Wat makket it út oft it Frysk útstjert?

Publisearre op 11 oktober 2013

HENK WOLF – 

Is it slim as in taal útstjert? Nee, fansels net. Spitich miskien, sa’t it spitich is dat der gjin dinosaurussen oer binne, mar net ien by syn rjocht ferstân leit der wekker fan dat de dinosaurus wei is.

It is wol slim as talen lijerich wurde. Dat is in foarstadium fan útstjerren en dat stadium kin heel lang duorje. Sokke lijerige talen wurde wol praat, mar minsken – sprekkers en net-sprekkers – dogge der dingen mei dy’t se net dogge mei fitale talen. En dy dingen binne wol slim.

Wat betsjut dat no allegear? Lit ús begjinne mei de sprekkers fan in lijerige taal. As in taal syn fitaliteit kwyt is, dan kin dat betsjutte dat de sprekkers dy taal net mear maklik prate. Se komme heeltyd wurden tekoart of twivelje oer wurdkar, wurdfolchoarder, útspraak, stavering, neam mar op. Dy twivel ûntstiet meast trochdat de sprekkers fan dy lijerige taal ek in net-lijerige taal behearskje, dy’t se folle faker prate, hearre, skriuwe of lêze. Foar dy sprekkers is it ferfelend dat se in belangryk kommunikaasjemiddel net goed brûke kinne. Foar sprekkers dy’t noch wol kompetint binne is it tryst om te fernimmen dat it linkendewei minder fanselssprekkend wurdt dat oaren harren taal – diel fan harren kultuer en ferfiermiddel fan harren gefoel – goed behearskje.

Net-sprekkers fan it Dútsk yn Dútslân bliuwe net sa lang net-sprekkers. Net-sprekkers fan it Sorbysk of Noard-Frysk yn Dútslân bliuwe oer it generaal altyd net-sprekkers. Lijerige talen wurde net sa faak oanleard. Komt in net-sprekker in sprekker tsjin, dan krijt er de lijerige taal net te hearren. In soad sprekkers fine nammentlik dat se de net-sprekker de lijerige taal net opkringe moatte. De net-sprekkers dogge dat dan ek net. En omdat se dat net hoege en faak net dogge, fine se it faak wer heel normaal dat de sprekkers harren ferbrekke en kieze foar in oare taal. Sa wurdt de lijerige taal stadichoan in groepstaaltsje foar ynwijden en hobbyisten.

It Nederlânsk is noch lang net útstoarn. Mar it wurdt al in bytsje lijerich. It is yn in perioade fan in pear jier fierhinne út it universitêr ûnderwiis ferballe. It is ferballe út de wittenskiplike tydskriften. Der strune yn de grutte stêden in soad studinten en heechoplate gastarbeiders om dy’t gjin Nederlânsk leare, om’t se dat fan de Nederlânskpraters net hoege. Sa wurdt it Nederlânsk heeltyd wat minder gewoan yn Nederlân. Yn guon Nederlânske stêden is it al gewoan dat obers en winkellju gjin Nederlânsk fersteane en – mei sukses – freegje om yn it Ingelsk oansprutsen te wurden.

It Frysk is noch in bytsje lijeriger. Fryskpraters fiele har gauris kompetinter yn it Nederlânsk as yn it Frysk, alheel op skrift. Oeral binne net-sprekkers dy’t derfan útgeane dat se gjin Frysk hoege te learen, ek al soenen se dat miskien bêst wolle.

Lit stjerre wat stjerre moat. Dea is dea, dat is net slim, want as de taal dea is, binne de minsken dy’t him echt misse soenen dat ek. Wol slim is dat ús talen tsjirmerkes wurde. Set se net yn in rolstoel, mar jou se it medisyn fan goede sprekkers, bewuste sprekkers dy’t har net ferbrekke, fan entûsjaste learders. Meitsje se sûn mei de Moanne, Praat mar Frysk, trijetalige skoallen en Nederlânsktalige universiteiten.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels