fotografy: Josse de Haan

Premios literarios kutxa Ciudad de Irun

JOSSE DE HAAN – 

It is healwei achten de jûns. We sitte mei in goeie twa hûndert minsken yn de teaterseal fan it kultureel sintrum fan Irun – Ficoba – op ‘e grins fan Spanje en Frankryk. Om de rotonde hinne foar it sintrum reest it ferkear oer de brêge dy’t de twa lannen ferbynt. De Bidasoa streamt hjir ûnder de brêge út de Pyreneëen yn de Atlantyske Oseaan. De rivier foarmt de grins tusken de twa lannen.

De stêd Irun (Ciudad) telt in lytse 62.000 ynwenners, Fontarrabia in eintsje fierder lâns de rivier hat 17.000 en Hendaye oan de oare kant fan de rivier yn Frankryk hat in 18.500 ynwenners – in Euroregio mei in lytse 100.000 ynwenners. Simmers kinst benammen yn Hendaye it ynwennertal ferdûbelje – de 4½ km strân oan de oseaan lûkt heel wat fakânsjegongers.

Irun is it sintrum fan dizze Euroregio, in grinsplak dat dêrtroch by definysje oars is as de oare Baskyske stêden. De trije talen Spaansk, Frânsk en Baskysk binne prominent oanwêzich. De mentaliteit is dy fan in meartalich gebiet, ferdield oer twa lannen. In kwart fan de ynwenners fan Hendaye komt út Spaansk Baskelân, in fiif persint út ûnderskate oare lannen.

Fontarrabia hat in fleanfjild foar foaral binnenlânske fluchten – (Madrid, Barcelona en Sevilla is twa oeren fleanen). Op 15 km leit it fleanfjild fan Biarritz, dat mei heel Europa ferbinings hat, en de TGV bringt reizgers yn fjouwer en in healoere fan Hendaye nei Parys.

De trije stêden organisearje mei elkoar eveneminten ûnder de namme Txingudi (baai)-festival (teater en muzyk). Der bestiet ek in Txingudi-TV-kanaal en in radiostjoerder – yn it Baskysk, Frânsk en Spaansk. Baskelân sels ken twa TV-stjoerders yn it Spaansk en Baskysk. San Sebastian (Donostia) hat as stêd in eigen kanaal.

Irun hat dit jier foar de 41e kear in literêre rally útskreaun. Heel wat gemeenten hjirre skriuwe elk jier literêre priisfragen út. De lêste jierren is de Baskyske bank KUTXA-Bank yn Irun partner yn dizze priis. Literatuer is al jierren wichtich yn de gemeente. In heal jier lyn is in grutte bibleteek iepene ûnder it sintrale plein foar it gemeentehûs, anneks parkeargaraazje. Dêr wurde no ek de literêre workshops en skriuwjûnen hâlden. Literatuer is in wichtich elemint yn it foarsjenningspatroan.

Yn Irun is dit in spesjale literêre wedstriid, omdat de prizen heech binne én troch de bepaling dat skriuwers út heel Spanje meidwaan kinne – de literêre priiskompetysje is twatalich (Baskysk en Spaansk), en dan ek noch foar twa kategoryen. Poëzy en Proaza – foar in bondel fersen en foar in roman. Yn totaal fjouwer grutte prizen.

 

 €80.000 oan prizejild foar twa romans en foar twa bondels gedichten.

 

omslaggen winners

 

Bekroande boeken en skriuwers

  • Priis Proaza Baskysk: Juan Luis Zabala (’63) mei de roman Txistu eta biok – belanne mei €25.000 ;
  • Priis Proaza Spaansk: Ana Muela Pareja (’60) – Sevilla – mei de roman El Falso Cuerno Del Rinoceronte – beleanne mei €25.000;
  • Priis Poëzy Baskysk: Asier Serrano Lasa (’75) mei de bondel Ate osteko itzalak – beleanne mei €15.000;
  • Priis Poëzy Spaansk: Ramon Crespo (’61) mei de bondel Las hojas enfermas – beleanne mei €15.000.

Dat betsjut mei elkoar €80.000 oan prizejild foar twa romans, en foar twa bondels gedichten. Elk jier op ‘e nij beskikber steld troch de stêd (Ciudad) Irun mei help fan in Baskyske bank.

De skriuwers en poëten hiene yn totaal 420 manuskripten ynstjoerd, út alle hoeken fan Spanje. Elke kategory hie in aparte sjuery fan respektivelik trije leden foar de poëzy en fiif leden foar de romans. In groep fan fiif en tweintich lêzers hie yn ’t foar al in seleksje makke. De deadline foar ynstjoeren is elk jier 31 july. Op dat stuit begjint de foarseleksje al. De kommisjes hawwe dus in njoggen moanne om te kedizen en te oerlizzen.

Nei ôfrin fan de priisútrikking troch de Boargemaster fan Irun en de bankdirekteur waarden troch in teatergroep de romans yn ’t koart yn sêne setten, en liezen fjouwer toanielspilers dêrnei yn ôfwikseling fersen út de twa bondels – in performance fan in goed oere. De priiswinners hâlden in koarte tankrede – yn it Baskysk en yn it Spaansk, sûnder oersettings.

Nei de seremony, it teater en it foarlêzen wie der in Cóctel (Cocktailpartij) foar de priiswinners, de sjueryleden en de útnoadige skriuwers en oare belangstellenden. In jazzband mei in ferrekt goeie croonster spile de stjerren yn de glêzen. Tapas en bysûndere kroketten leine de boaiem foar de perfekte wyn. De sjongeres fertelde my letter dat se dizze simmer yn Rotterdam sjonge soe.

 

De direkteur Kultuer fan de Kutxa-Bank fertelde my dat se as bank ditsoarte fan literêre barrens stypje, omdat se fine dat se dêre in taak hawwe.

 

It belang van literatuer
De direkteur Kultuer fan de Kutxa-Bank fertelde my dat se as bank ditsoarte fan literêre barrens stypje, omdat se fine dat se dêre in taak hawwe. Se beheine har net ta de literatuer allinne, mar ek oare kultuereveneminten krije har stipe. Lykas no mei de Kulturele Haadstêd San Sebastian.

In skriuwer ferklearre my dy stipe op syn eigen wize: ‘Sjoch, dy bank dat binne wysels, en dus it logysk dat se soks dogge. De Kutxa-Bank is in Baskyske bank, en mei dizze polityk fan kulturele help, ek op oare gebieten yn ‘e maatskippij, hâlde se har klanten.’

De Baskyske oerheid docht wat de literatuer oanbelanget al jierren itselde – Baskyske skriuwers bringe besites oan legere en middelbere skoallen dêr’t har boeken lêzen wurde, oanskaft mei stipe fan it Baskyske regear. Se wurkje in heale dei op ‘e skoalle dy’t in boek fan har lêzen hat, de leararen hawwe it boek mei de bern lêzen, sadat de bern witte wêr’t it oer giet. In skriuwer lêst foar, beantwurdet fragen en lit de bern skriuwe.

Elk bern bout sa syn eigen bibleteek op, want it boek dat lêzen is krije se mei nei hûs. Skriuwers kinne hjir in ynkommen opbouwe dat tusken de 5.000 en 20.000 euro jiers leit. Taalpolityk en literêre foarming rinne hjir hân yn hân.

Wat de literêre prizen oanbelanget falt my it tolerante aspekt op – alle Baskyske en Spaansktalige skriuwers kinne meidwaan. Fierder noasket it my wol dat de poëzy hast lykweardich is oan de roman yn dizze spekriderij – minder wurden, dus wat minder jild.

Doe’t ik hjir in tritich jier lyn (okt. ’86) for it earst kaam yn ferbân mei in konferinsje fan Europeeske minderheidstalen wie ik ferbaasd te hearren dat heel wat stêden literêre priisfragen útskreauden – soms allinne foar Baskyske skriuwers, mar ek wol foar guon yn de beide talen Spaansk en Baskysk. Elk jier wurdt dan ek noch de Baskysk Nasjonale Literêre Priis takend foar de twa talen (plus foar jeugdliteratuer). Yn Fryslân ken ik de lytse Rely Jorritsmaprizen, en ien kear yn de trije jier de Gysbert Japicxpriis as dé grutte literêre priis (plus foar jeugdliteratuer, debutanten en de Van der Veldepriis).

De autonome regio Baskelân telt 2.100.000 ynwenners, mei Navarra dêr’t ek Baskysk praten wurdt, is dat 2.700.000. Fryslân hat in 650.000 ynwenners. De taal – it Baskysk – is wichtich yn Baskelân, en dat sil ek de reden wêze dat de literatuer as belangryk sjoen wurdt, en dat heel wat stêden literêre prizen beskikber stelle.

 

Ik sjoch in grut ferskil yn mentaliteit tusken de Fryske fan de nije Kultuer-Deputearre Poepjes en de Baskyske hjirre oan de Atlantyske Oseaankust.

 

Hege en lege kultuer?
Ik haw al neamd dat Irun net allinne literêre priiswedstriden organisearret, mar ek literêre workshops en skriuwjûnen op tou set – de gemeente Irun betellet dizze útjeften sa’t se ek bydrage oan sportsealen en oare akkomodaasjes.

De wat lytsere stêd Fontarrabie (Hondarribia, 17.000 ynwenners) ken lykas Irun literêre wurkjûnen – yn it Baskysk en yn it Spaansk – dy’t ek helendal foar rekken komme foar de gemeente. Elke fjirtjin dagen binne der trije dy’t elk besocht wurde troch in tweintich oant fiif en tweintich dielnimmers. De froulju ha de oerhân.

De boeken wurde beskikber steld troch de stêd Fontarrabie – Baskyske, Spaanske en oersette wurken út oare talen. Ek de petearlieders wurde troch de pleatslike oerheid betelle. Faak binne dat skriuwers.

De partijen op it gemeentehûs sizze yn ’t ginneraal: ‘Dêr’t wy de sport stypje is it ek saak de kultuer te stypjen – literatuer, muzyk en oare kreative aspekten fan it libben.’

Dit rint al jierren goed, en it makket neat út wa’t oan de macht is – konservativen of progressiven – Partido Popular, Sosjalisten of Baskyske nasjonalisten. Se sjogge dizze aktiviteiten as wichtich foar de befolking. Se prate hjir net oer hege of lege keunst, se fine dat bepaalde saken by it libben hearre en foar elk tagonklik wêze moatte. Guon hâlde fan fuotbal – Baskelân hat 4 clubs yn de Primera Division – oaren binne gek fan literatuer of teater.

As de aktiviteit te krijen hat mei de taal is elk foar subsydzje. Troch de jierren hinne (nei de diktatuer begjin 70-er jierren) hat de byldzjende keunst in soad stipe hân. Doe’t de plannen foar it Guggenheim yn Bilbao der leine wie net elk posityf, mar no is hast elk wol oertsjûge fan dit Museum foar Moderne Keunst dat yntusken bekend is yn de hele wrâld sûnt 1997. Keunst bestiet – men sjocht gjin tsjinstelling tusken hege en lege kultuer, it is dit én dat. Mar jo kinne it net lykskeakelje.

Ik skriuw wat wiidweidiger oer dizze Euroregio, c.q. Baskelân, meidat ik it grutte ferskil yn mentaliteit sjoch tusken de Fryske fan de nije Kultuer-Deputearre Poepjes en de Baskyske hjirre oan de Atlantyske Oseaankust. Ik ken dizze regio no in tritich jier, wenje hjir hast santjin jier, libje mei in Baskyske skriuwster en tink dat ik sa njonkelytsen fergelykje kin. Troch myn besites twa kear jiers oan Nederlân/Fryslân (plus digitale ynformaasje), en myn skriuwerskip hâldt ik kontakt mei ‘dêre’.

 

As ik oan Makkum tink dan sjit my yn ’t sin hoe’t de keatsers Rinny Kuiper en Albert Rinia op de PC keatsten, hoe’t myn styfbeppe oer har berteplak Makkum prate, en oer har buorman Ds. Willem Banning, in fernijer pur sang en bygelyks meioprjochter fan de PvdA.

 

Kultuere loopgraven …
Op deselde dei (15 april) dat fjouwer skriuwers yn Irun lokkich makke waarden mei in moaie priis lies ik yn de digitale LC in ferslach oer in lunsjlêzing fan de nije Kultuer-Deputearre fan it CDA, Frou Sietske Poepjes. Titel fan it stik yn de LC wie: ‘Kom uit de culturele loopgraven.’

Ik foel fan ferbazing hast út myn hingmatte, want it betsjut dat sij fynt dat se oanfallen wurdt troch kulturele lju yn dy loopgraven. Apart, want wat de literatuer oanbelanget haw ik al jierren it omkearde gefoel as ik tink oan it ûnder de ferantwurding fan de Deputearre fallend ynstitút Tresoar. Benammen de literatuerseksje dêre operearret al jieren út loopgraven.

Neffens de LC skrok de Deputearre fan kultuer har tepletter doe’t se dy baan krige. Mar wês no earlik – it CDA hie Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries op’e dongbult riden (sij wie yn har speach de inisjator fan de KH18 yn 2007 doe’t se my de GJ oerhandige) – it CDA fûn dat se dit better koe. Tocht alteast dat it mear har kant út skaaie moast. Skrikke wie dus net nedich!

Poepjes seach neffens it ferslach hoe’t kultuer minsken ferdiele koe. Sij hat it dan oer har eigen Makkumer referinsjekader dêr’t se wennet. Jo hâlde it hast net foar mooglik, Makkum as útgongspunt én foarbyld foar de kultuer – yn Fryslân, yn de wrâld.

As ik oan Makkum tink dan sjit my yn ’t sin hoe’t de keatsers Rinny Kuiper en Albert Rinia op de PC keatsten, hoe’t myn styfbeppe oer har berteplak Makkum prate, en oer har buorman Ds. Willem Banning, in fernijer pur sang en bygelyks meioprjochter fan de PvdA. Ek de man dy’t it inisjatyf naam foar de Woodbrookersorganisaasje.

Mar dat hie mei Makkum neat mear te krijen – wol mei nasjonale en ynternasjonale kulturele ûntwikkelingen. Der bestiet ferskil tusken in keatspartij en in sesje oer keunst sa’t ik ea op it Woodbrookershûs yn Bentveld meimakke haw (yn it âlde hûs fan de dichteres Henriëtte Roland Holst van der Schalk).

De Deputearre sei oangeande Makkum û.o.: ‘De iene ergeret it as keunst te heechdravend is, in oare wurdt lulk as kultuer neffens him net mear is as in feredeld doarpsfeest.’

Dizze mefrou is noch mar amper in healjier Deputearre fan Kultuer, hat oant no ta in GJ-priis útrikt (mei in hast neatsizzende rede), mar wit al dat se ‘noch nea safolle kift meimakke hat as yn dy portefeuille.’ Se skrok, yn Makkum bestiet gjin kift …

 

Gjin Guggenheim, mar in mânske priis. Namme: ‘Ljouwerter Mata Hari-priis foar literatuer’.

 

Elitêre en folkskultuer
Even letter konstatearret de Deputearre dat it ferskil tusken ‘elitêre en folkskultuer’ de lju út elkoar spilet. Letterlik: ‘Us partij (CDA, JdH) en iksels miskien ek, meitsje ús soms skuldich troch ferskil te setten tusken hege en lege kultuer.’ Mei oare wurden, neffens dizze Deputearre (ynklusyf it CDA) bestiet der gjin keunst, want alles is lykskeakele, omdat der gjin ferskil is tusken heech en leech, tusken elitêr en folksaardich.

Ik heuch my noch dat har partijgenoat Eelco Brinkman, minister fan kultuer destiids, de P.C.Hooftpriis (heechste literêre priis) net takenne woe oan Hugo Brandt Corstius (omdat hy beweard hie dat Brinkman by definysje in kulturele nitwit wie as CDA-er). De literêre histoarje leart dat kultuer en CDA faak botse – sjoch de skriuwers Reve, Hermans en Riemersma. Lizze hjir de loopgraven fan Poepjes, is se bang foar Keunst dêr’t se as foarbyld de Révolúsje yn België neamt yn de foarm fan in opera?

Yn har lunslêzing pleitet dizze mefrou wat kultuer en Frysk oanbelanget foar diplomasy en net foar tsjettelmuzyk. Op dat gebiet hat se al in fout makke. Nee, net it sjitte litten fan Omrop Fryslân, mar oangeande it Frysk praten troch in UWV-klant. It hie diplomatiker moatten. Ek de rol fan it Frysk by it KH18-barren moat diplomatyk oanpakt wurde – gjin gespierde taal sa’t se sels brûkte by de UWV. Se wûn, mar yn feite ferlear se.

Ik tink dat it organisearjen fan de Gysbertbetinking yn maaie al in foarbyld is fan dy nije oanpak: gjin gelearde heechkulturele sprekkers, gjin elitêre skriuwers, mar wol ús allochtoane knuffelskriuwer en ekskúsmarokkaan Abdelkader Benali, as soe dy in idee hawwe fan de âlde en de moderne Gysbert Japicx.

Ik haw de yndruk dat Sietske Poepjes en har CDA de KH18 stadich de rjochting útstjoere wolle nei in posysje tusken de folkskultuer en de elitêre kultuer, sadat de lju net út elkoar dreaun wurde, mar genietsje kinne fan egalitêre kultuer. Europa in foarbyld jaan dat elke radikale Keunst yn Fryslân opgongen is yn de ‘iepen mienskip’. It nije boek fan Huub Mous oer it Fryske Modernisme yn de sixties stiet hjir heaks op – is tink ik foar Poepjes te elitêr, want skriuwt allinne oer de Hege kultuer – mar is it wol wurdich en set it oer yn it Ingelsk, sadat Europa sjen kin dat Fryslân yn dy jierren aardich meidraaide yn de wrâld.

De Basken hawwe neat lykskeakele en ik soe de achte Deputearre oanriede wolle in pear saken yn ferbân mei KH18 lykas de Basken yn Irun op tou te setten foar de skriuwers yn Europa (heech en leech) – skriuwers lizze op papier de wrâld del sa’t dy him foardocht op ûnderskate wizen.

In literêre priisfraach foar proaza, poëzy en essay is hjir in must. Elke taal yn Europa kin meidwaan (in oersetting yn it Ingelsk moat oanlevere wurde). Jo soene in priis fan €50.000 foar elk sjenre beskikber stelle kinne. Dat is net elitêr, want Irun yn Baskelân docht it ek, sûnder elitêre opskerpperij.

Ljouwert is wol in priis wurdich, en kin him mei soks op de Europeeske kaart sette. Gjin Guggenheim, mar in mânske priis. Namme: ‘Ljouwerter Mata Hari-priis foar literatuer’.

Comments
Ien reaksje oan “Premios literarios kutxa Ciudad de Irun”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.