Skilderje, it wie wat ik woe, mar net koe

ELSKE SCHOTANUS –  Dichter-skriuwer, performer, sjonger, akteur, filmmakker en heit, Elmar Kuiper is it allegear. We prate ôf yn de eardere LTS oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert, dêr’t er fia Carex in moai grutte atelierromte hiert. It is dêr roetkâld, mar dêr hat er gjin lêst fan as er oan it wurk is. Foar’t Elmar […]

Don Juan: op syn hûntsjes yn de iepen loft

ELSKE SCHOTANUS –  Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou […]

De suvering as dekôr foar ‘De suvering’

ELSKE SCHOTANUS –  It is in toplokaasje foar it iepenloftspul yn Wergea, de fertutearze wettersuvering fan wat earder in suvelfabryk fan de Frico wie. It betonkompleks, oergroeid mei rusken en beamkeguod dat him yn elk gatsje, elke kier ôfset hat, foarmet in yntrigearjende achtergrûn foar it stik. Der hinget de rook fan flearblossem, der groeie […]

Illustere figuren: We hebben allemaal een moraaltje

ELSKE SCHOTANUS – Buiten hangen de vlaggen halfstok, binnen brengt het theatercollectief Illustere Figuren de try-out van de voorstelling Lone Wolves blaffen niet. Het is 4 mei en onderweg naar het Tryatergebouw denk ik na over verschillen en overeenkomsten tussen het nazigeweld in concentratie- en vernietigingskampen dat in de oorlog miljoenen slachtoffers eiste en de […]

In folle bak foar advokaat Wim Anker

ELSKE SCHOTANUS –   Wat makket dat op it teaterkolleezje fan Wim Anker, tiisdei 8 maart yn de Ljouwerter Harmonie, achthûndert minsken ôfkomme? De priis sil it net wêze: it publyk telt grif €32,- del foar ynformaasje dy’t yn minder as gjin tiid op it ynternet te finen is. Ynbegrepen by de tagongspriis binne net allinne […]

Oarloch as ynspiraasje foar teaterprodusint David Lelieveld

ELSKE SCHOTANUS –  Mei it útsjoch op de skyline fan Ljouwert, de Achmeatoer as skaaimerkend elemint, praat ik mei David Lelieveld, produsint by Pier21, de stifting dy’t hy yn 2012 tegearre mei akteur en teatermakker Theo Smedes oprjochte, nei’t er it jier dêrfoar om reden fan besunigings dien krigen hie as technikus by Tryater. Mar […]

Se gûlde dikke tranen – Tryater yn Amsterdam

ELSKE SCHOTANUS – It Amsterdamske Theater Bellevue hat op facebook as profylfoto in ôfbylding fan aktrise Ali Zijlstra, in foto dy’t ek op it promoasjemateriaal fan de foarstelling Rooftop Memories te finen is. ‘De Friezen komen’, seit de poster: ‘Theater Bellevue verwelkomt een maand lang het Friese theatergezelschap Tryater.’ Yn de Bellevuewike, de lêste wike […]

Allegear ha wy deselde woartels

ELSKE SCHOTANUS –  It 50-jierrich jubileum fan Tryater wurdt grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben om twa boerefamyljes hinne. Dêrneist set Tryater it partisipaasje- en ynspiraasjeprojekt ‘In bosk fan minsken’ op priemmen om it fenomeen famyljeferhalen hinne: ynspiraasjejûnen, ateliers, in ynstallaasje fan Bouke Groen yn de foyer fan De Lawei, dêr’t Grûn […]

Wij … jullie …

ELSKE SCHOTANUS –  Ek ik haw it lykas safolle oaren oait foar de Nederlânske list lêzen, want it is sa’n lekker tin boekje, de yn 1948 ferskynde debútroman fan Hella S. Haasse oer de freonskip tusken in Nederlânske jonge, soan fan de administrateur fan in teeplantage en Oeroeg, it âldste jonkje fan harren Javaanske tsjinstfaam. […]

Magysk laborant, keunstskilder Sjoerd de Vries

EELTSJE HETTINGA –  Sa, dy sit! De Gerrit Benner-priis foar skilder-keunstner Sjoerd de Vries. Dizze twajierlikse priis fan de provinsje Fryslân dy’t him justerjûn yn it Fries Museum útrikt waard, krijt er foar syn hiele oeuvre. En mei rjocht. Yn in ôfladen folle foyer liet sjueryfoarsitter Ruud Schenk, konservator moderne keunst by it Grinzer Museum, […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.