In folle bak foar advokaat Wim Anker

Publisearre op 14 maart 2016

ELSKE SCHOTANUS –  

Wat makket dat op it teaterkolleezje fan Wim Anker, tiisdei 8 maart yn de Ljouwerter Harmonie, achthûndert minsken ôfkomme? De priis sil it net wêze: it publyk telt grif €32,- del foar ynformaasje dy’t yn minder as gjin tiid op it ynternet te finen is. Ynbegrepen by de tagongspriis binne net allinne twa drankjes mar ek in dvd mei in portret yn twa dielen fan de advokatebruorren Wim en Hans Anker dat de NCRV yn 2011 útstjoerde en dat op youtube foar elk tagonklik is. Yn it kolleezje rint Wim Anker de útgongspunten fan it yn it strafjocht spesjalisearre kantoar bydel, sa’t dy likegoed op ankerenanker.nl te finen is en jout dêr fanút de praktyk fan de advokatuer wei in taljochting op. In aai tsjin it rút fan de buorman smiten, beammen omhakt, mar ek in tal kasussen – Ferdi E., de moardner fan Gerrit Jan Hein en Robert M., bekend fan de Amsterdamske sedesaak dêr’t bern by belutsen wienen – dy’t rûnom yn it nijs west ha. It publyk hinget oan syn lippen.

 

Bloedserieus wurdt it kolleezje as Anker, nei it skoft, in kritysk relaas hâldt oer de stân fan saken yn de rjochtspraak.

 

De advokatuer, foar my, is Objection, your Honour, folge troch Objection overruled of Objection sustained, frasen dy’t, omdat se sa moai klinke, hingjen bleaun binne út de jierren dat hiel Nederlân foar de buis siet om de Amerikaanske soapsearje Peyton Place te folgjen. Hoe’t it der yn de rjochtsseal yn werklikheid om en ta giet, ik soe it net witte, mar dat in fertochte, wat de misdie ek is, rjocht hat op immen dy’t foar him pleitet, dat is in ding dat seker is.

De saak Robert M. sette it lân op ’e kop. Doe’t de Telegraaf berjochte dat Anker en Anker de ferdigening fan Robert M. op him nimme soe, kamen der dyselde nacht al fjouwerthûndert mails binnen. Epistels fol misledigingen en drigeminten. Anker, de wite jas oan, siet thús oan tafel en spitte de berjochten troch. Wêr’t er mei dwaande wie, frege syn dochter en hy sei dat er ûndersyk die. De útkomsten: De nacht lient him it bêste foar it ferstjoeren fan misledigings. It tilt op fan de taalflaters. Hoe lilker minsken wurde, hoe grutter de letters en hoe mear útroptekens. In inkelde mail waard beantwurde. Sa krige immen in komplimint foar it feit dat er de iennige Nederlanner wie dy’t fjouwer staveringsflaters wist te meitsjen yn it wurd ‘pedofiel’. En ek de skriuwer fan it berjocht dat útein sette mei ‘Geachte heren’ en einige mei ‘met vriendelijk groet’, mar grôtfol misledigingen stie, waard fan replyk tsjinne.

It binne de anekdoaten en de sprekker syn humor dy’t meitsje dat in feitlik relaas oer de útgongspunten fan Anker en Anker allemachtich boeit. Wim Anker syn lichemstaal draacht dêr net te min oan by. Hy makket in soad gebrûk fan hângebearten om wat er fertelt te beklamjen. Hat it kantoar fiif útgongspunten dan wurde, as soe nimmen yn de seal him oars leauwe, de fingers spraat. Hat it justisjele apparaat de macht, it jild, de minsken en de middelen, dêrfoar oer stiet de fertochte: ien yndividu. In wiisfinger wurdt opstutsen. Komt Anker mei trije arguminten, dan wurde dy sekuer op de fingers útteld. Dan wer giet de fûst omheech, dan wer omleech, wurde de earms spraat of makket er golfbewegings mei de hannen. It fermogen te oerstjûgjen sit net yn de ynhâld allinne, dan soe de advokaat yn in strafsaak syn pleit op in stikmannich A4-kes ynleverje kinne, it sit ‘m likegoed yn de toan en it fysike elemint.

Bloedserieus wurdt it kolleezje as Anker, nei it skoft, in kritysk relaas hâldt oer de stân fan saken yn de rjochtspraak. It klimaat wêrby’t in fertochte, noch foar’t de rjochter it fonnis sprutsen hat, ta dieder makke wurdt. Net allinne de media meitsje har dêr skuldich oan, politisy en oerheden likegoed. Hy fertelt dat Nederlân earder koprinner wie as it om de rjochtsteat giet, mar dat yn de measte Europeeske lannen ‘libbenslang’ nei ferrin fan tiid evaluearre wurdt. Te uzes lykwols net. Dat advokaten gjin rol spylje by in plysjeferhoar en de beleanning sadanich is dat it boppedat net út kin. Dat lang net elke advokaat pro deo saken oannimt. Dat de drompel foar minfermogenden om gebrûk te meitsjen fan in advokaat heger en heger wurdt. Dat slachtoffers en neibesteanden yn de rjochtsseal sprekrjocht krije, in rjocht dat ta ûnnedich emosjonele tastannen liede sil en dêr’t er poer op tsjin is. Dat guon kollega’s by in fertochte op de stoepe lizze om har ferdigenje te kinnen, yn plak fan te wachtsjen oant de fertochte sels kontakt opnimt. Kowboys neamt er sokken.

As immen fanút de seal freget oft dat alles betsjut dat de rjochtssteat yn gefaar is, docht bliken dat dy útspraak him lykwols te stoef is. Toch is it krekt dy fraach dy’t makket dat ik, hoefaak ik dy jûns ek yn laitsjen útbrutsen bin, heal ferûntrêste en heal mismoedich, de seal ferlit.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels