Ryksdaalders krije jongen

JOSSE DE HAAN – 

Marten Hepkes Bakker revisited troch Abe de Vries. In negearre dichter, 1848-1927.

 

Dat ik yn myn bêste jierren ’t sied strui yn in drege grûn,

wêrút rike fruchten dije op myn lette libbensjûn.

Dat dy fruchten duorje kinne, elts se plôket, elts se priuwt –

dat de swietens fan dy fruchten jimmer yn wurdearrring bliuwt.

(út: Hjerst, 1879)

                                

Oan myn sjongster

 

Sjongster, wol my net ferlitte,

bliuw my it hiele libben by,

want yn droeve, tsjustere dagen

joechsto jimmer treast oan my.

Wille jousto my yn tiden

as ik sûn en lokkich bin

en do helpst my yn it striden

tsjin wat ûnrjocht hjitte kin.

Faken mien ik, bin ‘k allinne,

as ik troch de fjilden stek,

mar dan fyn ik my bedragen,

want do bist der ommers ek.

Ja, wy hearre by elkoarren,

‘k doar wol sizze, wy binn’ ien;

winterdei by snie en hagel,

maitiids by it jonge grien.

meiste soms in sjonger hearre

dy’t rju heger toanen slacht:

swij dan net, sjong eigen wize,

mar foaral net boppe macht.

Leave sjongster, bliuw by my!

Want ik kin net sûnder dy.

(1887)

 

Fertsjusteremoanne
Marten Hepkes Bakker libbe fan 1848 oant 1927. Hy is dus 79 jier wurden, en hat neffens de gearstaller fan de bondel fersen – Abe de Vries – in twa hûndert gedichten skreaun en publisearre yn tiidskriften. Yn dizze blomlêzing Dan krije ek de fûgels dien binne in fjirtichtal fersen opnommen. De nije útjouwerij GROTESK yn Amsterdam hat it boek publisearre (€12,50, 110 siden).

Abe de Vries neamt syn ynlieding op de fersen In korreksje op de kanon, en Eppie Dam dy’t mei in gedicht in earbetoan oan de dichter skriuwt hat as titel nommen fan syn gedicht In dichter fertsjusteremoanne. Beide dichters De Vries en Dam binne (dus) fan betinken dat de kollegadichter Marten Bakker by de kanon fan de Fryske poëzij heart en dat dizze dichter mei opsetsin fergetten, negearre, ja sels fertsjusteremoanne is (bewust opromme). As soks kloppet dan hat Abe de Vries (a) de dichter Bakker mei dizze blomlêzing rehabilitearre en (b) de Fryske poëzij riker makke mei in ferlerne poëet.

 

Allinne

Faken hie ik hjir myn kommen,

faken naam ik hjir myn rêst,

mar in byld dat ‘m is ûntnommen,

hat my lang ta selskip west.

 

En dan sieten wy tegearre

redekâltsjend oer Natoer.

Lieten elkoar fragen hearre

oer in wyslik Albestjoer.

 

Nou fyn ik syn stee ferlitten,

’t plakje grûn, dat heech my leit.

‘k Hear syn stimme, ‘k sjuch him sitten.

Mar, it is gjin werklikheid.

(1905)

 

Kalma’s suvering
Yn de goed tolve siden ynlieding beskriuwt De Vries hoe’t de hânboeken oer literatuer en de him bekende blomlêzings de dichter net neame of opnommen hawwe. As dichter hat Marten Hepkes Bakker noait bestien skriuwt de Vries. Letter neamt er wol de Encyclopedie van Friesland fan 1958, ûnder haadredaksje fan Jelle Brouwer, dêr’t ûnder it lemma Bakker, Marten Hepkes skreaun wurdt: ((Bakker Langwar, 23-3-1848 – Huizum 25-1-1927, woonde o.a. te Harich en Huizum; schreef voordrachten en volkspoëzie met sociale inslag, werkte o.a. met Winterjounenocht – zie : Slj. En Rj. (1923), 621-622; Kalma, Fr. Skrift. III, 141,142; Wumkes, Paden 11, 245)).

Yn de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân stiet: Bakker, Marten Hepkes (Langweer 23.3.1848-Huizum 25.1.1927. Bakker, Volksdichter en auteur van voordrachten). Yn de nije ensyklopedy (2016, des.) is er syn sosjale ynslach kwyt rekke. Neffens Abe de Vries is er suvere út de Fryske skriftekennisse doe’t yn 1915 de literêre mytefoarming troch Douwe Kalma c.s. begûn. Kalma spruts fan suvering, meidat allinne earnst, gruttens en skientme fan belang wiene. Kalma woe taalkeunst, en dêr pasten folksskriuwers net yn.

 

De foarnaamste skilder

Klapperjende eiberts en draaiende ljipkes,

springende fiskjes en ’t sêft skomjend wiet,

gûnzjende bijen en flodderjende flinters,

dauwe dy’t jûntiids de blommen bejiet.

 

’t Ierdryks-opglânzjen, moarnsier oan ‘e kimen,

’t hoantsje opgoudzjend dêr boppe op de toer.

Romje frij Rembrandt, Jan Stien en mear oaren;

baas boppe baas bliuwt dochs skilder Natoer.

(1906)

 

Maatskippijkrityske poëzij
Neffens De Vries is it apart dat dizze dichter Bakker net opnommen is yn de kanon, wylst hy yn syn tiid wol in soad lêzen waard – wurk ferskynde yn De Bijekoer, Swanneblommen, Ferjit my net, en tagelyk ferskynde syn wurk yn de kranten fan Japik Hepkema, yn it linkse wykblêd De Klok fan Geart van der Zwaag en yn Sljocht en Rjocht fan Waling Dykstra.

‘Kanonfoarming is gjin weardefrij proses’ skriuwt De Vries. ‘It is in útdrukking fan in ‘’striid om de smaak, om noarmen en wearden, om de kulturele hearskippij’’.

De Vries wol pleitsje foar ‘refleksje op sosjaal engaazjemint en maatskippijkrityk as literêre kategoryen, neist estetika en taalbehanneling’.

Yn de fersen dy’t útkard binne komme de lyryske en de maatskippijkrityske kant nei foaren, en as lêste noch tolve út de lêste jierren fan de dichter.

Douwe Kalma prate yn syn program net oer ‘maatskippij-krityske’ poëzij – dat wie ommers gjin poëzij. Yn dat ljocht soe it mooglik wêze dat de dichter Bakker bewust oan kant skood is.

 

By stoarmwaar

En sa lyk as jimme dêr, reiden oan ’t wetter,

binne ek folle minsken yn ‘t bûgen net better.

Mar yn dat gestreak en dat aaikjen is grif

gjin byt oars te finen as slangefergif.

 

O, ik kin gelokkich de kwast net hantearje,

In stjonkert kin ik om syn deugden net earje.

Foar nimmen net dy ‘k ek ontmoet op myn wei,

hâld ik der in hunich- of sjerppôt op nei.

(1909)

 

Links-liberaal
Marten Hepkes Bakker en Piter Jelles Troelstra wiene fan deselde generaasje fan midden 19e ieu, beide dichter en faaks ha se elkoar moete yn de Skrâns yn Ljouwert/Huzum dêr’t ek de Troelstra’s in hûs hiene. Fia Sjoukje Bokma de Boer (Nienke fan Hichtum), waans heit dûmny wie yn Langwar, sil der ek kontakt west hawwe.

Bakker groeide op yn in bemiddeld liberaal-protestantske timmermanshûshâlding yn dat doarp. Dy liberale protestanten (soms mei sosjalisten) wurken gear – se stiften bygelyks yn deselde tiid (1866) de Foriening foar Folksûnderwiis, dy’t letter fanút Fryslân oer heel Nederlân bekend waard (hûndert tûzenden leden). VOO – Vereniging voor Openbaar Onderwijs – Niet Apart Maar Samen. Yn deselde tiid publisearre Multatuli yn 1860 de Max Havelaar – it is dy wrâld dêr’t lju as Bakker by hearden.

Abe de Vries beskriuwt yn fûgelflecht it libben fan de dichter Bakker, dêr’t foaral sketst wurdt hoe’t er yn it libben stie, hokker wurk er die, en wêr’t er him fierder mei dwaande hâlde. Bakker hat in tal konflikten mei ortodokse dûmnys hân.

De Vries: ‘Dûmny Mebius fan Langwar sil grif wat huverich west hawwe foar it ferskynsel fan klerus-krityske skriuwers’. Troch de opfolger fan Mebius , Ds. Freerk Kamstra, wurdt skreaun dat Bakker ‘geen vriend is van de Openbare Godsdienst’ (Bakker waard beneamd yn syn bertedoarp Langwar ta diaken troch de tsjerkeried). Ds. Kamstra is dêr op tsjin.

De Vries wol ha dat de libbensrin fan Bakker tekene wurdt troch in sosjaal nei ûnderen gean troch bygelyks – de grutte krisis, Bakkers eigen ‘wiffe’ hert, en foaral ek troch de botsing fan it links-liberale, frijsinnich protestanske folksdiel (dêr’t Bakker by hearde) mei it ortodoks-protestantske part fan de befolking. Bakker hat tsjin dy ortodoksy striden.

 

Baas bakker en dominy

 

Dominy

Hee baas! Hoe kom je zoo geheel niet meer ter kerke?

Daar scheelt een weinigje aan, dat kan ik soms wel merke.

 

Baas

En wêrom komme jimme ús winkel net mear yn?

Is dominy ortodoks? Myn bôlen binn’ ek fyn.

Ik slyt oan jo gjin brea, gjin sûkerguod noch koeke,

ik leau, as jo myn guod mar yn de fierte rûke,

dêr kinn’ jo wol mei ta. Sa giet it ek mei my;

want rin ik sneintemoarns de tsjerke soms foarby

nei ’ t griene fjild, dan kin ik, ‘k wol net beare,

jo tsjin jo skiepkes galmjen hearre…

Kin dominy fan de rook it ha,

dan kin ik mei wat klank wol ta.

(1880)

 

Frij radikaal
Bakker skreau yn it sosjalistyske wykblêd De Klok. Trije fan syn earste fersen wurde troch Piter Jelles Troelstra en Onno Harmens Sytstra opnommen yn de blomlêzing It jonge Fryslân (1882). Dat is fiif jier neidat er begûn mei publisearjen.

De ynlieder op de bondel fan Bakker jout oan dat de 200 fersen gronologysk en tematysk yndield wurde kinne – yn de earste perioade fanôf 1877 binne it foaral sosjaal-krityske fersen (yn De Bijekoer, Swanneblommen, De Klok), yn de trant fan Waling Dykstra. Faak geskikt om foar te dragen en foar Fryske begripen frij radikaal. In engazjearre toanielstik fan Oebele Stellingwerf (Giet it sa?) hat Bakker ynspirearre – Stellingwerf, de man fan it Frysk Folksblêd en de Fryske Folkspartij is sawat fan deselde leeftiid (1847). Mei syn frou Trui Jentink bouden se beiden oan de liberaal-sosjalistyske ideeën.

Neffens De Vries is de twadde perioade (fan 1901-1925) in ferfolch mei inselde sosjaal-krityske toan plus in soarte fan engaazjemint mei de nije tiid, mar dan wol wat konservatyf, hoewol’t de skriuwer tagelyk ek anargistysk en passifistysk bleaun is.

 

Pankoekbakke

Us dominy, seit Pier, dy hat wol foar ’t ferstân

hoe oft hy eare en rom ferkrije kin yn ‘t lân.

As hy de duvel mar faak yn syn preken utert

dan sil er ringen sjen, hoe ’t yn syn tsjerne bûtert.

 

Lûd roppe op ‘e stoel, en mei de hannen slaan,

dat sil de grutste heap ek tige bêst foldwaan.

Mei bearen en gerop – al sil er der by lige –

hat mennich holkop al in grutte namme krige.

 

En mannich prekersbaas dy hâldt syn kudde dom,

Al wit er ’t paad wol oars; mar as dat bart om rom

te krijen wiid en siid, om nei mear jild te snakken:

is dan sa’n doomny net drok oan it pankoekbakken?

(1885)

 

Wêrom skoudere?
De kearnfragen oangeande de fersen fan Bakker dy’t de blomlêzer nei syn publikaasje nei foaren bringt kinne sa omskreaun wurde:

1 – hat de poëzij fan Bakker kwaliteit, sjoen yn de tiid dat it skreaun is?

2 – wêrom is dizze skriuwer net opnommen yn de kanon?

De Vries tinkt dat Douwe Kalma mei syn estetyske easken oangeande de poëzij de dichter Bakker ôfwiisd hat – Kalma skreau sels in giftich tsjingedicht doe’t Bakker bewearde dat Kalma it fierste heech socht, want der is genôch poëzij by honk. Kalma fergelike Bakkers wize fan poëzijskriuwen mei it pikken fan in hin op in dongbult (it ferskil tusken de twa wie ommers ûnmjitlik grut, nei it idee fan Kalma).

Fierder wie Bakker syn sosjale status leech, én hy hie in polityk- en sosjaal-krityske hâlding. De otterdokse Wumkes wist fan Bakkers rol yn tsjerklike konflikten op De Hommerts en yn Langwar. Wumkes hat nea oer him skreaun, seit Abe de Vries. Allinne de twa sosjalisten Jelle Brouwer en Jaap Kalma hawwe Bakker bewarre yn de ensyklopedy fan ’58.

‘De managers fan de Fryske literatuer wiene gjin arbeiders, en beskôgen net elk as gelyk. In fallen arbeider, in alkoholist, ien mei de rook fan fallisemint hearde by in oare wrâld’ (AdeV). Dochs stie Bakker net helendal allinne, hy waard holpen troch lju as Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen, de Hepkema’s en bgl. Jan Jelles Hof. En uteraard troch Piter Jelles Troelstra – allegearre gjin otterdoksen foar ’t neist. Yn 1910 frege Waling Dykstra yn Sljocht en Rjocht stipe foar de dichter – omrekkene brocht dat in 500 € op.

 

De wiere Hantsje Pik

‘’Wat zwoegt ge, mensch, naar goud of eer!’’

Sa heart men dan him sjongen.

Mar graach hie ‘r dat men sizze koe:

ryksdalders krije jongen.

Hy is ûnfoege min yn ’t skik

as me oer him skriuwt. Gjin wonder!

Doch freonen, skriuw mar faak in stik,

mei jimme namme er onder.

(1887)

 

Sinsuristen binne fan alle tiden
De kanonfoarming fan ’15 (Kalma) hie neat mei realistyske maatskippijkrityk yn de keunst, neat mei krityske refleksje op it werklike sosjale libben. De skriuwerij fan Bakker is net ‘folksriem’ en net ‘dichterlik’ genôch. Neffens Abe de Vries is it sosjale engaazjemint in stroffelstien foar de pommeranten yn dy tiid.

Fierder neamt De Vries de taalpuristen dy’t alles wat net struts mei har sels betochte noarmen ôfwiisden. Dy politike taalbril moat ôf seit De Vries. Bakker jout ommers in skerp byld fan de lêste helte fan de 19e ieuske en begjin 20e ieuske sosjale ferhâldingen op it plattelân.

Ofgeande op wat ik no lêzen haw, benammen de striid fan Bakker tsjin de arrogante otterdokse dominys dy’t faak de beslissende macht hiene yn dy tiid, bin ek ik fan betinken dat dizze dichter bewust oan kant skood is.

De Vries neamt Marten H. Bakker in enfant terrible fan Langwar (lang fóár Anne Wadman dy’t dêre ommers ek berne waard – JdH), in kritikaster fan de nije ortodoksy, de reade oproerkraaier yn de Agraryske Krisis, mar ek in sosjale mislearreling dy’t mar dreech doge wol.

Dat de ortodoksy besiket yn te gripen yn maatskiplike prosessen, en soms hjoed de dei noch besiket de har net noaskjende lûden te smoaren wol ik mei trije foarbylden oanjaan – it fersterket de stelling fan De Vries dat de ortodoksy de dichter Bakker fertsjusteremoanne hat –

1 – de nije ensyklopedy hat de wichtige yn Fryslân (1866) troch in pear liberalen oprjochte Vereniging voor Openbaar Onderwijs – mei lettter yn heel Nederlân hûnderttûzenden leden – folslein negearre (de ortodokse K. Zondag skreau it haadstik oer it ûnderwiis).

2 – doe’t de earste Spiegel van de Friese Poëzie (1994) gearstald waard frege Meulenhoff (Laurens van Krevelen, dir. en surrealistisch dichter) oan de gearstaller T. Oppewal ‘waarom neem je niet enkele surrealistische gedichten van Josse de Haan op?’, antwurde dizze literatuerbefoarderer: ‘Surrealistische gedichten beschouw ik niet als poëzie’. Yn syn ortodokse wrâld ferspijde men noch altiten it surrealisme.

3 – Dizze selde figuer besocht yn 2001 de oersetting fan de roman Piksjitten op Snyp yn Kikkerjaren tsjin te hâlden. Yn dy roman wurde neffens de literatuerbefoarderer de ortodoksen bespotlik makke (fergelykje Marten H. Bakker).

 

By in mennich stikelplanten

Ha minske der reden foar jimme te haten?

Séls binn’ se ommers ek lang net skjin op ‘e hûd.

Nee, om der mar suver rûnút oer te praten,

it minskdom is ek mar in stikelich guod.

 

’t Is nuver hoe’t se elkoarren stikelje kinne,

hja stekke elkoar wûnen, wol djip soms yn ’t hert.

Jim stikels te neamen, dat se séls tige binne,

dêrmei ha se har eigen karakter ferret.

(1905)

 

Polemysk
As men de trije skiften achter inoar lêst – lyryk, sosjale krityk, de nije tiid – dan falt op dat de dichter de technyk fan it skriuwen wat langer wat mear yn ‘e fingers krijt. Ik fyn benammen it skift ‘sosjale krityk’ sterk, polemysk hast, en ik kin my yntinke dat dy fersen (c.q. foardrachten) foar argewaasje soargen, benammen yn de behâldende otterdokse hoeke.

Dizze dichter lit sjen hoe’t de wrâld der yn syn tiid hinne lei. De dichter is passifistysk ynsteld (tsjin oarlochsgeswets), anty machthawwers (de pommeranten yn dy tiid), en foaral allergysk foar de otterdoksy en opskepperij.

As ik de gedichten yn it twadde skift lês – de sosjale krityk – kin ik my yntinke dat de skriuwer op heel wat otterdokse teannen stien hat – want de dichter is in liberale frijtinker en gjin kommaneukende betterwitter. Ut en troch moast ik oan Multatuli tinke wat de ynhâld fan de fersen en de ûnderwerpen oanbelanget.

Abe de Vries syn stelling dat de dichter Marten Hepkes Bakker bewust skoudere is troch Kalma’s estetisisme en de otterdoksy snijt faaks wol hout. Foar dat soart lju wie de man te kritysk. Bakker brûkt heel wat metafoaren om oan te jaan wat neffens him wol en net doocht – soms moralistysk, mar ek wol boartlik, spotsk en gekoanstekkend.

 

De nije dichtkeunst

 

Fier boppe loft en swurk, o sei ! wat dochs in hichte,

sykje in hopen dichters hjoeddeis har fortún.

Keunstdichten makket men, dy’t leare jin noch stichte;

frjemdsoartich guod is ’t yn ‘e Fryske blommetún.

 

Krektlyk as lytse bern it efterst foarst wol sizze,

sa lêze wy yn dit rym faak eltse rigel hast.

Beswierlik giet it meast de ynhâld út te lizzen.

Wat fielend hert giet op sok spul te gast?

 

En soe dat oanbean spul wol djip út ’t herte komme?

In soart fan grutheid is ‘t, sa liket it my ta.

Wat sil der fan ús taal op ’t lêst terjuchte komme?

Want oer it algemien is men sa’n dichtkeunst ba.

 

’t Binn’ fersen, dy’t gjin yndruk meitsje kinne.

’t Binn’ blommen, dêr’t we ús ringen sêd op sjen.

Natoer giet boppe keunst, en sil ’t yn alles winne;

is ûnferfalske waar, dy’t nimmen lekje kin.

 

Lit frij de dichter yn dyn fersen hearre,

mar klaai se net útwrydsk en popp’rich yn ‘e pronk.

Flean net sa mei gewelt en haast nei heger sfearen:

Oerfloed fan poëzy fynt men genôch by honk.

(1916)

 

It soe moai wêze as De Vries noch mear fergetten en skoudere dichters fynt. Faaks kin dan oanjûn wurde dat de metoade fan negearjen en skouderjen in struktureel middel wie (is?) om de literatuer ‘op te skjinjen’ en it krityske lûd te smoaren. Kalma’s skientme flokte mei de yntinsjes en de poëzij fan de dichter Marten H. Bakker. Dat hat dizze samling fersen foaral sjen litten.

 

Marten Hepkes Bakker, Dan krije ek de fûgels dien. Abe de Vries, uitgeverij Grotesk, Amsterdam. €12,50

Comments
Ien reaksje oan “Ryksdaalders krije jongen”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.