde tafels en kasten. Kasten dy’t tagelyk gebouwen binne en de skyline fan in stêd foarmje. Tafels mei ûnder de blêden keukenrollen, gimmelearen mokken, tsientallen leppels, op ien derfan in tillefyzje, tal fan barbies, spûnzen en wat al net mear. It personaazje Cornelis P., in ferlopen figuer yn in stofjas mei in kolbêr deroerhinne en foute fiters yn de skuon, spile troch Peer van der Berg, set twa plestiken popkes op de makette fan in fletgebou, slacht de toetsen oan fan in boartersguodpiano, swaait mei de hannen as wie er de dirigent fan syn ferline. De jongere ferzje fan Cornelis P, brocht troch Eelco Venema, ek de skriuwer fan it stik, ferskynt, as stiet er op it dak, op ien fan de kasten: ‘Ik wil niet leven, ik wil niet dood, vandaag wil ik vliegen!’ Hy fertelt anekdoaten oer syn pake/opa en beppe, oer ferliefd wêze en masturbearje, oer syn klasgenoat Sjoerd Putsje. It draait om de oantinkens, om dy fan de âldere én om dy fan de jongere Cornelis. ‘Jaren verdwijnen als spatwater door de afvoer.’ Om fantasijen giet it ek, oer it fleanen en op de swartwyttillefyzje ferskine bylden dy’t mei fleanen te krijen ha. Langstme sit op it dak, it is ek in plak om dysels fragen oer it libben te stellen en derachter te kommen dat it om it net-witten. ‘Het maakt niet uit. ‘Jout neat.’

De foarstelling is foar it meastepart Nederlânsktalich mei flarden Frysk. Dêr wurdt boartlik mei omgien. It moaie famke mei de grutte eagen dat op in stuit opdûkt, immen út Cornelis syn ferline: ‘Ik drink graach kofje.’ Cornelis: ‘Dus u spreekt ook een beetje Fries.’ ‘In bytsje.’ Dan wer wurdt der út en troch in wurd Frysk yn de tekst ferfrissele, dan wer wurdt de oersetting, hânskreaun op foly, tagelyk mei de sprutsen tekst projektearre op in stik karton, oare kearen docht taal der net ta en giet it folle mear om de toan dêr’t de strekking wol út te achterheljen is. Soms binne dialogen absurdisdysk en sênes licht-hilarysk en rattelje tsientallen mokken oer de grûn, oare kearen giet it oer fertriet en is it spyljen ferstild wyls op de achtergrûn súntsjes it rûtsen fan weintsjes op in boartersguodachtbaan te hearren falt. Fleurich wurdt it publyk as Cornelis en it famke dûnsje op muzyk út de jierren fyftich – ‘for dancing, soon becomes romancing’ – mar sa’n sêne kin samar einigje yn diggels en ûnrêst. Op in stuit ferwyt it famke Cornelis ‘melancholisch geouwehoer’ en giet se de konfrontaasje oan: ‘Waarom spring je niet gewoon?’ Sysels ommers is net mear as in herinnering: ‘Heb ik dan geen echt leven?’

Mei’t Rooftop Memories einiget yn in sêne wêryn’t de jonge Cornelis en it famke tegearre it dak opklimme – Vliegen! – krijt it stik in iepen ein.

De ein, sa docht tidens it neipetear op it dakterras ûnder lieding fan regisseur Tatiana Pratley bliken, wurdt ferskillend ynterpretearre. Dêrmei, en mei oanpassings dy’t tidens eardere try-outs makke binne, is it stik sa’t it wêze moat en kin Amsterdam Rooftop Memories genietsje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.